Sjeksna
Sjeksna | ||
geografy | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Vologda | |
ûntspringt yn | Wite Mar | |
lokaasje boarne | 60° 10' N 37° 38' E | |
mûnet út yn | Opslachmar fan Rybinsk → Wolga | |
lokaasje mûning | 59° 05' N 37° 45' E | |
sifers | ||
lingte | 139 km |
De Sjeksna (Russysk: Шексна́) is in rivier yn 'e oblast Vologda yn it noardwesten fan de Russyske Federaasje.
De rivier is 139 kilometer lang en foarmet ûnderdiel fan de Wolga-Baltyske wetterwei. It streamgebiet fan de rivier hat in oerflak fan 19.000 km².
De boarne fan de rivier is de Wite Mar. It wetter streamt ynearsten nei it suden en makket dan in bocht nei it westen en mûnet by Tsjerepovets út yn 'e opslachmar fan Rybinsk.
Yn de jierren 1930 en 1940 krigen sawol de Sjeksna as de Wolga by Rybinsk in daam boppe de mûning. Dat makke de rin fan de Sjeksna fan 395 km oant 139 km koarter. It wetter fan de rivier setten de greiden oan de kanten ûnder wetter en sa ûntstie de opslachmar fan Rybinsk. Yn Rybinsk streamt de Sjeksna ûnder de daam noch in lyts stikje fierder yn 'e oarspronklike rin om lang om let yn de Wolga út te mûnen.
De foar in part kanalisearre Sjeksna is in wichtige ferbining foar it skipfeartferkear tusken de Wolga en Sint-Petersburch oan de Finske Golf. De rivier is yn 'e regel fan novimber oant ein april beferzen.
De grutste stêd oan de Sjeksna is Tsjerepovets.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Scheksna (Fluss)
|