Springe nei ynhâld

Amoer (oblast)

Ut Wikipedy
Amoer oblast

Амурская область

flagge wapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktFiere Easten
ekonomyske regioFiere Easten
haadplakBlagovesjtsjensk
grutste plakBlagovesjtsjensk
taalRussysk
Etnyske groepenRussen 93,43%
Oekraïners 2%, Wyt-Russen 0,5%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal772.525 (2022)
oerflak361.908 km²
befolkingstichtens2,13 ynw./km²
oar
stifting2 augustus 1948
tiidsôneUTC+9
koördinaten53° 27' N 50° 27' E
websidewww.amurobl.ru

De oblast Amoer (Russysk: Амурская область; Amoerskaja oblast) is in oblast yn it Aziatyske diel fan de Russyske Federaasje.

De oblast leit yn it federaasjedistrikt Fernost oan de Sjneeske grins, dy't troch de rivier de Amoer ôfbeakene wurdt. Belangrike sydrivieren yn de oblast binne de Seja en de Bûreja. It Stanovoiberchtme foarmet de natuerlike grins mei de republyk Sacha.

De daam fan de Opslachmar fan Bureja

Yn de 17e iuw waard in begjin makke oan de kolonisaasje fan it gebiet troch Russen, mar dy sette fral yn de 19e iuw troch. De hjoeddeiske haadstêd Blagovesjtsjensk waard yn 1858 stifte. De tsjitnwurdige oblast waard op 20 oktober 1932 stifte as in ûnderdistrikt fan de Fier-eastlike kraj (sûnt 1938 kraj Chabarovsk). Sûnt 1948 is de oblast Amoer selsstannich.

Yn de boaiem wurde û.o. koal en goud fûn. De winning fan enerzjy, de metaalferwurking en de houtyndustry binne wichtige sektoaren yn de ekonomy fan de oblast.

De 'Gasferwurkingsfabryk Amoer' by de stêd Svobodny is yn syn soarte ien fan de grutste fan 'e wrâld.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Amoer is yn 20 rajon's en 9 stedsdielen ferdield. Haadstêd is Blagovesjtsjensk. Meiïnoar binne der 10 stêden en 15 plakken mei in stedsk karakter.

Blagovesjtsjensk
Grutste stêden Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
BlagovesjtsjenskБлаговещенск224.962 (2022)50° 15' N 127° 32' E
BelogorskБелогорск64.502 (2021)50° 55' N 128° 29' E
SvobodnyСвободный52.918 (2021)51° 23' N 128° 08' E
TyndaТында32.894 (2021)55° 09' N 124° 43' E
ZejaЗея22.714[ (2021)53° 44' N 127° 15' E
RaitsjichinskРайчихинск20.534 (2021)49° 48' N 129° 24' E

It ynwennertal fan de oblast rint al sûnt 1989 tebek. Neffens de sifers fan 2010 foarmje de Russen 93,43% fan de befolking. De iennige minderheid it neamen wurdich is de Oekraynske minderheid, mar harren oandiel yn de befolking is fan 3,49% yn 2002 nei 2% yn 2010 tebek rûn.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier185818701897192619391945195919701980198920022022
Befolking2.95024.315120.306395.783448.259431.100717.514793.449954.0001.057.781902.844772.525
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Amur


    Dielgebieten fan Ruslân
    RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
    KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
    OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
    Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
    Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
    Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
    N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
    · · Berjocht bewurkje