Springe nei ynhâld

Kirillo-Belozerski-kleaster

Ut Wikipedy
Kirillo-Belozerski-kleaster
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vologda
rajon Kirillov
plak by Kirillov
koördinaten 59° 51' N 39° 22' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1397 (stifting)
Ynformaasje bou
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 3510152000
Webside
kirillov-monastyr.ru
Kaart
Kirillo-Belozerski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Kirillo-Belozerski-kleaster

It Kirillo-Belozerski kleaster (Russysk: Кирилло-Белозерский монастырь) heart ta de grutste kleasterkompleksen fan Ruslân. It waard yn 1397 yn it tsjintwurdige oblast Vologda by it doarpke Gorizi resp. it rajon Kirillov stifte en ûntjoech him ta de wichtichste religieuze sintra fan it Grutfoarstedom Moskou.

Ikoan fan de hillige Kirill (Tretjakov Museum, Moskou)

Stifter fan it kleaster wie de muonts Kirill (ek: Syril), dy't neffens de oerlevering op de berch Maura stie doe't er in godlike oanwizing krige foar de lokaasje dêr't it kleaster boud wurde moast. Oant yn ús tiid wurdt de berch fereare as hillich plak. Kirill neamde him tenei Kirill Belozerksi, ôflaat fan de namme fan de mar wêroan't it kleaster boud wurde soe (Beloe osero = Wite Mar).

Ynearsten bestie it kleaster allinnich út in houten kapel en in blokhûs foar de muontsen. Troch famyljebannen fan de stifter mei de russyske adel en de strategyske lokaasje waard it kleaster ryk en ien fan de wichtichste politike en religieuse sintra fan it Russyske Ryk. Under Ivan de Ferskriklike, dy't hjir sels in sel hie, hie it kleaster it op ien nei grutste lânbesit yn Ruslân.

Frjemde troepen belegeren it kleastser ferskate kearen, mar it koe net ferovere wurde. Oan it ein fan de 17e iuw waard it kompleks hieltyd wer grutter makke. Ek krige it kleaster nije muorren (1654-1680). Dizze muorren steane hjoeddedei noch om it kleaster. Ek Peter de Grutte besocht it kleaster en hjir kaam hy yn de kunde mei de boumasters, mar benammen ek mei de ikoaneskilders fan it kleaster. De bêsten socht Peter de Grutte der út en helle se nei Sint-Petersburch, om dêr oan de bou fan de nije haadstêd te wurkjen. Mei in dekreet fan Katarina de Grutte ferlear it kleaster alle liifeigenen en it lânbesit.

Nei de Oktoberrevolúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ûnteigening fan de russyske kleasters feroaren de bolsjewiken it kompleks yn in museum. De grutte biblioteek en guon weardefolle objekten waarden nei Moskou of Sint-Petersburch oerbrocht. De ikoanen waarden mei ikoanen fan oare kleasters ta ien kolleksje foege en útstald yn it eardere refektoarium.

Sûnt 1998 wurdt it kleaster wer troch muontsen bewenne en stadichoan restaurearre. Ta it kompleks hearre alve stiennen tsjerken út de 15e oant 18e iuw, in muorre mei tsien tuorren, it refektoarium, twa sikehûzen, in houten wynmûne en oare fasiliteiten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kirillo-Beloserski-Kloster