Magnesium

Ut Wikipedy
Magnesium (Mg)

Magnesium
Algemien
Namme: Magnesium
Symboal: Mg
Atoomnûmer: 12
Kloft: Ierdalkalimetaal, kloft 2
Perioade: Perioade 3
Blok: S Blok
Rige: Ierdalkalimetalen
Kleur: Sulverwyt
Gemyske eigenskippen
Atoommassa: 24,305 u
Oksidaasjetastân: +2
Natuerwittenskiplike eigenskippen
Tichtheid: 1738 kg/m3
Raanpunt: 922 K
Siedpunt: 1378 K
Gewoane tastân: Stiif
Periodyk systeem


Magnesium is in gemysk elemint mei symboal Mg en atoomnûmer 12. It is in sulverwyt ierdalkalimetaal.

Untdekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Magnesium wie al lange tiid ferneamd yn magnesiumokside-foarm. Yn 1755 wie it earst erkent as in nij elemint troch de wittenskipper Joseph Black. Oant 1755 wie it altyd fertize mei ûndwêste kalk. Doe yn 1803 yn Moldavië in grutte ôfsetting fan natuerlik magnesiumkarbonaat ûntdutsen wie, wie dit troch C. F. Ludwig earst "talcum carbonatum" neamd. De namme magnesyt wie it earst brûkt yn 1808 troch L. G. Karsten. Yn itselde jier wie troch Humphry Davy ûntdutsen dat magnesiumokside it okside wie fan in noch frjemd elemint. Antoine Bussy slagge er yn 1828 of 1831 yn om in suvere mannichte magnesium te meitsje. It elemint is neamd nei it distrikt Magnesia yn Thessalje yn Grikelân.

Magnesium komt yn Barradiel yn in laach fan 20-25 meter foar. Nei de ûntdekking en de proefûntginning liken de omstannichheden yn 1971 en 1972 geunstich foar winning op grutte skaal. Natoerbeskermingsorganisaasjes kamen hjirtsjin yn it ferwar, wylst it gemeentebestjoer fan Barradiel dêrtsjin wie en om de ekstra wurkgelegenheid dy't de winning opleverje soe dizze yn berie hâlde. De maatskippij dy't de konsesje yn it gebiet hie (Shell) besluet doe earst fan winning ôf te sjen.