Kraj

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In kraj (ornaris oerset as "territoarium", "regio" as "krite") is de pleatslike oantsjutting foar bestjoerlike ienheden yn Tsjechje, Slowakije (meartal: kraje) en yn Ruslân (край, kraj, meartal: kraja). It wurd kin yn it Frysk letterlik oerset wurde as "krite", "regio" as "goa". Yn Ruslân wurde kraja ornaris foar "regio" as "provinsje" oantsjut, mar oerset as "territoarium". Ek it wurd oblast ("gebiet") hat dêre likernôch deselde betsjutting.

Yn dy trije lannen, allyk yn in soad oare Slavysktalige lannen is it begryp kraj as krajina net allinnich ornearre foar politike ienheden, mar hat de betsjutting in wiidweidiger begryp, sa as bygelyks in gea oa goa. Bygelyks de oblast Kaliningrad (it gebiet fan Keningsbergen) wurdt gauris mei de net offisjele namme Jantarny Kraj (Bernsteinlân) oantsjut. It wurdt kin likernôch ferlike wurde mei it Dútske Kreis

Tsjechje en Slowakije[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeistige krajs en eardere lannen yn Tsjechje
De krajs fan Slowakije
De krajs fan Ruslân

Yn Tsjechje en Slowakije is de kraj de boppeste bestjoerslaach ûnder de nasjonale. Hy kin as "krite" as "regio" ornearre wurde. Yn beide lannen wurde se oan nivo 3 fan de NUTS-kategoryen, ornearre foar de regionale statistiken fan de Jeropeeske Uny, taskreaun.

De krajs binne al yn de histoaryske krite-yndieling fan Bohemen werom te finen, dy fan de fjirtjinde iuw oant 1862 bestiene, en yn de achttjinde iuw yn oare parten fan de Habsburchmonargy ynfierd waarden.

Yn 1948 waarden de krajs yn it doetiidske Tsjechoslowakije (13 yn hjoeddeistich Tsjechje, en 6 yn Slowakije) ynfierd nei't de dielsteaten (země) Bohemen, Moraavje-Sileezje en Slowakije opheft waarden. Fan 1960 oant 1990 waard Tsjechoslowakije yn tsien grutte ienheden (7 yn Tsjechje en 3 yn Slowakije), dy't de basis foar de postkoaden waarden. Neffens de terminologyedatabase fan de Jeropeeske Uny (IATE) wurde dy ienheden as regio's oantsjut.

Yn in nije weryndieling waard de Tsjechyske Republyk op 1 jannewaris 2000 ûnderferparte yn 14 selsbestjoerende regio's (Samosprávné kraje). Al yn 1996 waarden der yn Slowakije acht nije regio's ynfierd.

Ruslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Krajs fan Ruslân.

Yn Ruslân binne hjoed-de-dei 9 fan de 83 dielgebieten as kraj (край, kraj; meartal края, kraja) oantsjut. Hja binne, mank mei de oare dielgebieten, de heechste bestjoerslaach ûnde de nasjonale. Dat begryp kin as "regio" as "territoarium" oantsjut wurde. Ynearsten tsjutten se benammen perifeare gebieten oan. Hja binne ornaris grut yn oerflak en tin befolke. De Russyske krajs binne Altaj, Chabarovsk, Kamtsjatka, Krasnodar, Krasnojarsk, Perm, Primorsky, Stavropol en Transbaikal. Krajs en oblasten hawwe likernôch deselde status yn de Federaasjeried.

Yn it Russyske Keizerryk wiene krajs de twadde bestjoerslaach, dy't yn grutte gubernijas (gûverneminten) ûnderferparte waarden. Nei ferskate weryndielings yn de Sovjet-Uny waarden de gubernijas opheft en de krajs waarden ferparte yn lytsere ienheden. Stadichoan waarden oblasten en krajs lykskeakele en waarden de heechste bestjoerlike ienheden nei de Sovjetrepubliken (SSRs), dêr't de Sovjet-Uny sels yn ûnderferparte wie. It iennige ferskil wie dat de autonome oblasten yn krajs omfoarme wurde koene, wylst oblasten dat net koene. De krajs wiene unyk foar de Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk, de grutste Sovjetrepublyk fan de Sovjet-Uny, en se hiene amper foech. Doe't de Sovjet-Uny yn 1991 útinoar foel, en de Sovjetrepubliken ûnôfhinklike lannen waarden, waarden se de heechste bestjoerslaach ûnder de nasjonale oerheid en krigen se folle mear foech.