Springe nei ynhâld

Kostroma (oblast)

Ut Wikipedy
Kostroma oblast

Костромская область

flagge wapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
Federaal DistriktSintraal
Ekonomyske RegioSintraal
haadplakKostroma
grutste plakKostroma
taalRussysk
sifers
ynwennertal620.776 (2022)
oerflak60.211 km²
befolkingstichtens10 ynw. / km²
Etnyske groepenRussen (95,6 %)
Oekraïners (1,1%)
stân 2002
oar
stifting13 augustus 1944
tiidsôneUTC +3
koördinaten57° 45' N 40° 55' E
websidewww.region.kostroma.net

De Oblast Kostroma (Russysk: Костромская область; Kostromskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan Ruslân.

Troch it súdwestlike diel fan de oblast streamt de Wolga. It klimaat is tuskenbeiden en likernôch 73% bestiet út bosk.

De ekonomy bestiet fral út houtferwurking, tekstylyndustry en it ferwurkjen fan itensguod. Dêrnjonken foarmet toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.

De regio is al foar it kristenjen bewenne. Oant slavyske stammen tusken de 9e en 12e iuw it lân ynnamen, bewennen finsk-ûgryske folken it gebiet. Stadichoan rekke it gebiet ûnder it bewâld fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal en sûnt de Mongoalske oerhearsking yn de 14e iuw ferdwûn hearde it gebiet by it Grutfoarstedom Moskou.

Under Peter de Grutte waard it gebiet yn 1708 in provinsje fan it gûvernemint Moskou. Yn 1787 ûntstie it gûvernemint Kostroma, dat oant yn de Sovjet-tiid bestean bleau. Op 14 oktober 1929 waard it ûnderdiel fan de yndustry-oblast Ivanovo (Ivanovskaja Promyschlennaja oblast), wêryn't it ynearsten noch oant yn 1930 in okrûg wie.

Op 13 augustus 1944 waard út dielen fan de yn de jierren 1930 stifte oblasten Jaroslavl, Ivanovo, Gorki en Vologda lang om let de oblast Kostroma stifte.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier19261939195919701979198920022021
Befolking1.081.0001.077.000921.000871.000804.000809.000736.600628.400

Bestjoersyndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Kostroma is te ferdielen yn 24 rajons en 6 stedsdistrikten. De iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners is it bestjoerssintrum fan de oblast, Kostroma. Meiïnoer hat de oblast 12 stêden en 7 plakken mei in stedsk karakter.

Name Russyske namme Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal [1] Wapen Lokaasje
BûiБуйBûi (stedsdistrikt)22.96058° 29' N 41° 31' E
GalitsjГаличGalitsj (stedsdistrikt)16 62958° 23' N 41° 21' E
KadyКадыйKadyjski rajon3.33257° 46' N 43° 11' E
KologrivКологривKologrivski rajon2.70658° 49' N 44° 18' E
KostromaКостромаKostroma (stedsdistrikt)277.02157° 46' N 40° 56' E
Krasnoje oan de WolgaКрасное-на-ВолгеKrasnoselski rajon (Kostroma)8.193 57° 31' N 41° 00' E
MakarjevМакарьевMakarjevski rajon6.26657° 53' N 43° 48' E
MantûrovoМантуровоMantûrowo (stedsdistrikt)14.74758° 20' N 44° 46' E
NejaНеяNejski rajon8.47458° 17' N 43° 52' E
NerechtaНерехтаNerechtski rajon20.63557° 27' N 40° 35' E
PonazyrewoПоназыревоPonazyrevski rajon4.239 58° 21' N 46° 18' E
SjarjaШарьяSjarja (stedsdistrikt)23.22258° 22' N 45° 30' E
SoligalitschСолигаличSoligalitsjski5.91259° 05' N 42° 17' E
SûdislavlСудиславльSûdislavski rajon4.58357° 53' N 41° 42' E
SûsaninoСусаниноSûsaninski rajon3.033 58° 08' N 41° 35' E
Tsjistyje BoryЧистые БорыBûiski rajon9.489 58° 29' N 41° 32' E|-
TsjûchlomaЧухломаTsjûchlomski rajon4.90658° 45' N 42° 42' E
VetlûzjskiВетлужскийScharja (stedsdistrikt)11.671 58° 44' N 45° 23' E
VolgoretsjenskВолгореченскVolgoretsjensk (stedsdistrikt)16. 11157° 26' N 41° 10' E

Eardere stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende plakken fan de tsjintwurdige oblast Kostroma hiene eartiids stedsrjochten:

Namme
(heutiger)
Russysk Rajon/stedsdistrikt (tsjintwurdich) Lokaasje fan oant opmerking
KadyКадыйKadyjski rajon57° 46' N 43° 11' E17781924tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel)
ParvenjevoПарфеньевоParfenjevski rajon57° 26' N 41° 10' E17081797tsjintwurdich doarp (selo); Namme as stêd Parfenjev (Парфеньев)
SûdislavlСудиславльSûdislavski rajon57° 52' N 41° 42' E17191925tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel)
UnzjaУнжаMakarjevski rajon58° 1' N 44° 0' E17081924tsjintwurdich doarp (selo)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Kostroma

  1. Neamde ynwennertallen binne fan 2021 en ôfkomstich fan de Russysktalige wikipedyside fan it plak; sjoch dêr foar boarnen

Dielgebieten fan Ruslân
RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje