Springe nei ynhâld

Tsjerepovets

Ut Wikipedy
Tsjerepovets

Череповец

Oktjabrski brêge oer de Sjeksna
Oktjabrski brêge oer de Sjeksna
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Ruslân Ruslân
Sifers
Ynwennertal305.185 (2021)
Befolkingsticht.2.632,52 ynw./km²
Stêdekloft122 km²
Hichte130 m
Oar
Stifting1362
Postkoade162600-27
TiidsôneUTC +3 (MSK)
Koördinaten59° 8' N 37° 54' E
Offisjele webside
cherinfo.ru
Kaart
Tsjerepovets (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerepovets

Tsjerepovets (Russysk: Череповец) is in stêd yn it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. It is de grutste stêd fan de oblast Vologda.

Tsjerepovets leit sintraal yn it Russyske Leechlân yn it súdwesten fan de oblast Vologda. De stêd leit mei 530 kilometer op in like grutte ôfstân fan Moskou as Sint-Petersburch. Vologda leit 126 kilometer fan Tsjerepovets. Tsjerepovets leit op it plak dêr't de Sjeksna yn de opslachmar fan Rybinsk útmûnet.

De namme Tsjerepovets is sûnt de 15e iuw bekend. Yn de namme soene de Finsk-Oegryske wurden tsjerep (plasse) en vesi (wetter) sitte, mar oertsjûgend is dy útlis net. Oaren tinke dat de plaknamme yn 'e taal fan de ynhiemske Wepsen 'Wepsyske fiskheuvel' betsjut.

Opstanningskatedraal

Yn de twadde helte fan de 14e iuw waard op it plak fan de hjoeddeiske stêd it Opstanningskleaster stifte. Yn it ramt fan de bestjoerlike herfoarmings fan 1777 joech Katarina II de opdracht om op de sekularisearre kleastergrûn de stêd Tsjerepovets te stiftsjen.

In alderheislikste flugge groei fan de yndustry feroare de stêd folslein en oan it begjn fan de jierren 1960 gie de stêd foar it earst oer de 100.000 ynwenners. Yn 1970 wie de sted wat ynwennertal oanbelanget de grutste stêd fan de oblast.

De stêd leit strategysk op de krusing fan de Wolga-Baltyske wetterwei tusken de twa grutste Russyske stêden Moskou en Sint-Petersburch. Tsjerepovets hat in haven, goede oanslutingen op it spoarnet en op sa'n 20 kilometer fan de stêd in lofthaven en wurdt beskôge as in goed fêstigingsplak foar yndustry. It aksint leit op de ferrometaal, de gemy en transport. Ien fan de grutste izer- en stielfabriken fan Ruslân, Severstal, hat syn basis yn Tsjerepovets.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1856189719261939195919791990200020102020
Ynwenners2.7007.00022.00032.00092.356265.933312.000324.400309.298314.834
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru: Череповец