Don (rivier yn Ruslân)

Ut Wikipedy
Streamkrite fan de Don
De Don yn de oblast Voronezj

De Don (Russysk: Дон) is in 1.870 kilometer lange rivier yn it suden fan Europeesk Ruslân. De streamkrite beslacht 443.000 km². De langste sydrivieren binne de Severski Donets fan 1.053 km en de Chopor mei in lingte fan 979 km.

De Don ûntspringt yn de oblast Tûla besuden Moskou. De rivier rint nei it suden en beskriuwt yn syn ûnderrin in wide eastlike bôge. Op dat plak de Don ticht by de Wolga, dêr't sy sûnt 1952 troch it Wolga-Donkanaal mei ferbûn is. Itselde jier waard de justjes súdliker Opslachmar Tsimljansk oanlein.

It lêste stik rivier rint yn súdwestlike rjochting. By de útmûning yn de Golf fan Taganrog (See fan Azov, Swarte See) leit in delta mei trije earms dy't befarber binne. Oan it begjin fan de delta leit de stêd Rostov oan de Don (Rostov na Donoe), teffens fierwei it grutste plak oan de Don.

De Don hat har namme jûn oan de Don-Kozakken, in grut en ferneamd kozakkefolk, dat har yn de 16e en 17e iuw oan de iggen fan de rivier festige.

Yn de âldheid hjitte de Don Tanais. De rivier waard destiids as de eastgrins fan Europa beskôge; no is dat it Oeralberchtme.