See fan Azov
See fan Azov
| |
Lokaasje | Oekraynsk grûngebiet, en eastlik Ruslân |
See | Swarte See |
Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
Oerflakte | 37.555 km |
Djipte (maks.) | 14 m |
Trochsneeddjipte | {{{trochsneeddjipte}}} m |
Trochsneeddjipte | 7-11 m |
Breedte | |
Maks. breedte | {{{breedtemaks}}} |
Maks. breedte | 180 km |
Lingte | 360 km |
Oer | |
![]() |
De See fan Azov (Russysk: Azovskoje more; Oekraynsk: Ozivs'ke of Azovs'ke more; Krimtataarsk: Azaq deñizi) is in part fan de Swarte See, dat oan de súdkant fan it oare part fan dy see skieden wurdt troch de Strjitte fan Kertsj. Yn it westen leit Krim, de noardkust is ek Oekraynsk gebiet, en de eastlike igge is Ruslân.
De rivier de Don mûnet yn de see yn it noardeasten fia de tige ûndjippe Golf fan Taganrog. By de delta fan de Don leit de stêd Azov, dêr't de see nei neamd is. Yn it súdeasten mûnet de Koeban yn de See fan Azov.
De See fan Azov is mei in trochsneed djipte fan 13 meter de meast ûndjippe see fan de wrâld. Ut reden dêrfan kin de wettertemperatuer simmerdeis oprinne nei 25 oant 30 °C, yn de winter friest er twa oant fjouwer moanne ticht. It sâltgehalte is trochsneed 11 ‰; yn it noarlik part mar 2 oant 4 ‰ troch de ynstream fan swiet wetter fan de Don.
Neist de fiskerij is it toerisme yn de kontrei fan ekonomysk belang. De see hat moaie, flakke sânstrannen.
De See fan Azov komt al op in Foenisyske wrâldkaart út de 7e iuw f.Kr. foar ûnder de namme "Meat".

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sea of Azov fan Wikimedia Commons. |