Tver (oblast)

Ut Wikipedy
Tver oblast

Тверская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sintraal Federaal Distrikt
ekonomyske regio Sintrale Ekonomyske Regio
haadplak Tver (bestsjoerssintrum)
grutste plak Tver
taal Russysk
sifers
ynwennertal 1.230.190 (2022)
oerflak 84.201 km²
befolkingstichtens 14,61 ynw. / km²
Etnyske groepen Russen (92,5 %)
Oekraïeners, Kareliërs
stân 2002
oar
stifting 1935
tiidsône UTC +3
koördinaten 57° 09' N 34° 37' E
webside www.region.tver.ru

De oblast Tver (Russysk: Тверская область, Tverskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. De haadstêd fan de oblast is Tver; oare grutte plakken binne Rzjev, Vysjni Volotsjok en Kimry.

De oblast leit yn it Russyske Leechlân en omfiemet ek heuvels fan de Waldajhichte. It gebiet is ryk oan marren (wêrûnder de Seligermar) en wurdt trochsnien troch de bopperin fan de Wolga. Likernôch 50% fan it oerflak bestiet út bosk.

De oblast wurdt omklamme fan de oblasten (mei de klok mei fanút it easten nei it suden) Pskov, Novgorod, Vologda, Jaroslavl, Moskou en Smolensk.

De foar it lân wichtige ferkearsferbinings Moskou-Sint-Petersburch en Moskou-Riga trochsnije de oblast.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 novimber 1775 waard de 'namestnitsjestvo Tver' stifte, dy't op 12 desimber 1796 feroare waard nei it gûvernemint Tver. It gûvernemint bestie yn it Russyske Ryk oant 1917 en dêrnei oant 30 augustus 1929 as ûnderdiel fan de Russyske SFSR. Yn dat lêstneamde jier waard it gûvernemint opheft en ferdield oer Moskou en Smolensk, wylst de stêd Tver yn 1931 ferneamd waard nei de bolsjewyk Michail Kalinin en de namme Kalinin krige. It âlde gûvernemint Tver waard op 29 jannewaris 1935 wer op 'e nij stifte as oblast Kalinin.

Yn 1990 krige de stêd syn âlde namme Tver werom en de namme fan de oblast waard mei feroare yn Tver.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2020 2022
Befolking 2.666.000 2.487.000 1.805.000 1.717.000 1.649.000 1.670.000 1.471.500 1.253.389 1.230.190

Bestjoerlike yndieling en stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast hat sân stedsdistrikten en 36 rajon's. De fiif grutte stêden foarmje mei de twa lytsere sletten stêden (ZATO) stedsdistrikten. De lytsere plakken foarmje mei oare plakken rajon's.

De oblast hat 23 stêden en 28 plakken mei in stedsk karakter.

Yn ûndersteande tabel steane de stêden en stedske delsettings fan de oblast mei it rajon dêr't it plak ûnder falt. [1].

Stêd Russysk Bestjoersienheid Ynwenners Wappen Lokaasje
Andreapol Андреаполь Andreapol 6.703 56° 39' N 32° 16' E
Beli Белый Beli 3.057 55° 50' N 32° 56' E
Beli Gorodok Белый Городок Kimry 1.842   56° 57' N 37° 31' E
Bezjetsk Бежецк Bezjetsk 20.097 57° 47' N 36° 42' E
Bologoje Бологое Bologoje 20.178 56° 57' N 34° 04' E
Firovo Фирово Firovo 1.849   56° 29' N 33° 42' E
Izoplit Изоплит Konakovo 1.559   56° 37' N 36° 12' E.
Kalasjnikovo Калашниково Lichoslavl 4.345   57° 16' N 35° 13' E
Kaljazin Калязин Kaljazin 12.294 57° 16' N 37° 51' E
Kasjin Кашин Kasjin 13.576 57° 21' N 37° 37' E
Kesova Gora Кесова Гора Kesova Gora 3.638 57° 35' N 37° 17' E
Kimry Кимры stedsdistrikt 42.301 57° 52' N 37° 21' E
Konakovo Конаково Konakovo 35.407 56° 42' N 36° 46' E
Kozlovo Козлово Konakovo 3360   56° 30' N 36° 16' E
Krasnomajski Красномайский Vysjni Volotsjok 4.636 (2018)   57° 36' N 34° 24' E
Krasny Cholm Красный Холм Krasny Cholm 4.950 58° 3' N 37° 1' E
Kûszjenkino Куженкино Bologoje 2.247   57° 43' N 33° 58' E
Kûsjinovo Кувшиново Kûsjinovo 8.853 57° 2' N 34° 10' E
Lichoslavl Лихославль Lichoslavl 11.285 57° 7' N 35° 28' E
Maksaticha Максатиха Maksaticha 7.277   57° 47' N 35° 53' E
Molokovo Молоково Molokovo 1.743   58° 10' N 36° 46' E
Nelidovo Нелидово Nelidovo 17.639 56° 13' N 32° 47' E
Novozavidovski Новозавидовский Konakovo 6.202   56° 33' N 36° 58' E
Olenino Оленино Olenino 4.526   56° 12' N 33° 28' E
Orsja Орша Kalininski 2.067   56° 54' N 36° 13' E
Osjorny Озёрный Stedsdistrikt
(sletten stêd)
10.758 57° 51' N 33° 40' E
Ostasjkov Осташков Ostasjkov 15.187 57° 09' N 33° 06' E
Peno Пено Peno 3.354   57° 51' N 33° 40' E
Radtsjenko Радченко Konakovo 1.317   57° 51' N 33° 40' E
Ramesjki Рамешки Ramesjkovski 3.983   57° 20' N 36° 02' E
Redkino Редкино Konakovo 10.612   57° 20' N 36° 02' E
Rzjev Ржев Stedsdistrikt 56.399 56° 15' N 34° 19' E
Sandovo Сандово Sandovo 2.930   58° 27' N 36° 24' E
Selizjarovo Селижарово Selizjarovo 5.538   56° 51' N 32° 15' E
Solnetsjny Солнечный Stedsdistrikt
(sletten stêd)
2.021 56° 51' N 32° 15' E
Sonkovo Сонково Sonkovo 3.555   56° 51' N 32° 15' E
Spirovo Спирово Spirovski 5.739   56° 25' N 34° 59' E
Staraja Toropa Старая Торопа Zapadnaja Dvina 1.535   56° 16' N 31° 40' E
Staritsa Старица Staritsa 7.222 56° 31' N 34° 56' E
Sûbtjov Зубцов Sûbtjov 6.084 56° 10' N 34° 35' E
Sûchoverkovo Суховерково Kalininski 603   56° 37' N 35° 33' E
Toropets Торопец Toropets 11.527 56° 37' N 31° 38' E
Torzjok Торжок Stedsdistrikt 43.614 56° 02' N 34° 58' E
Tver* Тверь Stedsdistrikt 424.912 56° 51' N 35° 55' E
Udomlja Удомля Udomlja 26.726 57° 53' N 35° 1' E
Vasiljevski Moch Васильевский Мох Kalininski 2.140   57° 00' N 35° 55' E
Velikooktjabrski Великооктябрьский Firovo 1.794   57° 00' N 35° 55' E
Vesjegonsk Весьегонск Wessjegonsk 5.846 58° 39' N 37° 16' E
Vysjni Volotsjok Вышний Волочёк Stedsdistrikt 44.722 57° 35' N 34° 34' E
Zapadnaja Dvina Западная Двина Zapadnaja Dvina 7.608   56° 16' N 32° 05' E
Zjarkovski Жарковский Zjarkovski 2.873   55° 50' N 32° 15' E

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tekstylfabriken foarmen eartiids ien fan de wichtichste wurkjouwers yn it gebiet. Tsjintwurdich binne fral de lânbou en de metaalferwurking grutte wurkjouwers. Dêrnjonken is ien fan de grutste ûndernimmings de fabryk yn Tver dêr't treinen makke wurde. Yn de stêd Konakovo is in grutte wetterkrêftsintrale, dy't net allinne de stroom fan Tver mar ek fan Moskou foar in part fersoarget. Tradysjoneel is de gemy goed fertsjintwurdige yn Tver.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De ynwennertallen binne ôfkomstich fan de Russysktalige wikipedy (oproppen 10 juny 2022) en fan 2021 en oars fan it jiertal dat neamd wurdt by it ynwennertal

 
Dielgebieten fan Ruslân

Flagge fan Ruslân

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne