Springe nei ynhâld

Sibearje

Ut Wikipedy
Yn it donkerread it Federaal Distrikt Sibearje, yn it read de breedste definysje fan Sibearje. Yn ljochtread de rest fan Ruslân
Grutte parten fan Sibearje besteane út tichtbeboske taiga

Sibearje (Russysk: Сиби́рь, Sibir) is de namme foar in grut diel fan Ruslân dat yn Aazje leit.

Geografysk hat Sibearje yn Ruslân in oerflakte fan 10.006.400 km². Dêrmei beslacht it 59% fan it totale oerflak fan Ruslân. It bestiet út de federale distrikten Oeral en Sibearje. Ek it noarden fan Kazakstan wurdt ta Sibearje rekkene. Earder waard de Russyske eastkust der ek ta rekkene, mar dat hjit no it Russyske Fiere Easten.

It gebiet wurdt trochstreamd troch inkele fan de grutste rivieren yn de wrâld; de Ob, de Jenisej en de Lena. Oare grutte rivieren binne ûnder oare de grinsrivieren Amoer, de Olenjok en de Indigirka. Utsein de Amoer streame al dizze rivieren nei de Arktyske Oseaan.

Sibearje is bekend troch de grutte klimaatferskillen. Sa kin it der winterdeis glûpende kâld wêze, wêrby't it oant fyftich graden frieze kin. Mar simmerdeis kin it maklik tritich graden wurde.

In soad grûn is sompich en net geskikt foar lânbou. Oare grutte gebieten, de taiga, binne beboske; noardlik dêrfan leit in gurdle bosktoendra en it noardlike part fan Sibearje bestiet út ekstreem kâlde toendra dêr't de ûndergrûn altyd fan beferzen is, permafrost.