Springe nei ynhâld

Saransk

Ut Wikipedy
Saransk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Mordoovje
Sifers
Ynwennertal 317.681 (2022)
Oerflak 81,47 km²
Befolkingstichtens 3.899 ynw./km²
Hichte 160 m boppe seenivo (sintrum)
Oar
Stifting 1641
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 54° 11' N 45° 11' E
Webside www.adm-saransk.ru

Saransk (Russysk: Саранск Saransk; Moksja: Саранош Saranosj; Erzja: Саран ош Saran osj) is de haadstêd fan de Russyske autonome republyk Mordoovje. De stêd leit yn Europeesk Ruslân yn it streamgebiet fan de Wolga oan it gearrinnen fan de Saranka mei de Insar, himelsbreed op 500 kilometer eastlik fan Moskou.

Saransk wie yn 2018 ien fan de 11 stêden yn Ruslân wêr't yn it ramt fan de FIFA World Cup wedstriden holden waarden.

By de stêd lizze de lofthaven Saransk en de loftmachtbasis Ljambir.

De stêd waard yn 1641 stifte om as fort de súdeastlike grins fan Ruslân te befeiligjen. Yn de 18e iuw ferlear it fort syn militêre betsjutting en Saransk waard in hannels- en yndustrystêd.

It earste stasjon fan Saransk yn 1893

Yn 1893 krige de stêd in stasjon oan it spoar fan Moskou oer Sasavo nei Kazan. Saransk wie oan it begjin fan de 20e iuw ien fan de earste sintra fan de revolúsjonêre beweging yn de Wolga-regio.

Yn de jierren 1970-1970 waard de binnenstêd troch Sovjet-planologen op 'e nij ynrjochte, werby't brede strjitten en grutte wengebouwen oanlein waarden.

De net goede tarieding fan ûndernimmingen by de oergong nei in merk-ekonomy nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny, feroarsake yn de jierren 1990 in grutte tebekslach fan de sosjaal-ekonomyske ûtwikkeling fan de stêd. In soad minsken krigen dien, leanen waarden te let út betelle en it tal minsken sûnder wurk naam ta. Yn de iere jierren 2000 ferbettere de sitewaasje yn Ruslân en ek Saransk profitearre dêr ek fan. De ynfrastruktuer waard ferbettere, nije wenwiken, tal fan fasiliteiten en in nije arena waarden boud.

Saransk is in wichtige yndustrystêd mei masine- en wagonbou, metaallurgy en boustof- en itensyndystry. Yn de stêd binne ferskillende ûndersykynstituten, hegeskoallen en der is in universiteit.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2022
Ynwenners 14.584 15.431 41.146 91.034 190.575 263.337 312.128 304.866 297.415 317.681
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saransk fan Wikimedia Commons.