Oerlis:Noardwest-Meklenburch

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Keppelstreekje of net[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk, goeie. Is dêr yn it Frysk in fêste regel foar? Ik tocht dat de regel oangeande dat wat linich is en dat it Frysk faak, wat gongber yn it Nederlânsk is, folget, mar faaks haw ik it ferkeard. It makket my fierders neat út of it mei of sûnder keppelstreekj skreaun wurdt. As we teminsten dêryn mar konsekwint binne. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 1 sep 2023, 22.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Dijkstra (1996), s. 89:

It keppelteken wurdt brûkt om:
in groepke wurden in ienheid te jaan (fb: in kop-en-pantsje);
it gebrûk fan in dielteken foar te kommen (fb: mei-inoar yn stee fan meiinoar).

It keppelteken mei ynstee fan it dielteken allinnich brûkt wurde, wanneart´t de dielen foar en efter it keppelteken ek selsstannige wurden wêze kinne. Yn sokke gefallen hat it keppelteken de foarkar boppe it dielteken.

Wutsje 1 sep 2023, 23.43 (CEST)[beäntwurdzje]

@Wutsje, tankewol foar de útlis. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 2 sep 2023, 08.28 (CEST)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed: Goeie. Ik wit net oft dat no in strange regel is, mar "Noardwestmeklenburch" woe my net oan. Neffens my sette je by geografyske nammen yn it Frysk in streekje tusken de wynstreek en de eigentlike namme: "Súdwest-Fryslân", "Noardeast-Fryslân" ensfh., en net "Súdwestfryslân", "Noardeastfryslân". Ik wit noch dat doe't se de namme Súdwest-Fryslân ynfierd hawwe der in lytse opskuor wie om't se it earst skriuwe woene as "Súdwest Fryslân", dus los ynstee fan mei in streekje. Dêr is de gemeente doe troch de Afûk of de FA foar op 'e fingers tikke, dat doe hawwe se in healjier of in jier nei de oprjochting fan 'e nije gemeente dochs noch in streekje oan 'e namme tafoege. Ik leau net dat de fariant "Súdwestfryslân" ea serieus yn omtinken nommen is. Mar yn it Dútsk binne se frijwat oaninoarskriuwerich, dat miskien dat it dêr hiel gewoan is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 sep 2023, 15.35 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja it komt my tebinnen dat der in lytse "opskuor" om de namme fan Súdwest wie. Ja yn it Dútsk wurdt it allegear oaninoar fêst skreaun, lykas yn de measte oare Germaanske talen, mei útsûndering fan it Ingelsk en it Nederlânsk en dus ek it Frysk. Dus it is my no wol dúdlik. Tanke foar de útlis. Kneppelfreed (oerlis) 3 sep 2023, 09.41 (CEST)[beäntwurdzje]