Noardwest-Meklenburch
| Noardwest-Meklenburch | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| polityk | |
| soarte gebiet | Lânkring |
| lân | |
| bûnslân | |
| haadplak | Wismar |
| tal gemeenten | 83 |
| kenteken | NWM, GDB, GVM, WIS, (HWI) |
| Kreisschlüssel | 13 0 74 |
| sifers | |
| ynwennertal | 160.288 ((31.12.2022) |
| oerflak | 2.127,06 km² |
| befolkingstichtens | 75 ynw./km² |
| oar | |
| stifting | 1994 |
| tiidsône | UTC +1 |
| simmertiid | UTC +2 |
| webside | www.nordwestmecklenburg.de |
De lânkring Noardwest-Meklenburch (Dútsk: Landkreis Nordwestmecklenburg) is in bestjoersdistrikt yn it noardwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It bestjoerlike sintrum is de stêd Wismar.
De lânkring leit oan 'e kust fan 'e Eastsee en grinzget yn it west oan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Oanbuorjende distrikten binne fanút it easten mei de klok mei: de lânkringen Rostock en Ludwigslust-Parchim, de kringfrije stêd Schwerin, de kring Lauenburg en de kringfrije stêd Lübeck yn Sleewyk-Holstein.
Yn Noardwest-Meklenburch lizze foar in part twa grutte marrren: oan de westlike kant de eastlike helte fan de Schaalsee (23 km²) en yn it suden de noardlike helte fan de Schweriner See (63 km²). Fierder hat Noardwest-Meklenburch noch twa lytsere marren: de Bibowsee (0.79 km²) en de Mechower See (km²). It yn 'e Eastsee lizzende eilân Poel heart ek by Noardwest-Meklenburch.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardwest-Meklenburch ûntstie yn 1994 troch de gearfoeging fan 'e eardere distrikten Gadebusch, Grevesmühlen en Wismar mei in pear lytsere dielen fan de distrikten Sternberg en Schwerin-Land. By de weryndieling fan 2011 waard it gearfoege mei de eardere kring-frije stêd Wismar. De namme fan 'e lânkring waard mei in referindum op 4 septimber 2011 fêststeld.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Amt-frije stêd | Amt-frije gemeenten |
|---|---|
| Amten | ||
|---|---|---|
(bestjoerssintrum: Grevesmühlen) |
|
|
| 1 - bestjoerssintrum fan it amt; 2 - stêd | ||
| Meklenburch-Foarpommeren | ||
|---|---|---|
| Landkreise Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock | ||
| Kreisfreie Städte | ||
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landkreis Nordwestmecklenburg fan Wikimedia Commons. |