Springe nei ynhâld

Ferkundigingskatedraal (Voronezj)

Ut Wikipedy
Ferkundigingskatedraal
Благовещенский собор
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Voronezj
plak Voronezj
adres Revoljûtsi Prospekt
koördinaten 51° 40' N 39° 12' E
Arsjitektuer
arsjitekt Vladimir Petrovitsj Sjevelev
boujier 1998-2009
boustyl Russysk-byzantynske arsjitektuer
Webside
sobor-vrn.ru
Kaart
Ferkundigingskatedraal (Jeropeesk Ruslân)
Ferkundigingskatedraal

De Ferkundigingskatedraal (Russysk: Благовещенский собор, Blagovesjtsjenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Voronezj, Ruslân. De katedraal is fan 1998 oant 2009 yn Russysk-byzantynske styl boud en heart ta de grutste otterdokse tsjerken fan it lân.

Skiednis âlde Ferkundigingskatedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1620 stiet der al in houten Ferkundigingstsjerke yn Voronezj, guon ûndersikers geane lykwols út fan it jiertal 1586, doe't de stêd stifte waard. Yn 1682 waard it bisdom Voronezj stifte en de earste biskop fan it bisdom, de yn 1832 troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke hillich ferklearre Mitrofan, woe in stiennen katedraal bouwe litte. Fanwegen brek oan jild moast de bou útsteld wurde en liet de biskop de âlde katedraal renovearje, mar mei stipe fan patriarch Joachim (1620-1690) slagge it de biskop om yn 1684 dochs mei de bou útein te setten. Yn 1692 koe de katedraal ynwijd wurde. De biskop ferstoar yn 1703 en waard yn 'e tsjerke begroeven. Al gaueftich nei de dea fan Mitrofan waard de tsjerke al brekfallich troch fersakking en moast der nijbou plakfine yn 'e jierren 1718-1735. De bou fan in 74,5 meter hege klokketoer folge yn 1828. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de katedraal as ûnderdiel fan it Mitrofanov-kleaster ferskate kearen ferboud en fergrutte.

De âlde katedraal.

Nei de oktoberrevolúsje waard de katedraal yn 1922 oerdroegen oan 'e Libbene Tsjerke en op 20 augustus 1929 foar alle tsjinsten sletten, nei't de reliken fan Mitrofan yn beslach nommen waarden en ferhûzen nei it regionale museum fan 'e stêd. Dy sluting waard troch de bolsjewiken fierd mei in muzykfestival op it plein fan 'e katedraal troch alle orkesten fan 'e stêd revolúsjonêre muzyk spylje te litten.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de katedraal foar in grut part by gefjochten tusken de Dútske besetter en Sovjet-troepen fernield, wêrtroch de katedraal yn in ruïne feroare. Nei de oarloch fûn yn 'e jierren 1950 de ôfbraak plak. Tsjintwurdich stiet op it plak fan 'e âlde Ferkundigingskatedraal it haadgebou fan 'e Universiteit fan Voronezj. Sûnt 1948 ferfong de net sa grutte Foarbeatsjerke jierrenlang de Ferkundigingskatedraal as katedraal fan it bisdom.

De hjoeddeiske katedraal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e jierren 1990 waard it jimmeroan needsaakliker om in nije en gruttere katedraal te bouwen. It ûntwerp foar de nijbou waard levere troch de arsjitekt Vladimir Petrovitsj Sjevelev. It oansjen fan 'e katedraal hat wat fan de yn 'e jierren 1930 ferneatige Vladimir-katedraal fan Voronezj, dy't eartiids troch ien fan de learlingen fan 'e ferneamde arsjitekt Konstantin Thon boud wie.

De katedraal hat in hichte fan 85 meter en it heechste punt is 97 meter. It wie by de foltôging de op twa nei grutste otterdokse tsjerke fan it lân en ien fan 'e heechste otterdokse tsjerken fan de wrâld. De bou fûn plak fan 1998 oant 2009.

It lizzen fan 'e earste stien fûn plak op 28 augustus 1998 op 'e dei dat de himelfeart fan Marije troch de otterdokse tsjerken betocht wurdt. Op 15 novimber 1998 wijde patriarch Aleksi II by in besite oan 'e stêd de bougrûn.

De iepening fan de katedraal fûn plak op 6 desimber 2009. Yn it ramt dêrfan wiene der tagelyk grutte stedsfeesten, dêr't in soad minsken oan meidiene. In dei earder brocht in prosesje de reliken fan 'e hilligen Mitrofan fan Voronezj, Sint-Tichon en de hillige martler en aartsbiskop Pjotr (1878-1929) oer fan 'e âlde Foarbeakatedraal nei de nije Ferkundigingskatedraal. Op 18 septimber 2011 fersoarge de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân, Kyril, de grutte wijing fan de Ferkundigingskatedraal.

Yn 'e katedraal is plak foar 6.000 minsken. Sûnt 2003 stiet foar de katedraal in brûnzen monumint foar biskop Mitrofan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: