Koersk (oblast)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Koersk oblast

Псковская область

Map of Russia - Kursk Oblast (2008-03).svg
flagge wapen
Flag of Kursk Oblast.svg Coat of Arms of Kursk oblast.png
sifers
soarte gebiet Oblast
ynwennertal 1.083.584 (2022)
oerflak 29.997 km²
befolkingstichtens 36,12 ynw./km²
polityk
lân Flag of Russia.svg Ruslân
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal-Tsjernozjom
haadplak Koersk
grutste plak Koersk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (96,5 %)
Oekraïners (1,3 % %)
Armeenjers (0,5 % %)
(stân: 2010)
oar
stifting 13 juny 1934
tiidsône UTC +3
koördinaten 51° 45' N 36° 1' E
webside kursk.ru

De oblast Koersk (Russysk: Курская область; Koerskaja oblast) is in oblast yn it súdwestlike diel fan Ruslân. De oblast grinzget oan Oekraïne en leit geunstich oan de ferbining tusken Moskou en de tichtbefolke en yndustriële gebieten yn it easten fan de Oekraïne.

Geografy en ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hûs fan de Sovjets, Koersk

It gebiet leit oan de westlike kant fan it Sintraal-Russysk Plato mei hichten fan 150 oant 300 meter en in oerflak fan 250 by 150 kilometer. De rivieren Sejm en Svapa ûntwetterje it gebiet en mûne út yn de Dnjepr. Yn it suden en easten soargje ek de Psel en de Oskol foar de ûntwettering. De haadstêd Koersk leit sintraal yn de oblast.

Yn de oblast wurdt izererts wûn. It Koersker bekken hat de grutst bekende foarried izererts, dy't de sterkste magnetyske anomaly fan 'e wrâld feroarsaket. Oare boaiemskatten binne goud, uranium en platina. Njonken de metaalferwurking binne gemyske en de fiedselyndustry sterk oanwêzich. De grûn bestiet út de fruchtbere swarte ierde en hat in heech agrarysk gebrûk.

By Koertsjtatov stiet de kearnsintrale Koersk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich folge yn de hjerst fan 1941 de besetting fan de oblast troch Nazy-Dútslân. De Slach om Koersk fûn tusken 5 july 1943 en 23 augustus 1943 plak en wie de grutste tankslach fan de Twadde Wrâldkriich.

Bestjoersyndieling en stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast Koersk is ferdield yn 28 rajons en 5 stedsdistrikten. De grutste stêden binne njonken de haadstêd Koersk Zjelesnogorsk en Koertsjatov en Lgov. Meiïnoar hat de oblast 10 stêden en 22 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Name Russyske namme Ynwenners (2022) Ynwennertal Lokaasje
Koersk Курск 447.387 Coat of Arms of Kursk.png 51° 43' N 36° 11' E
Zjelesnogorsk Железногорск 99.774 Coat of Arms of Zheleznogorsk (Kursk oblast).png 51° 43' N 36° 11' E
Koertsjatov Курчатов 37.940 Coat of Arms of Kurchatov (Kursk oblast).png 51° 40' N 35° 39' E
Lgov Льгов 17.890 Lgov COA (Kursk Governorate) (1780).png 51° 40' N 35° 16' E
Rylsk Рыльск 15.986 Shchigry COA (Kursk Governorate) (1780).png 51° 34' N 34° 41' E
Sjtsjigry Щигры 14.711 Rylsk COA (Kursk Governorate) (1893).png 51° 52' N 36° 54' E

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.846.000 1.773.000 1.483.000 1.474.000 1.399.000 1.339.000 1.235.100 1.083.584

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kursk Pskow


 
Dielgebieten fan Ruslân

Flagge fan Ruslân

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestanIngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomiKrim (omstriden) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjanskIrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-PetersburchSebastopol (omstriden)