Springe nei ynhâld

Mordoovje

Ut Wikipedy
Republyk Mordoovje
Республика Мордовия (Russysk)
Мордовскяй Республикась (Moksja)
Мордовской Республикась (Erzja)
flagge wapen
polityk
soarte gebietoblast
lân Ruslân
federaal distriktWolga
ekonomyske regioWolga-Vjatka
haadplakSaransk
grutste plakSaransk
offisjele taalRussysk, Erzja en Moksja
etnyske groepenRussen 53,2 %
Mordwinen 39,9 %
Tataren 5,2 % (Stân 2010)
sifers
ynwennertal770.673 (2022)
oerflak26.128 km²
befolkingstichtens29,5 ynw./km²
oar
stifting7 desimber 1934
tiidsôneUTC+3, MSK
koördinaten54° 26' N 44° 27' E
websidewww.e-mordovia.ru

Mordoovje (Russysk: Республика Мордовия; Respûblika Mordovija; Erzja: Мордовия Республикась, Mordoviya Respublikas’; Moksja: Мордовия Республиксь, Mordoviya Respubliks’) is in autonome republyk fan de Russyske Federaasje.

De republyk leit yn it eastlike diel fan de Easteuropeeske flakte, likernôch tusken Moskou en de Wolga. It westlike diel leit op de Oka-Don-flakte, it sintrale en de eastlike dielen op it Wolga-heechlân. It heechste punt fan Mordoovje is 324 m.

Yn it noarden grinzget de republyk oan de oblast Niznji Novgorod, yn it noardeasten oan Tsjûvasje, yn it easten oan de oblast Uljanovsk, yn it suden oan de oblast Penza en yn it westen oan de oblast Rjazan.

De republyk hat 114 rivieren en likernôch 500 marren.

It oerflak fan Mordoovje is 26.128 km².

Tradisjonele dracht

Finsk-Oegryske folken bewennen it gebiet al yn de 6e iuw. Yn de iere midsiuwen stie it gebiet ûnder ynfloed fan de Wolga-Bulgaren en de Kiëvske Rûs'. Ek de Gouden Horde hat it gebiet oermastere. Nei't Ivan de Grousume it kanaat Kazan fersloech kaam ek Mordoovje ûnder Russysk bewâld. De boppelaach fan de Mordwinen namen als gau de Russyske kultuer en de otterdokse religy oer, mar de gewoane befolking hold noch lang fêst oan it oarspronklike sjamanisme en pas yn de 18e iuw folge it kristenjen fan it hiele folk.

Op 16 july 1928 waard Mordoovje in nasjonale okrûg fan de Russyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Op 30 jannewaris 1930 waard it in autonome oblast en op 20 desimber 1934 de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Mordoovje, dy't op 25 jannewaris 1994 opheft waard. Tsjintwurdich is Mordoovje in autonome republyk yn Ruslân.

Etnyske kaart fan Mordoovje (ljocht: Russen, pears: Mordwinen, grien: Tataren)

De Mordwinen binne twa Finsk-Oegryksk folken, de Erzja en de Moksja, dy't mear as oare minderheden yn Ruslân oan de assismilaasjedruk fan de Russen bleatsteane. By de folkstelling fan 2010 joech likernôch 40% fan de befolking as etnisiteit Mordwynsk op. De republyk hat twa offisjele talen Mordwynsk (dat eins de namme is fan in lytse taalkloft besteande út it Erzja en it Moksja) en Russysk. Yn it sintrum en westen fan de republyk wurdt fral it Moksja praat en yn it easten it Erzja.

De Mordwinen wenje fral op it plattelân, wylst de Russen fakentiden yn stêden wenje. Likernôch in tredde fan de Mordwinen wenje hjoed-de-dei yn 'harren' autonome republyk.

In gruttere minderheid yn de republyk wurdt foarme troch de Tataren, dy't mear as 5% fan de befolking fan Mordoovje útmeitsje en op in pear plakken fan de republyk konsintrearre by inoar wenje. Al sûnt de jierren 1970 nimt de befolking fan Mordoovje ôf.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Republyk Mordoovje is ferdield yn 22 rajon's en ien stedsdistrikt. Haadstêd is Saransk, dy't ek de iennige grutte stêd fan de republyk is. Meiïnoar binne der sân stêden en 13 plakken fan it stedske type.

Regearingsgebou fan Mordoovje (Saransk)
Saransk
Gruttere plakken
Stêd* / Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Saransk*Саранск317.681 (2022)54° 11' N 45° 11' E
Rûzajevka*Рузаевка44.291 (2020)54° 04' N 44° 57' E
Kovylkino*Ковылкино28.857 (2020)54° 02' N 43° 55' E
KomsomolskiКомсомольский12.897 (2020)
gjin
54° 27' N 45° 49' E
Zûbova PoljanaЗубова Поляна9.882 (2020)
gjin
54° 05' N 42° 49' E
Krasnoslobodsk*Краснослободск9.153 (2020)54° 26' N 43° 47' E

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier19391959197019791989200220102022
Ynwenners1.188.0041.000.1931.029.562989.509963.504888.766836.403770.763
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 13 augustus 2022

    Dielgebieten fan Ruslân
    RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje Oedmoersje Sacha Tatarstan Tsjetsjeenje TsjûvasjeTûva
    KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
    OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
    Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
    Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
    Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
    N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
    · · Berjocht bewurkje