Springe nei ynhâld

Mordoovje Arena

Ut Wikipedy
Mordoovje Arena

Мордо́вия Аре́на

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
republyk Mordoovje
plak Saransk
adres Wolgogradskaja ul. 13
koördinaten 54° 10' N 45° 12' E
bysûnderheden
type bouwurk Stadion
boujier 2010-2017
oare ynformaasje
kosten 16,5 miljard rûbel (210 miljoen euro)
offisjele webside
arenamordovia.ru
kaart
Mordoovje Arena (Jeropeesk Ruslân)
Mordoovje Arena

De Mordoovje Arena (Russysk: Мордовия Арена; Mordovija Arena) is in fuotbalstadion yn de stêd Saransk yn 'e Russyske republyk Mordoovje. It is it stadion dêr't FK Mordovija Saransk de thúswedstriden spilet.

Mei de bou fan it stadion waard yn 2010 mei it frijmeitsjen fan it bouplak yn 'e uterwaarden fan 'e Insar útein set. It beslút om it stadion te bouwen waard noch nommen foar't bekend waard dat Ruslân it wrâldkampioenskip fuotbal 2018 organisearje soe. It wie oarspronklik it doel om it stadion yn 2012 te foltôgjen en de iepening soe gearfalle mei it fieren fan in pear jubilea, mar troch de organisaasje fan it wrâldkampioenskippen en de FIFA-eask dat de kapasiteit fan it stadion minimaal 45.000 minsken wêze moast, en net lykas ynearsten pland wie 28.000, waard de iepening fan it stadion útsteld oant 2017. Yn it ramt fan it wrâldkampioenskip fuotbal 2018 binne der fjouwer groepsfazewedstriden spile.

Tagelyk mei de bou fan it stadion binne der foar Saransk in pear grutte stêdeboukundige saken oanpakt. By it stadion waard in grut park oanlein mei in rekréaasje- en enemintegebiet, der waard in dyk oanlein oan 'e Insar en in wenwyk krige in bettere ferbining mei it stedssintrum.

It ûntwerp fan it stadion is basearre op 'e sinne, it wichtichste symboal yn 'e miten en legindes fan it Mordwynske folk.

It 122.700 m² grutte stadion hat plak foar 45.000 minsken en leit by it sintrum fan 'e stêd, sadat it fan 'e ynfrastrukturele plakken rinnend goed te berikken is.

Wrâldkampioenskip fuotbal 2018

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Datum Tiid Thústeam Utslach Utteam Kompetysje Taskôgers
16 juny 2018 19.00 UCT+3 Perû 0 – 1   Denemark Groepsfaze
poule C
40.052
19 juny 2018 15.00 UCT+3 Kolombia 1 – 2 Japan Groepsfaze
poule H
40.842
25 juny 2018 21.00 UCT+3 Iran 1 – 1 Portegal Groepsfaze
poule B
41.685
28 juny 2018 21.00 UCT+3 Panama 1 – 2 Tuneezje Groepsfaze
poule G
37.168