Gemyske kloft

Ut Wikipedy

De eleminten fan it periodyk systeem fan de eleminten kinne yn in tal kloften yndield wurde, op basis fan in beskaat tal gemyske skaaimerken wêryn sy lyk binne. In kloft is dus net mear as in sammelnamme foar in tal eleminten. De measte fan dizze kloften falle gear mei de kolommen fan it systeem. De platinakloft beslacht meardere kolommen en de (horizontaal werjûne) lantaniden en aktyniden wurde meastal oant de skandiumkloft rekkene. De grutste kloft, de oergongsmetalen, kin ûnderferdield wurde yn in tal subkloften.

Faak wurdt in kloft ferneamd nei de namme fan it earste elemint yn de kloft, sa as by de boarkloft. Oare kloften hawwe faak om histoaryske redens in aparte namme, sa as by de edelgassen. Der binne ek kloften dy’t hjoed de dei in oare, mear systematyske, namme hawwe dan earder, sa as by de stikstofkloft, dy’t earder pnikogeen neamd waard.

Oare groepen yn it periodyk systeem binne: