Voronezj (oblast)

Ut Wikipedy
Voronezj oblast

Воронежская Область

Map of Russia - Voronezh Oblast.svg
flagge wapen
Flag of Voronezh Oblast.svg Coat of arms of Voronezh Oblast.svg
sifers
soarte gebiet Oblast
ynwennertal 2.287.678 (2022)
oerflak 52.216 km²
befolkingstichtens 43,8 ynw. / km²
polityk
lân Flag of Russia.svg Ruslân
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal-Tsjernozjom
haadplak Voronezj
grutste plak Voronezj
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (95,5 %), Oekraïners (1,9 %)
(stân: 2020)
oar
stifting 13 juny 1934
tiidsône UTC +3
koördinaten 50° 51' N 40° 07' E
webside govvrn.ru

De oblast Voronezj (Russysk: Воронежская Область/ Voronezjkaja Oblast) is in yn 1934 stifte oblast yn it súdwêst fan Ruslân. Haadstêd is Voronezj. De oblast leit likernôch 500 oant 600 km fan Moskou en grinzget oan de oblasten Belgorod, Koersk, Lipetsk, Tambov, Saratov, Volgorod en Rostov en yn it súdwêsten oan Oekraïne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan de oblast wurdt sûnt it paleolitikum bewenne troch minsken, lykas as Skyten, Petsjenegen of Khazaren. Sûnt 1240 stie it gebiet ûnder ynfloed fan de Gouden Horde. Nei de delgong fan de Horde foel it gebiet yn in splintersteat fan de Goude Horde, it Krim-kanaat, dat tegearre mei de Nogai Horde oer grutte dielen fan de steppen hearske en regelmjittich Ruslân binenfoel, wêrby't in soad Russen ta slaaf makke waarden. Nei't de Krim-Tataren stadichoan werom dreaun waarden en it Grutfoarstedom Moskou yn de 16e iuw jimmeroan útwreide, waard it gebiet ûnderdiel fan it Russyske tsaardom, dat ynearsten hjir grinsforten boude tsjin de KrimTataren.

Voronezj

Fan 1708 oant 1725 hearde it gebiet by it gûvernemint Azov. Yn 1711 waard Voronezj haadstêd fan dat gûvernemint, dat yn 1725 omdoopt waard ta it 'gûvernemint Voronezj'. Mei it oanlizzen fan it spoar tusken 1860 oant 1870 fûn de yndustrialisaasje plak. Op 14 maaie 1928 gyng it gûvernemint Voronezj op yn it nije oblast 'Sintrale Swarte Ierde'. Dy bestjoerlike ienheid waard op 13 juny 1934 wer opheft en in part dêrfan waard de oblast Voronezj mei de hjoeddeiske grinzen.

Yn 1942 waard yn de Twadde Wrâldkriich in diel fan de oblast oermastere troch de Dútsers. It front rûn lâns de rivier de Voronezj, mar nei in fûle striid waard de oblast yn 1943 befrijd.

De oblast hie yn 'e simmer fan 2010 slim te lijen fan boskbrannen troch de abnormale hege timperaturen.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de oblast wurdt koper, nikkel, titanium en fosforyt fûn. Dêrnjonken is de oblast fral yn de westlike en súdlike dielen ryk oan grûnstof foar boumaterialen, lykas sân, klaai, kryt, granyt, semintgrûnstoffen, oker, kalkstien en sânstien.

De yndustry soarget foar in fearn fan it regionale BNP en jout wurk oan 22% fan de beropsbefolking. De wichtichste sektoaren binne de fleantúchbou en gemyske - en foedselferwurkjende yndustry. De tige fruchtbere swarte ierde fan de oblast makket yntinsive lânbou mooglik. De oblast hat krapoan 3.800.000 hektare foar de lânbou, wêrfan 2.900.000 hektare ikkerbou foar sinneblommen, nôt en sûkerbiten. Dêrnjonken is der fruitproduksje en wurdt der fee holden.

Fanwegen de geografyske posysje foarmet de oblast in wichtich transport- en logistyk knooppunt yn it suden fan Sintraal Ruslân.

It toerisme wurdt jimmeroan belangriker yn de oblast. Der binne sân histoaryske stêden: Bobrov, Bochûtsjar, Borisoglebsk, Voronezj, Novokhopjorsk, Ostrogo en Pavlovsk en it gebiet is 2700 kultureel-histoaryske monuminten, 20 musea en 3 natoerreservaten ryk.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Don yn de oblast Voronezj

Voronezj leit yn it sintrum fan de East-Europeeske Laachflakte, noardlik fan it Don-bekken. Yn it wêst leit it Sintraal-Russyske Plato en yn it easten de Oka-Don-flakte en de hichte fan Kalatsj. It noardlike diel fan de oblast leit yn de bosk- en steppesône, it súdlike diel yn de steppesone mei oerhearskjend swarte ierde.

De oblast is 738 marren ryk en der streame 1343 rivieren en beken fan mear as 10 kilomter lang. De belangrykste rivier is de Don, dy't fan it noarden nei it suden troch de oblast streamt. De twadde rivier is de Voronezj. Likernôch 10% fan it aréaal is dutsen mei wâlden, fral leafbosken.

Bestjoer en grutste stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast is te ferdielen yn 31 rajons en de trije stedsdistrikten Voronezj, Borisoglebsk en Novovoronezj. Likernôch 64% fan de befolking wennet yn de 15 stêden en 17 plakken mei in steds karakter; de rest op doarpen en it plattelân.

Grutte stêden
Stêd Namme Wapen Ynwenners (2020) Lokaasje
Voronezj Воронеж Coat of arms of voronezh.svg 1.048.738 51° 40' N 39° 12' E
Borisoglebsk Борисоглебск Coat of Arms of Borisoglebsk (Voronezh oblast).png 2.287.678 51° 22' N 42° 5' E
Rossosj Россошь Coat of Arms of Rossosh (Voronezh oblast).png 62.625 50° 12' N 39° 35' E
Liski Лиски Coat of arms of Liski (1997).gif 53.504 50° 58' N 39° 29' E
Ostrogozjk Острогожск Coat of Arms of Ostrogozhsk (Voronezh oblast).png 31.829 50° 52' N 39° 04' E
Novovoronezj Нововоронеж Coat of Arms of Novovoronezh (Voronezh oblast).png 31.540 51° 19' N 39° 13' E

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 2.525.000 2.710.000 2.369.000 2.527.000 2.478.000 2.470.000 2.378.800 2.287.678

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Woronesch


 
Dielgebieten fan Ruslân

Flagge fan Ruslân

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne