Voronezj
| Voronezj Воронеж | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| oblast | ||
| Stedsyndieling | 6 distrikten | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1 046.425 (2024) | |
| Oerflak | 596 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.767,84 ynw./km² | |
| Hichte | 154 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1586 of folle earder | |
| Tiidsône | UTC+3:00 | |
| Koördinaten | 51° 40' N 39° 12' E | |
| Offisjele webside | ||
| Side fan de stêd | ||
| Kaart | ||
Voronezj (Russysk: Воронеж) is in stêd yn it súdwesten fan Ruslân en it bestjoerlike sintrum fan 'e oblast Voronezj. De stêd leit oan 'e Voronezj-rivier en likernôch tolve kilometer fan it plak ôf dêr't de Voronezj yn 'e Don rint. It ynwennertal is de lêste tiid foars tanommen en sûnt 17 desimber 2012 heart de stêd ta de miljoenestêden fan Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ut archeologyske fynsten hat it bliken dien dat de hjoeddeiske stêd al sûnt de stientiid bewenne wurdt. De namme Voronezj wurdt foar it earst yn 1177 neamd. Yn it jier 1237 waard de delsetting troch de ynfal fan Mongoalen ferneatige.
Yn it jier 1586 waard op it tsjintwurdige stedsgebiet in houten fêsting (ostrog) oanlein om it plak te beskermjen tsjin de jimmeroan ynfallende Krim-Tataren. Nei't de fêsting yn 1590 ôfbaarnde waard yn 1594 in nije en gruttere fêsting oanlein, dy't ek yn de iuwen dêrnei bestean bliuwe soe.
Yn 'e midden fan 'e 17e iuw ferlear Voronezj it militêre belang foar de ferdigening fan it ryk om't de grins fan it tsaristyske Ruslân fierder nei it suden ferskode. Voronezj wie yn dy tiid al it grutste hannelssintrum fan it Russyske Swarte-Seegebiet. Mei de stifting fan in skipmakkerij yn 1696 troch Peter de Grutte waard yn Voronezj in begjin makke oan 'e opbou fan de Azov-float, dy't de oermastering fan Azov op 'e Ottomanen mooglik makke. Foar de stêd betsjutte de werf in útwreiding fan in grut tal nije fabriken.
De stêd hie tusken 1942 en 1943 slim te lijen fan 'e Dútske besetting. Likernôch 30.000 (fan 'e 350.000) ynwenners ferlearen yn dy tiid it libben of waarden ôffierd foar twangarbeid yn Dútslân. In tal wichtige monuminten, lykas de Nikolaastsjerke en it Potemkin-paleis út de 18e iuw, waarden rekonstruearre, mar in grut diel fan de weropbou fûn lykwols plak yn 'e styl fan it sosjalistyske klassisisme.
Voronezj is hjoed-de-dei in belangryk sintrum fan yndustry, wittenskip en kultuer. De befolking fan 'e stêd naam troch nije ynwenners, mar ek troch weryndieling, ta oant oer de miljoen; de agglomeraasje Voronezj telt lykwols mear as 1,3 miljoen minsken. De stêd is boppedat in studintestêd mei meardere hegeskoallen en sân universiteiten.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2014 | 2022 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Befolking | 80.599 | 326.932 | 447.164 | 660.182 | 782.950 | 886.844 | 848.752 | 889.680 | 1.014.600 | 1.048.738 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Voronezj binne noch in tal fan gebouwen it besjen wurdich, dy't it tiidrek fan 'e barok (gûverneurspaleis yn it sintrum) oant it klassisisme (noch in paleis fan de gûverneur en in gebou fan Giacomo Quarenghi) fertsjintwurdigje. It gebou fan Giacomo Quarenghi waard nei de Twadde Wrâldkriich útwreide, mar dêrby waard de styl net feroare. Oeral yn 'e stêd binne gebouwen út ferskate boutiden te finen, lykas de stalinistyske teäters en bestjoersgebouwen fan it Spoar of it histoarisme en de Jugendstil by it Bristol-hotel út de iere 20e-iuw.
Alhoewol't der monumintale tsjerken yn 'e tiid fan it kommunisme waarden sloopt, binne der noch in rige fan tsjerken yn 'e typyske Russsyke styl it besjen wurdich, lykas de Untsliepenistsjerke en twa bekende otterdokse kleasters, wêrûnder in grottekleaster. Yn 'e jierren 1980 waard in poppeteäter stifte, wêrfan't it gebou ûntwurpen en útfierd waard troch Litouske keunstners.
Yn in grut iepenloftmuseum binne boppedat opgravings fan in delsetting fan 'e Alanen te sjen. Om Voronezj hinne binne in soad resten fan 'e Koergankultuer te sjen en oare ynteressante archeologyske objekten.
- Ofbylden
- Lenin-plein.
- Bristol-hotel.
- It stalinistyske ûntwerp fan it Spoar.
- Monumint foar Peter de Grutte.
- Panorama.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
