Springe nei ynhâld

Kirillov

Ut Wikipedy
Kirillov
Кириллов
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
oblast Vologda
Sifers
Ynwennertal 7.069 (2023)
Hichte 120 m
Oar
Stifting 1397
Tiidsône (UTC+03:00)
Koördinaten 59°52'N 38°28'E
Offisjele webside
Side Kirillov
Kaart
Kirillov (Jeropeesk Ruslân)
Kirillov

Kirillov (Russysk: Кириллов) is in lytste stêd yn it noardwesten fan Ruslân. It plak leit yn 'e oblast Vologda.

De stêd leit likernôch 130 kilometer noardwestlik fan Vologda, de haadstêd fan it oblast, yn in marrekrite en oan it noardlike Dvinakanaal, dy't de rivieren de Wolga en de Noardlike Dvina meiïnoar ferbynt. Kirillov is it bestjoerssintrum fan it rajon mei deselde namme.

Kirillov ûntstie as delsetting (sloboda) by it yn 1397 stifte otterdokse Kirillo-Belozerski-kleaster, dat oant yn 'e 17e iuw it belangrykste religieuze en kulturele sintrum fan it Russyske noarden wie. Kirillov krige yn 1776 stedsrjochten.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken it Kirillo-Belozerski-kleaster binne der yn 'e omkriten fan 'e stêd noch in pear kleasters bewarre bleaun, lykas it 7 kilometer fierderop oan 'e kant fan 'e Sjeksna lizzende Goritsi-Opstanningskleaster út 1544 en it 20 kilometer fierderop lizzende Feranpontovkleaster út 1398.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Kirillov fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 4.306 4.276 5.280 6.055 6.285 7.320 8.817 8.229 7.728 7.482
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kirillov fan Wikimedia Commons.