Solikamsk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Solikamsk
Solikamsk Square A37 c.jpg
Flagge Wapen
Flag of Solikamsk (Perm krai).png Solikamsk COA (Perm Governorate) (1783).png
Sifers
Ynwennertal 97.384 (2010)
Oerflak 165 km²
Befolkingstichten 590 / km²
Hichte 150 m
Polityk
Lân Flag of Russia.svg Ruslân
Kraj Perm
federaal distrikt Wolga
Oar
Stifting 1430
Tiidsône UTC+5
Webside solkam.ru

Solikamsk is in stêd yn de Russyske kraj Perm. Foar Peter de Grutte's regear wie Solikamsk it grutste yndustriële sintrum fan tsaristysk Ruslân. Ut dy tiid datearret noch in grut tal tsjerken, dy't tsjûgje fan de wolstân fan de stêd. Tsjintwurdich is Solikamsk nei Perm en Berezniky de grutste stêd yn de kraj Perm.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solikamsk waard foar it earst yn 1430 neamd, doe't op it plak grutte sâltôfsettings oan de igge fan de Usolka-rivier ûntdutsen waarden. De namme fan de stêd is ôflaat fan it russyske wurd "соль", dat sâlt betsjut, en "Кама" (de Kama-rivier, dy't troch de stêd rint).

Holpen troch de lokaasje oan it begjin fan de iennige wei fan Jeropeesk Ruslân nei Sibearje makke de stêd yn de 17e iuw in grutte bloei mei. De Stroganovfamylje ekploitearre de grutste sâltwinningsfabriken yn de stêd en omkriten. Yn it midden fan de 17e iuw waard Solikamsk ek in sintrum fan koperjitterij.

Nei de oprjochting fan izerfabriken yn Jekaterinenburch en Perm en de oanlis fan in súdlike dyk nei Sibearje ferlear de stêd stadichoan oan betsjutting.

De ûntdekking yn 1925 fan de grutste kaliumsâlt- en magnesiumsâltfoarrieden yn 'e wrâld brocht in nije ûntjouwing fan de stêd. Yn 1927 begûnen de wurksumheden oan it earste kaliumsteatsfabryk (kombinat) fan de Sovjet-Uny. Nei de iepening fan de kalisâltkombinat yn 1928 folge in magnesiumkombinat yn 1938 en in grutte papiermûne yn 1941. De stêd barste yn de twadde helte út de foegen en yn 1959 waard de stêd Borovsk (net te ferwikseljen mei de stêd mei deselde namme yn sintraal Ruslân) aneksearre en yn de jierren 1980 wreide de stêd him út mei nije delsettings.

Yn Borovsk wie eartiids it finzenenkamp 366 foar Dútske kriichsfinzenen út de Twadde Wrâldkriich.

Bevölkerungsentwicklung[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwenners Opmerking
1897 4.073  
1939 33.722 ynklusyf 4.349 ynwenners fan de arbeidersdelsetting Borovsk (yn 1959 by Solikamsk foege)
1959 82.874  
1970 88.595  
1979 101.158  
1989 110.098  
2002 102.531  
2010 97.384  

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]