Mir (Wyt-Ruslân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Mir
Church of Saint Nicholas, Red Army str., urban settlement Mir, Kareličy raion, Grodno Region, Republic of Belarus 02.JPG
Flagge Wapen
Flag of Mir, Belarus.svg Coat of Arms of Mir, Belarus.png
Sifers
Ynwennertal 2.250 (2016)
Oerflak 3.63 km²
Befolkingstichtens 619.8 / km²
Hichte 170 meter
Polityk
Lân Flag of Belarus.svg Wyt-Ruslân
Oblast Grodno
Oar
Stifting 1395
Tiidsône (UTC+3)

Mir (Wyt-Russysk: Мір; Russysk:: Мир) is in lytse stêd oan de rivier de Miranka yn Wyt-Ruslân, likernôch 85 kilometer súdwestlik fan de haadstêd Minsk.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gruttere bedriuwen fan Mir binnen benammen bedriuwen, dy't lânbouprodukten ferwurkje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De doe yn it Grutfoarstendom Litouwen lizzende stêd wurdt foar it earst yn 1395 neamd. Sûnt 1486 wie de stêd yn it besit fan it magnateskaai Illintsji. Yn de earste helte fan de 16e iuw liet Joeri Illinitsj it tsjintwurdich ûnder it wrâlderfgoed fallende kastiel Mir bouwe.

Sûnt de twadde helte fan de 17e iuw ûnstie yn Mir in grutte joadske gemeente, dy't foar it joadendom ynternasjonaal geastlike en spirituele betsjutting krige en in rige oan gelearden en ferneamde rabinen levere. De stêd waard ien fan de East-Europeeske sjtetls mei in grut tal synagoges. Yn 1886 hie Mir sân synagoge's, twa tsjerken en ien moskee.

Mei de tredde dieling fan Poalen kaam Mir fanôf 1795 yn it Russyske Ryk te lizzen. Oan it begjin fan de fjildtocht fan Napoleon nei Ruslân yn 1812 waard der by Mir fochten, werby't de Russyske kavallery in oerwinning op de Poalen behelle. Nei de Poalsk-Sovjetyske oarlogen en de Frede fan Riga fan 18 maart 1921 waard Mir by Poalen foege, oant it yn septimber 1939 troch it Reade Leger beset waard.

Fan 26 juny 1941 oant 7 july 1944 besetten de Dútsers Mir. Yn dy tiid waard it grutste diel fan de joadske befolking fan de stêd útmoarde.

Joadeferfolging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't earder al lytsere tallen joaden fermoarde waarden, begûn op 9 novimber 1941 de earste massamoard op de joaden yn Mir. Op it Merkeplein fan de stêd waarden de joaden by inoar dreaun; in diel waard selektearre foar wurk wylst de oaren, froulju, bern en âlde minsken, mei in nekskot fermoarde waarden. De rest waard nei in getto brocht, dat mei stikeltried fan de rest fan de stêd ôffrede waard. Ek de joaden út omlizzende plakken waarden dêrhinne brocht. Yn de rin fan de tiid waarden lytsere groepen deasketten, oant yn maaie 1942 de likernôch 800 minsken dy't it oerlibbe hiene nei de ruïnes fan it kastiel fan Mir deportearre waarden. Se waarden ynset foar twangarbeid en krigen minimaal te iten. Foar de finzenen wie der fierstente min wetter en de hygiëne wie katestrofaal. In soad ferstoaren oan ûnderfieding en ferswakking.

De Poalske joad Oswald Rufeisen, dy't him as Folksdútser útjoech en as oersetter wurke by de lokale plysje, hearde dat op 13 augustus 1942 it hiele gebiet frij makke wurde soe fan joaden. Hy warskôge de joaden en 150 joaden wisten sa noch te flechtsjen nei de bosken, dêr't in tal fan harren de shoah wist te oerlibjen. De oare 560 joaden waarden de oare deis troch de besetters en harren kollaborateurs deasketten. Fan de flechte joaden waarden letter by in jacht noch in tal weromfûn en dochs noch eksekutearre.

Meiïnoar fermoarden de nazy's mei harren kollaborateurs sa.n 2.500 boargers.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schloss Mir