Perm (stêd)
| Perm Пермь | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Kraj | ||
| Federaal distrikt | Wolga | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.027.521 (2025) | |
| Oerflak | 799,68 km² | |
| Befolkingsticht. | 1282,84 ynw./km² | |
| Stêdekloft | 1.332.866 | |
| Hichte | 171 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1723 | |
| Postkoade | 100xx-104xx, 11004-11005, 111xx-114xx, 116xx | |
| Tiidsône | UTC+5 | |
| Koördinaten | 58° 00' N 56° 14' E | |
| Offisjele webside | ||
| www.gorodperm.ru | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Distriktsyndieling | ||
Perm (Russysk: Пермь) is in stêd yn it easten fan Jeropeesk Ruslân, oan wjerskanten fan 'e rivier de Kama, justjes bewesten de Oeral, en sa'n 1150 kilometer noardeastlik fan Moskou. Perm is in wichtige yndustrystêd en binnenhaven en leit ek oan 'e Transsibearysk Spoarline. It is de haadstêd fan 'e kraj Perm.
Fan 1940 oant 1957 hjitte de stêd Molotov, nei de Sovjet-Russyske premier en minister fan Bûtenlânske Saken Vjatsjeslav Molotov.
Perm is sûnt 2012 wer de meast eastlike miljoenestêd fan Jeropa.
Stedsdielen (Rajony)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Rajon | Russyske namme | Nammejouwer | Inwenners 1 jannewaris 2004 |
Inwenners 1 jannewaris 2009 |
|---|---|---|---|---|
| Dzerzjinski | Дзержинский район | Feliks Dzerzjinski | 152.500 | 149.559 |
| Indûstrialny | Индустриальный район | Yndustrialisaasje fan de Sowjetuny | 159.700 | 160.403 |
| Kirovski | Кировский район | Sergej Kirov | 123.105 | 125.338 |
| Leninski | Ленинский район | Vladimir Lenin | 56.400 | 50.670 |
| Motovilitsjinski | Мотовилихинский район | Rivier Motovilitsja, sydrivier fan de Kama | 176.000 | 179.117 |
| Ordzjonikidsevski | Орджоникидзевский район | Grigori Ordzjonikidze | 111.300 | 112.274 |
| Sverdlovski | Свердловский район | Jakov Sverdlov | 212.600 | 210.666 |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yndustry is fierwei de grutste ekonomyske sektor fan 'e stêd en is goed foar likernôch de helte fan 'e totale produksje fan 'e kraj. De wichtichste takken fan 'e yndustry binne masinebou, metaalbewurking, gemy, ierdoalje en gas, houtbewurking en fiedselproduksje. De masinebou nimt 43,7% fan 'e brutoproduksje fan 'e stêd foar syn rekken; branjeproduksje soarget foar 13,7% en 12,8% wurdt troch de gemyske yndustry levere.
Yn Perm wurde ûnder oaren strielmotors, tillefoans, motorseagen, muzykynstruminten, boumaterialen en yndustriële apparatuer makke. In grut part fan 'e yndustry produsearret foar definsje.
De omset fan 'e detailhannel wie yn 2004 omrekkene goed 2200 miljoen euro, 13% mear as it jier dêrfoar.
Underwiis en wittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Perm is it wittenskiplik sintrum fan 'e regio, dêr't in grut tal ûndersyksynstituten fan 'e Russyske Akademy fan Wittenskippen (ôfdieling Oeral) húsmanje. De stêd hat sân ynstellings foar heger ûnderwiis, dêr't de Steatsuniversiteit Perm, oprjochte yn 1916, de wichtichste is. De grutste universiteit fan Perm is lykwols de Technyske Universiteit, dy't sa'n 11.000 studinten hat. Teffens hat de stêd in farmaseutyske akademy, in medyske akademy en in lânbouhegeskoalle.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd hat ferskate teäters, dêr't in ferneamd poppeteäter, in dramateäter, in filharmony en in opera- en balletteäter by binne. De dûnsskoalle is oan it Permske balletselskip ferbûn en lûkt dûnsers út hiel Ruslân. Fierder hat de stêd in sirkus mei ûngefear 2000 plakken, in planetarium en in bistetún.
It ferneamdste museum fan Perm is de Nasjonale Galery, oprjochte yn 1922 en yn in 14e-iuwske eardere tsjerke ûnderbrocht. De samling bestiet út weardefolle houtskulpturen, ien fan de grutste samlingen ikoanen fan Ruslân (de Stroganov-kolleksje) en Russyske en West-Jeropeeske skilderkeunst. It hiemkundich museum hat 360.000 objekten út de skiednis fan Perm, fral oarkonden út de 16e en 17e iuw.
Berne yn Perm
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sergej Diagilev (1872-1929), keunstkritikus, ympresario, oprjochter fan de Ballets Russes
- Nikolaj Moisejev (1902-1955), astronoom
- Natasja Poly (1985), model
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Perm, Russia fan Wikimedia Commons. |