Springe nei ynhâld

Rostock

Ut Wikipedy
Rostock
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
DielsteatMeklenburch-Foarpommeren
StatusKreisfreie Stadt
Stedsyndieling31 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal204.929 (31.12.2025)[1]
Oerflak181,36 km²
Befolkingsticht.1.130 ynw./ km²
Hichte13 m
Oar
Postkoade18055–18159
Netnûmer0381, 038202, 038206
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten54°5'NB, 12°8'EL
Offisjele webside
www.rostock.de
Kaart
Rostock (Meklenburch-Foarpommeren)
Rostock

Rostock is in stêd yn it noardeasten fan Dútslân; it is de grutste stêd fan 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren en hat goed 200.000 ynwenners. Rostock leit yn it noarden fan Mecklenburch, oan 'e rivier de Warnow. Oan 'e mûning fan 'e Warnow lizze it stedsdiel Warnemünde en de haven fan Rostock, dy't de tredde Dútske Eastseehaven neffens grutte is, nei Kiel en Lübeck.

Rostock wurdt foar it earst neamd yn 1160. Der wie doe in Slavyske delsetting mei de namme Roztoc oan 'e Warnow. Yn 1189 is der foar it earst sprake fan in Dútske delsetting op 'e oare ouwer. Rostock hat yn alle gefallen al sûnt 1218 (mar nei alle gedachten al earder) stedsrjochten.

Rostock yn 1625.

Rostock wie tusken 1251 en 1669 in wichtich lid fan it Hânzebûn, en waard dêrmei yn 'e Midsiuwen in rike stêd. De universiteit fan Rostock waard yn 1419 stifte. Dêrmei hat Rostock de âldste universiteit fan Noard-Europa. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw waard de oant dan ta ûnôfhinklike stêd oermastere troch de hartoch fan Meklenburch. Troch oanhâldende strideraasjes tusken de stêd en de hartoggen en plonderingen ferlear de stêd stadichoan macht.

Yn 'e 19e iuw profitearre Rostock fan in sterke ûntwikkeling fan 'e skipsbou.

In soad bewenners hiene yn 'e jierren 1920 te lijen hân fan 'e swiere ekonomyske omstannichheden yn it lân. Yn 'e 20ste iuw waarden der wichtige fleantúchfabriken by Rostock stifte, lykas de Arado Flugzeugwerke yn Warnemünde en de Heinkel-fabriken mei fêstigings op ferskate plakken.

Yn it begjin fan 'e jierren 1930 krige de NSDAP hieltyd mear oanhing ûnder de kiezers fan Rostock. By de ferkiezings yn 'e simmer van 1932, doe't de nazy's lannelik 37,3 prosint hellen — harren grutste lanlike risseltaat yn in frije ferkiezing —, krigen se yn Rostock 40,3 prosint fan 'e stimmen. In jier letter, nei de machtsoername troch de nazy's en it ferbieden fan oare politike partijen, bestie de gemeenteried fan Rostock (Stadtrat) folslein út nazy's. Yn 'e Kristalnacht fan 10 novimber 1938 waard de synagoge yn 'e Augustenstrasse yn Rostock troch brânstifting ferneatige en waarden tsientallen Joaden mishandele en finzen set.

Troch de rappe werbewapening naam it yndustriële belang fan Rostock yn 'e lette jierren 1930 bot ta, en de wurkgelegenheid yn 'e fabriken fan Heinkel en Arado en op de skipswerf Neptun skeat omheech. It ynwennertal fan 'e stêd groeide fan 100.000 yn 1935 nei 121.192 yn 1939.

Rostock nei de bombardeminten fan 1942.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Rostock hieltyd wer troffen troch jimmeroan swierdere bombardeminten, benammen troch de Britske Royal Air Force. De 14e-iuwske Jakobitsjerke gyng foar ivich ferlern, fan 'e Nikolaitsjerke bleaune de muorren bewarre, mar it midsiuwske ynterieur waard folslein ferneatige en hûnderten midsiuwske en barokke gevelhûzen leine yn 'e jiske.

Yn 'e nei-oarlochske tiid folge de werbou en groeide de stêd fierder. Yn dy tiid waard de seehaven oanlein, de wichtichste seehaven fan 'e DDR. Nei de Dútske ienwurding fan 1990 ferlear Rostock syn bysûndere posysje. It ynwennertal naam sterk ôf, benammen troch migraasje nei it rykere westen fan Dútslân.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Rostock naam yn 'e rin fan 'e tiid stadichoan ta. In skerpe delgong folge yn 'e Twadde Wrâldkriich, mar yn 'e tiid fan 'e Dútske dieling groeide de befolking oant de ein fan 'e DDR. Dêrnei folge in tiid fan delgong en hjoed-de-dei is der sprake fan in lichte groei.

Jier13801522159417731806184018501871
Ynwenners ± 11.00010.40014.800900012.75619.41322.65230.980
Jier18901900191019251933193919461950
Ynwenners 44.40954.71365.38377.66990.150121.192114.869133.109
Jier1960197219811988200220112025
Ynwenners 158.630204.656234.500253.990198.259200.265204.929

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Universitätsplatz mei de Brunnen der Lebensfreude
  • Mariëntsjerke (13e iuw)
  • Nikolaastsjerke (13e iuw)
  • Petritsjerke (14e iuw)
  • Neuer Markt mei stedhûs (1290)
  • Midsiuwske stedsmuorren mei trije stedspoarten
  • Kunsthalle Rostock yn 'e wyk Reutershagen
  • Stasi-finzenismuseum
  • Skipfeartmuseum yn Rostock-Schmarl
  • Ostseestadion, fuotbalstadion fan FC Hansa Rostock yn Rostock-Hansaviertel
  • Strânpromenade Warnemünde mei fjoertoer
  • It monumintale Terrassenhochaus yn 'e typyske DDR-wyk Evershagen
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Meklenburch-Foarpommeren Flagge fan Meklenburch-Foarpommeren
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin

· · Berjocht bewurkje