Springe nei ynhâld

Kastiel Mir

Ut Wikipedy
Kastiel Mir
Lokaasje
lân flagge fan Wyt-Ruslân Wyt-Ruslân
oblast Grodno
plak Mir
koördinaten 53° 27' N 26° 28' E
Skiednis
boujier 16e iuw
Oars
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
monumintnûmer 625
Kaart
Kastiel Mir (Wyt-Ruslân)
Kastiel Mir

It kastiel Mir (Wyt-Russysk: Мірскі замак) is in 16e-iuwsk slot, net fier fan de stêd Mir (oblast Grodno) yn Wyt-Ruslân.

Yn it begjin fan de 16e iuw waard in sitadel oanlein, omfieme troch in warmuorre en fiif tuorren.

De fêsting kaam yn 1568 yn hannen fan de foarst Radziwiłł en waard doe ta syn residinsje útboud, wêrby't oan de eastlike en noardlike binnenmuorre in twa fleugels tellend wengebou oanboud waard.

De swiere muorren en sjitgatten fan it kastiel tsjûgje fan de funksje as ferdigeningskompleks. Sûnt it jier 2000 heart it kastiel by it wrâlderfgoed fan UNESCO. It is mei goatyske, renêssânse en barokke elememinten in foarbyld fan de arsjitektuer út de tiid fan de Poalsk-Litouske tiid.

  • 1506–1510: Op it plak fan in troch Tataren ôfbaarnd houten slot stiftet hartoch Joeri Iljinitsj in nij slot.
  • 1568: Nei it útstjerren fan it Iljinitsj-skaai kriget de hege amtner Mikołaj Krzysztof Radziwiłł it slot yn hannen. Tsjin it ein fan de 16e iuw ûndergiet it kastiel in ferbouwing yn renêssânse styl en krige it slot in warmuorre.
  • 1655, 1705, 1784: Plonderings troch Kozakken, Sweden en Russen.
  • Fanôf 1813: Nei de dea fan Dominik Hieronim Radziwiłł giet it slot yn hannen fan syn dochter Stefania oer, dy't troud mei Ludwig zu Sayn-Wittgenstein-Berleburg. It kastiel giet dêrnei oer op harren dochter Maria, dy't mei foarst Chlodwig Hohenlohe-Schillingsfürst boasket.
  • 1895: Maria en har soan Moritz zu Hohenlohe-Schillingsfürst ferkeapje it kastiel oan de russyske generaal Nikolaj Svjatopolk-Mirski (1833–1898), dy't it kastiel in oarspronklike steat werombringt.
  • 1941: Yn de Twadde Wrâldkriich besette de Dútsers it gebou en wurdt it brûkt om joaden fêst te setten.
  • 1980: Restauraasje en rekonstruksje fan it kastiel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Mir