Springe nei ynhâld

Koergan (oblast)

Ut Wikipedy
Koergan oblast

Курганская область

flagge wapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktOeral
ekonomyske regioOeral
haadplakKoergan
grutste plakKoergan
taalRussysk
Etnyske groepenRussen (92,5%), Tataren (1,9%),
Basjkieren (1,4%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal805.510 (2022)
oerflak71.488 km²
befolkingstichtens11,27 ynw./km²
oar
stifting6 febrewaris 1943
tiidsôneUTC+5 (MSK+2))
koördinaten55° 34' N 64° 45' E
websidewww.admobl.kurgan.ru

De oblast Koergan (Russysk: Курганская область, transl.: Koerganskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme, Koergan. Koergan is Russysk foar 'grêfheuvel' en hinget gear mei de Koergankultuer. Somtiden wurdt it gebiet ek oantsjut as de 'Transoeral' (Russysk: Зауралье; Zaoeralje).

Dalmatovo

De russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. De earste delsettings wiene Dalmatovo (1644), Kataisk (1655), Koergan en Sjadrinsk (1662). Dielen fan de oblast hearden op ferskate mominten by de gûverneminten Tobolsk, Perm en Orenburg. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny hearde it gebiet by de oblasten Oeral, Omsk en Tsjeljabinsk. Nei de Dútske oanfal op Ruslân yn 1941 waarden meiïnoar 16 grutte bedriuwen út it westen fan it lân nei it gebiet fan it takomstige oblast evakuëarre. De oblast Koergan waard op 6 febrewaris 1943 stifte.

De oblast waard op 30 oktober 1959 mei de 'Oarder fan Lenin' ûnderskieden.

De oblast leit yn it súdwesten fan it Sibearyske Leechlân. It gebiet hat de foarm fan in trijehoek en de haadstêd leit yn it sintrum dêrfan. Yn it suden grinzget de oblast oan Kazachstan, yn it westen oan de oblast Tsjeljabinsk, yn it noarden oan de oblast Sverdlovsk en yn it easten oan de oblast Tjûmen. Fan noard nei súd is de oblast 290 km lang en fan west nei east mear as 430 km. It lânskip wurdt oerhearske troch flakke steppen, dy't tsjintwurdich foar de lânbou brûkt wurde. Likernôch in fyfte diel bestiet út bosk. Yn de oblast lizze mear as 3000 marren en 400 rivieren. De grutste rivieren binne de Tobol en de Isset.

It gebiet hat in kontinintaal klimaat mei kâlde winters en waarme simmers. De trochsnit temperatueren binne yn jannewaris −18 °C en yn july +19 °C. De delslach is 400 mm yn 't jier; de tiid dat der wat groeit 160 oant 165 dagen.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast is ûnderferdield yn 24 rajon's en twa stedsdistrikten. De twa stedsdistrikten binne Koergan en de stêd Sjadrinsk. Meiïnoar hat de oblast njoggen steden en seis plakken mei in stedsk karakter.

Stêden en plakken mei in stedsk karakter
Stêd Russysk Rajon Ynwenners Wapen Lokaasje
DalmatovoДалматовоDalmatovski rajon11.938 (2021)56° 16' N 62° 55' E
JoergamysjЮргамышJoergamysjski rajon7.518 (2021 )55° 22' N 64° 28' E
KargapoljeКаргапольеKargapolski rajon8.005 (2021)55° 57' N 64° 26' E
KataiskКатайскKataiski rajon12.341 (2021)56° 18' N 62° 34' E
Krasny OktjabrКрасный ОктябрьKargapolski rajon4.230 (2021) 55° 38' N 64° 48' E
KoerganКурганStedsdistrikt304.727 (2022)55° 26' N 65° 20' E
KoertamysjКуртамышKoertamysjski rajon16.401 (2021)54° 54' N 64° 26' E
LebjazjeЛебяжьеLebjazjevski rajon5.425 (2021) 55° 16' N 66° 30' E
MakûsjinoМакушиноMakûsjinski rajon7.680 (2021) 55° 12' N 67° 15' E
MisjkinoМишкиноMisjkinski rajon7.392 (2021)55° 20' N 63° 55' E
PetûchovoПетуховоPetûchovski rajon9.916 (2021)55° 04' N 67° 53' E
SjadrinskШадринскStedsdistrikt74.400 (2021)56° 05' N 63° 38' E
SjtsjûtsjeЩучьеSjtsjûtsjanski rajon9.346 (2021)55° 13' N 62° 46' E
SjûmichaШумихаSjûmichinski rajon17.141 (2021)55° 14' N 68° 17' E
VargasjiВаргашиVargasjinski rajon9.080 (2021) 55° 22' N 65° 49' E

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier19261939195919701979198920022022
Ynwenners1.236.000976.000999.1701.085.5601.080.4591.103.6651.019.532805.510

It Transsibearyske Spoar ferbynt de oblast mei de ekonomyske sintra fan de Europeeske en Aziatyske dielen fan Ruslân. Troch de ûnôfhinklikheid fan Kazachstan leit de oblast lykwols mear oan it rânegebiet fan Ruslân as foarhinne. De wichtichste sektoaren binne de masjinebou (foar de lânbou, oanlis fan strjitten en gemy-yndustry), foedselferwurking en lânbou. Oars as yn de omlizzende gebieten hat de oblast gjin grutte oaljefoarrieden yn 'e grûn. Wol is de oblast ryk oan boumaterialen; yn it suden wurdt ek izererts fûn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tjumen


    Dielgebieten fan Ruslân
    RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
    KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
    OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
    Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
    Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
    Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
    N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
    · · Berjocht bewurkje