Springe nei ynhâld

Kemerovo (oblast)

Ut Wikipedy
Oblast Kemerovo

Ке́меровская о́бласть

flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Kemerovo
grutste plak Kemorovo
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (91,80%)
Tataren (1,46%)
Dútsers (0,84%)
(sifers 2010)
sifers
ynwennertal 2.604.272 (2022)
oerflak 95.725 km²
befolkingstichtens 27,21 ynw. / km²
oar
stifting 26 jannewaris 1943
tiidsône UTC+7 MSK+4
koördinaten 54° 56' N 87° 14' E
webside www.ako.ru

De oblast Kemerovo (Russysk: Ке́меровская о́бласть — Kemerovskaja oblast) is in oblast yn it Aziatyske diel fan de Russyske Federaasje. It gebiet wurdt ek faak as de 'Kûzbass' (Кузба́сс) oantsjut. Kemerovo is de haadstêd en wat ynwennertal oanbelanget it grutste plak (2022) fan de oblast.

De oblast grinzget yn it noarden oan de oblast Tomsk, yn it easten oan de kraj Krasnojarsk en Chakasje, yn it suden oan de autonome republyk Altai en yn it westen oan de oblast Novosibirsk en de kraj Altai.

Bergen yn it westen fan de oblast

Fan noard nei súd is it gebiet 500 kilometer lang en fan east nei west likernôch 300 kilometer.

It klimaat fan de oblast is kontinintaal. Winters binne kâld en lang, simmers waarm mar koart. Trochstrings skommelje de temperatueren yn jannewaris fan −17 to −20 °C en yn july fan 17 oant 18 °C. De froastfrije tiid duorret yn it noarden 100 dagen en yn it suden 120 dagen. De trochsneed delslach is sa'n 300 mm op de flakten oant 1000 mm yn 'e bergen.

De rivieren fan de oblast foarmje ûnderdiel fan it ôfwetteringsgebiet fan de Ob. Wichtige rivieren binne de Tom, de Inja, de Kieja, de Urjûp en de Tsjûmysj, dy't meiïnoar in lingte hawwe fan likernôch 3.000 kilometer. Dêrnjonken binne der noch lytsere rivierkes en streamkes. De grutste mar is de Bertsjikûlmar yn it noardeasten.

De âldste stêd fan de oblast is Novokûznetsk. De stêd waar yn 1618 as fort stifte, rillegau nei't de kozakkelieder Jermak Sibearje oermastere.

Yn de 19e iuw wie de tsjintwurdige oblast in ûnderdiel fan it gûvernemint Tomsk.

West-Sibearyske Metaal Fabryk (Novokûznetsk )

Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 waard yn de Russyske Boargerkriich fûl striden yn de Kûzbass. Yn it begjin fan 1921 kamen de boeren yn opstân tsjin it regear, dêr't it Reade Leger regaat mei makke. Yn 1930 waard de Kûzbass ûnderdiel fan de kraj West-Sibearje, dêrnei fan de oblast Novosibirsk.

Yn de Sovjet-tiid fûn der in oergong nei de planekonomy plak mei de ûntwikkeling fan de koal, metaallursyke en gemyske yndustry en it iepenjen fan in grut tal nije minen. De grutte yndustriële bedriuwen waard by arbeiderskoloanjes boud, dy't al gau útwoeksen ta stêden.

De oblast waard ien fan de grutte produsinten fan koal en metaal yn de Twadde Wrâldkriich. De Novokûznetsk-stielfabryk produsearre mear as 50.000 tanks en 45.000 fleantugen. 71 bedriuwen ferhûzen út besette dielen fan it lân, wêrfan't de measten yn de Kûzbass bleaune.

Op 26 jannewaris 1943 waard by it dekreet fan it presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR besletten om de Kûzbass fan de oblast Novosibirsk ôf te skuorren en de oblast Kemerovo te stiftsjen, mei de stêd Kemerovo as bestjoerlik sintrum. De nije oblast bestie út 17,5% fan de oblast Novosibirsk, 9 fan de 12 stêden, 17 fan de 20 arbeiderskoloanjes en 23 fan de 75 rajon's. De befolking fan de oblast Kemerovo bestie út 42% fan de totale befolking fan de oblast Novosibirsk.

De befolking bestiet foar fierwei it grutste diel út Russen. De Oekraynske, Tataarske, Dútske, Wyt-Russyske en Tsjûvaaske mienskippen binne sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny lytser woarn. De oarspronklike befolking fan it gebiet binne de Sjoren en de Teleûten, lytse folken dy't fral yn it suden fan de oblast wenje.

De oblast is ien fan de lytsere dielgebieten fan Sibearje en tagelyk ek ien fan de tichtstbefolke gebieten fan de federaasje.

Bestjoer en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast is ûnderferdield yn 18 rajon's en 16 stedsdistrikten. Njonken Kemerovo binne de belangrykste stêden: Novokûznesk, Prokopsjevsk, Leninsk-Kûznetski, Kiseljovsk en Mezjdûretsjensk.

  • 15 stêden foarmje in stedsdistrikt (Городской округ; gorodskoj okrûg).
  • 3 stêden (Gûrjevsk, Mariinsk en Topki) foarmje in stedsdiel fan in gemeentlik okrûg (Муниципальный округ; mûnitsipalny okrûg).
  • Tasjtagol foarmet in ûnderdiel fan in gemeentlik rajon (Муниципальный район; mûnitsipalny rajon).

De stêd Salais falt bestjoerlik ûnder de stêd Gûrjevsk.

Wapen Namme Russyske namme Gemeente/stedsdistr. Ynwennertal Stifting Stêd sûnt Lokaasje
Kemerevo Кемерово Kemerovo (stedsdistrikt) 548.177 1701 1918 55° 21' N 86° 05' E
Novokûznetsk Новокузнецк Novokûznetsk (stedsdistrikt) 544.583 1618 1622 53° 44' N 87° 05' E
Prokopjevsk Прокопьевск Prokopjevsk (stedsdistrikt) 187.877 1650 1931 53° 53' N 86° 43' E
Mezjdûretsjensk Междуреченск Mezjdûretsjensk (stedsdistrikt) 96.088 1946 1955 53° 41' N 88° 04' E
Leninsk-Kûznetski Ленинск-Кузнецкий Leninsk-Kûznetski (stedsdistrikt) 93.288 1763 1925 54° 39' N 86° 10' E
Kiseljovsk Киселёвск Kiseljovsk (stedsdistrikt) 85.339 1917 1936 53° 59' N 86° 42' E
Jûrga Юрга Jûrga (stedsdistrikt) 80.367 1886 1949 55° 44' N 84° 54' E
Belovo Белово Belovo (stedsdistrikt) 80.367 1726 1938 54° 25' N 86° 18' E
Anzjero-Sûdzjensk Анжеро-Судженск Anzjero-Sûdzjensk (stedsdistrikt). 66.933 1897 1931 56° 05' N 86° 02' E
Berjozovski Берёзовский Berjozovski (stedsdistrikt) 44.932 1949 1965 55° 40' N 86° 15' E
Ossinniki Осинники Ossinniki (stedsdistrikt) 41.274 1926 1938 53° 37' N 87° 20' E
Myski Мыски Myski (stedsdistrikt) 40.549 1826 1956 53° 42' N 87° 49' E
Mariinsk Мариинск Mariinski 37.786 1698 1856 56° 13' N 87° 45' E
Topki Топки Topkinski 27.673 1914 1933 55° 17' N 85° 37' E
Polysajevo Полысаево Polysajevo (stedsdistrikt) 25.638 1940 1989 54° 36' N 86° 17' E
Tasjtagol Таштагол Tasjtagolski 22.647 1939 1963 52° 46' N 87° 52' E
Taiga Тайга Taiga (stedsdistrikt). 22.619 1896 1911 56° 04' N 85° 37' E
Gûrjevsk Гурьевск Gûrjevski 22.134 1816 1938 54° 17' N 85° 56' E
Kaltan Калтан Kaltan (stedsdistrikt) 20.193 1946 1959 53° 31' N 87° 16' E
gjin Salair Салаир Gûrjevski 7.169 1626 1941 54° 14' N 85° 48' E

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Oblast Kemerovo

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 29 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje