Springe nei ynhâld

Vologda (oblast)

Ut Wikipedy
Vologda oblast

Воронежская Область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Noardwêst
ekonomyske regio Noard
haadplak Vologda
grutste plak Tsjerepovets
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (96,6 %),
Oekraïners (0,97 %)
(stân: 2002)
sifers
ynwennertal 1.139.499 (2022)
oerflak 144.527 km²
befolkingstichtens 7,88 ynw. / km²
oar
stifting 23 septimber 1937
tiidsône UTC +3
koördinaten 60° 05' N 40° 27' E
webside www.vologda-oblast.ru

De oblast Vologda (Russysk: Вологодская область; Vologodskaja oblast) is in oblast yn it Noardwestlike federale distrikt fan Ruslân. De oblast waard op 23 septimber 1937 stifte.

Yn de earste iuwen fan ús tiidrekkening bestie de lânseigen befolking út de Finsk-oegryske stammen fan de Wepsen, dy't oan de Wite Mar wennen, en de Tsjûden, dy't westlik fan de Kûbenskojemar wennen.

Pas yn de 5e oant 6e iuw begûnen de Eastslaven it gebiet te ûntsluten. De kolonisaasje fan it Russyske noarden ferrûn sawol út it westen wei troch de Ilmenslaven as út it suden wei troch de Krivitsjen.

Yn 862 waard it tsjintwurdige Belozersk as earste delsetting neamd. Yn de 12e iuw folge de stifting fan de stêden Vologda en Veliki Ustjûg. Yn dy tiid stienen de westlike dielen fan de hjoeddeiske oblast ûnder ynfloed fan it foarstedom Veliki Novgorod, wylst de sintrale en eastlike dielen by it foarstedom Rostov-Sûzdal hearde. Yn 1238 waard út Rostov-Sûzdal it ûnôfhinklike foarstedom Beloozero stifte, dat yn de 14e iuw by it Moskouske Ryk foege waard.

De measte stêden fan de tsjintwurdige oblast krigen pas ûnder de herfoarmings fan Katarina II stedsrjochten. By in earste bestjoersherfoarming waard it westlike diel fan de tsjintwurdige oblast in ûnderdiel fan it gûvernemint Ingermanland, it eastlike diel hearde by it gûvernemint Archangelgorod. Yn 1780 waard it steedhâlderskip Vologda stifte, dat yn 1796 yn it gûvernemint Vologda feroare en út sân ûjezden bestie. It eastlike diel hearde oant 1927 ta dat gûvernemint. It westlike diel hearde fan 1727 oant 1927 ta it gûvernemint Novgorod. Beide dielen waarden op 15 july 1929 ûnderdiel fan it nije Noardlike Kraj, dat dêrnei noch tydlik feroare waard yn it Noardlike Oblast. Dat bestie mar koart en in part dêrfan waard de nije oblast Vologda.

Vologda wie yn 1918 foar fiif moanne de haadstêd fan Ruslân. Yn de stêd stiene alve ambassades fan de grutste lannen fan 'e wrâld. Fan 1941 oant juny 1944 waard in lyts diel yn it wêst beset troch Finlân.

De oblast grinzget yn it noarden oan de oblasten Archangelsk, yn it easten oan Kirov, yn it suden Kostroma en Jaroslavl, yn it súdwêst oan Tver en Novgorod, yn it wêst oan Leningrad en yn it noardwêst oan de republyk Kareelje.

Kliffen oan de Onega Mar

De oblast Vologda leit yn it noardeasten fan de Easteuropeeske Leechflakte. It reliëf is dêr heuveleftich mei wikseljend leechlân, lânrêgen en hichten. It gebiet is earm oan boaijemskatten, dy't beheind bliuwe ta turf, boumaterialen en mineraalwetter. It klimaat is tuskenbeide kontinintaal mei kâlde winters en waarme simmers. Der falt relatyf in soad rein, 500 mm yn it jier, mei in swakke evaporaasje, sadat de oblast ryk is oan rivieren, marren en poelen.

Grutte rivieren binne de 558 km lange Sûchona mei de sydrivieren Vologda en Dvinitsa, de Jûg mei de Lûza, Mologa mei de Tsаgоdоsjtsja, de Sjeksna, de Andoma en de bopperin fan de Unzjа. Yn it súdwêst leit de Rybinsker Opslachmar, yn it wêst de Wite Mar, de Kûbena Mar en de Onegamar. De Onegamar wurdt mei de Wolga troch it Wolga-Eastsee-kanaal ferbûn.

Biosfearreservaat Darvinski

De plantewrâld is typysk foar de midden- en súdlike taiga. Bosken oerdekke foar likernôch 2/3 it gebiet fan de oblast. De bistewrâld is allyksa typysk foar de taiga: elanden, brune bearen, sniehazzen, stienmurden, wolven, taksen, foksen en fûgels lykas bjirk- en boskhinnen. Yn de rivieren libje salmen, brasems, snoekbearzen, bearzen, snoeken en oare fisken.

De oblast hat twa natoerreservaten: it Nasjonale Park Rûsski Sever en it Biosfearreservaat Darvinski.

Bestjoerlike yndieling en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oblast is te ferdielen yn 26 rajons en de twa stedsdistrikten: it bestjoerssintrum Vologda en de noch wat gruttere yndustrystêd Tsjerepovets. Meiïnoar binne der 15 stêden en 9 plakken mei in stedsk karakter. Njonken Vologda en Tsjerepovets binne der noch twa stêden mei mear as 30.000 ynwenners: Veliki Ustjûg en Sokol. De oare alve stêden hawwe sa'n 5.000 oant 15.000 ynwenners. Likernôch 70% fan de befolking fan de oblast wennet yn de stêden.

Grutste plakken
Stêd / Plak mei in steds karakter (*) Russysk Wapen Ynwenners (2021) Lokaasje
Tsjerepovets Череповец 312.091 50° 12' N 39° 35' E
Vologda Вологда 306.593 50° 12' N 39° 35' E
Sokol Сокол 36.067 59° 28' N 40° 07' E
Veliki Ustjûg Великий Устюг 31.078 59° 28' N 40° 07' E
Sjeksna* Шексна 18.488 59° 13' N 38° 30' E
Grjazowets Грязовец 14.797 58° 53' N 40° 15' E

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.728.000 1.601.000 1.308.000 1.296.000 1.310.000 1.355.000 1.269.600 1.139.499
Spaso-Kamenni kleaster yn de Kûbenskoje-mar

Belozersk, Veliki Ustjûg, Vologda, Ustjûzjna en Totma binne histoaryske stêden.

Belangrike musea yn de oblast binne it Nasjonale Keunst en Arsjitektuer Museum fan Vologda, de museaferienings fan Totma en Tsjerepovets en it Arsjitektuer en Folkekundemuseum yn de omkriten fan Vologda. Yn de oblast binne in pear aadlike bûtens bewarre bleaun, lykas it bûten Brjantsjaninov by Vologda, Kûprin by Ustjûzjna, it lângoed fan Igor Severjanin oan de rivier de Sûda en it bûten fan de Kachalov's yn Borisovo-Sûdskoje. Fan belang binne ek religieuze monuminten, lykas de kompleksen fan Spaso-Prilutski by Vologda en Kirillo-Belozerski-kleaster by Kirillov en oare kleasters. Troch de fresko's fan de Russyske ikoanbeskilder Dionysus stiet Feranpontovkleaster op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

De oblast is ek bekend om it grutte tal houten monuminten, dat lykwols om ferskillende redenen stadichoan ôfnimt. Sa baarnde yn 1963 de Foarbeatsjerke by Vytegra ôf, de direkte foarrinner fan de ferneamde Transfiguraasjetsjerke fan Kizjy Pogost.

De oblast hat fiif téaters, wêrfan trije yn Vologda en twa yn Tsjerepovets.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Wologda


Dielgebieten fan Ruslân
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
· · Berjocht bewurkje