Springe nei ynhâld

Wyt-Ruslân

Ut Wikipedy
Рэспубліка Беларусь
Flagge fan Wyt-Ruslân Wapen fan Wyt-Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wyt-Ruslân
Offisjele taal Wyt-Russysk, Russysk
Haadstêd Minsk
Steatsfoarm Republyk
Presidint Aleksandr Lûkasjenko
Gebiet
% wetter
207.600 km²
0­%
Ynwenners (2018) 9.492.000[1]
Munt Roebel (BYN)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 3 july
Lânkoade BLR
Ynternet .by
Tillefoan 375

Wyt-Ruslân of Belarus is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Minsk en de presidint fan de republyk is sûnt 1994 Aleksandr Lûkasjenko. Sûnt Lûkasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fan religy.

Wyt-Ruslân wurdt begrinzge troch:

Strusta Mar yn de provinsje Fitebsk.

Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn de iistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.

Yn it suden lizze de Pripjatsompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân fersprate marren.

Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier de Memel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.

It klimaat sit wat tusken in lânklimaat en seeklimaat yn, de winters binne kâld mei mylde simmers.

Nei sân desennia as republyk fan de Sowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn 1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining mei Ruslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.

It ynwennertal wurdt yn 2018 op 9.492.000 rûsd[1]. De etnyske gearstalling yn 2009 wie as folget: 83,7% Wyt-Russen, 8,3% Russen, 3,1% Poalen, 1,7% Oekraïniërs en 3,2% hie in oare etnyske komôf. 48,3% fan alle ynwenners hat it Eastersk-Ortodokse leauwen, de oare 10,6% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (2011)[2]. De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.

BYP per persoan is $18.931 (2017)[3]. Gearstalling fan BYP per sektor is 8,3% lânbou, 40,6% yndustry en 51,1 tsjinsten[4].

Under dy monuminten binne 4 dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane: Wâld fan Białowieża, Kastiel Mir, Kastiel Nesvizh en Geodetyske bôge fan Struve.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Size and natural increase of population
  2. "Religion and denominations in the Republic of Belarus" (PDF). Ministry of Foreign Affairs of the Republic of Belarus. 17.02.2013.
  3. Report for Selected Countries and Subjects International Monetary Fund
  4. Belarus – Economy Overview cia.gov