Springe nei ynhâld

Perm (kraj)

Ut Wikipedy
kraj Perm

Пермский край

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Oeral
haadplak Perm
grutste plak Perm
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 87,1
Tataren 4,6%,
Komy-Permjaken 3,2%
Stân 2010
sifers
ynwennertal 2.556.852 (2022)
oerflak 160.236 km²
befolkingstichtens 15,96 ynw./km²
oar
stifting 1 desimber 2005
tiidsône UTC +5
koördinaten 59° 14' N 56° 08' E
webside www.perm.ru

De kraj Perm (Russysk: Пермский край; Permski kraj) is in kraj yn Jeropeesk Ruslân.

De kraj ûnstie op 1 desimber 2005 troch de gearfoeging fan de oblast Perm en it autonome distrikt Permjaakje, nei't de befolking op 7 maart 2003 yn in referindum dêrfoar keazen hie. De gebieten hiene earder sels al oanjûn foar in fúzje te wêzen. Yn maart 2004 waard de út te fieren fúzje by wet bekrêftige.

De haadstêd fan de kraj is de stêd Perm, dêr't ek de measte oerheidsynstellings fan it eardere autonome distrikt Permjaakje hinne ferhûzen.

De seis rajons dy't diel fan Permjaaksje útmakken, bleaune in beskate foarm fan autonomy hâlden en alle saken dy't de Komy-Permjaken oangeane wurde yn 'e eardere Permjaakske haadstêd Kûdymkar regele. Oant 2008 hie Komy-Permjaaksje ek noch in eigen begrutting. Foar sa'n oergongstiid is keazen om't Permjaakje foar in grut part ôfhinklik is fan federale subsydzjes.

Visjera-rivier

De kraj Perm leit westlik fan de hellings fan it Midden-Oeral berchtme en eastlik yn it Russyske Leechlân. De kraj leit hast hielendal yn Europa, mar 0,2% leit yn Aazje. Fan noard nei súd mjit de kraj maksimaal 645 kilometer en fan west nei east goed 417 kilometer.

De kraj grinzget oan de autonome republyk Komy yn it noarden, oan de oblast Kirov yn it noardwesten, de autonome republiken Oedmoersje yn it súdwesten en Basjkortostan yn it suden en de oblast Sverdlovsk yn it easten.

De berch Tûlymski Kamen mei in hichte fan 1496 meter is de heechste berch.

De kraj telt mear as 29.000 rivieren en beken mei in totale lingte fan mear as 90.000 kilometer. De langste rivieren binne de Kama (1.805 km) en de Tsjûsovaja (592 km). Fjirtich rivieren hawwe in lingte fan 100 oant 500 kilometer.

De kraj Perm heart ta de sterkste ekonomyske gebieten fan Ruslân. Fral de winning en ferwurking fan ierdoalje en potjiske, enerzjy en de gemy-, metaal-, non-ferrometaal- en houtyndustry en masinebou binne goed fertsjintwurdige. Hast de hiele foarried Russyske potjiske wurdt yn de kraj Perm fûn, dy't de grûnstof foarmet foar kalydong en fral troch de Sineeske lânbou ymportearre wurdt. Grutte bedriuwen binne Odk-Permskie Motory AO (masinebou) en de wapenfabryk Motovilicha. Ek de ynfomaasjetechnology wurdt jimmeroan belangriker.

Stêden en bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Perm

De kraj Perm is bestoerlik ûnder ferdield yn 14 stêden, in sletten stêd (ZATO) en 33 rajon's. Belangrykste stêden binne de haadstêd Perm, Beresniki en Solikamsk. Meiïnoar hat de kraj 26 stêden en 26 plakken fan in stedsk karakter.

Stêd Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Perm Пермь 1.042.763 (2022) 58° 00' N 56° 14' E
Berezniki Березники 137.091 (2021) 59° 24' N 56° 48' E
Solikamsk Соликамск 91.959 (2021) 59° 38' N 56° 46' E
Tsjaikovski Чайковский 81.855 (2021) 58° 00' N 56° 14' E
Kûngoer Кунгур 63.631 (2021) 57° 26' N 56° 56' E
Lysva Лысьва 59.610 (2021) 58° 06' N 57° 15' E
Krasnokamsk Краснокамск 51.815 (2021) 58° 05' N 55° 45' E
Tsjûsovoj Чусовой 43.299 (2021) 58° 17' N 57° 49' E

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iisgrotten fan Kûngoer

Perm is it kulturele sintrum fan de oblast. De stêd is ryk oan teäters en musea. Belangrike musea binne: it Nasjonaal Keunstmuseum fan Perm, it Regionaal Museum fan Perm, it museum fan de Motovilicha-fabriken, it Museum fan Aldheden en it Modern Keunstmuseum fan Perm.

Likernôch 43 kilometer fan Perm leit it arsjitektuer- en etnografysk museum Chochlovka, in iepenloftmuseum mei houten arsjitektuer út de Oeral. It stedsje Usolje, sa'n 190 kilometre noardlik fan de haadstêd, hat in grut tal monuminten, lykas it Stroganov-hûs en de Ferlosserkatedraal. De kraj is ryk oan tsjerken en kleasters; it neamen wurdich binne û.o. it Belogorski-kleaster, de Troitski-katedraal en de moskee fan Perm.

De Orda-grot yn it Ordinski-rajon is ien fan de grutste ûnderwettergrotten fan 'e wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Region Perm


Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje