Meidogger oerlis:Kneppelfreed
Wolkom op de Fryske Wikipedy, soe ik sizze. Help yn it koart:
- Ynformaasje oer hoe de wikipedy funksjonearret fine jo op Wikipedy:Mienskip.
- At jo wat freegje wolle, wat útstelle wolle as gewoan in praatsje meitsje wolle dan kin dat op de Wikipedy:Oerlisside.
- At jo earne oerlis skriuwe, set dêrûnder dan ~~~~, dat wurdt dan omset in jo meidochnamme en de tiid.
Fansels is jo bydrage oer Koarnwert sûnt al in pear kear oanpast; dat is no krekt hoe't de wiki funksjonearret. Mar kinne jo sels nochris sjen nei it part oer it "strategysk" stee? Ik wit net krekt wat ik dêrút lêze moat. Aliter 16 des 2008, 00.07 (CET)
Tige tanke foar jo ynformaasje. It is moai om in bydrage te leverjen oan de Fryske wikipedy. It stee "strategysk" fan Koarnwert kin ek wol "geunstich" bedoeld wurde. Koarnwert lei oan'e iennige farrûte (dy't by de sédyk lâns rûn) nei Makkum, wêr't de slûzen nei de Sudersee wiene. Makkum yn dy dagen stelde sels noch net folle foar. It bestie doe allinne út de St.Martensterp mei de tsjerke en in tal pleatsen. Letter is rûnom de slûzen it doarp Statum ûntstien, wat dan letter in ûnderdiel fan Makkum waard. Groetnis --Kneppelfreed 20 des 2008, 06.26 (CET)
Yakuma County[boarne bewurkje]
Bêste Kn. Ik bin tige bliid mei jo stikjes oer plakken yn Yakuma County, Washington. Fannijs wolkom! Ien ding: soene jo de boarnen neame wolle/kinne dy't de Fryske emigranten/mienskippen yn dy plakken oanbelangje? Groetnis, Drewes (talk) 15 nov 2013, 18.21 (CET)
Siden oer Washington[boarne bewurkje]
Goeie, Kneppelfreed. Prachtich wat jo dogge mei al dy nije siden oer plakken en countys yn Washington. Gean sa troch!
Eefkes in pear oanwizings om it noch better te meitsjen.
- As jo in plaatsje foaroan yn in artikel sette, en it is in artikel mei sa'n ynfoboks rjochtsboppe-oan, dan moat it plaatsje eins oan 'e linkerkant, want oars komt it ûnder de ynfoboks te stean, en dan bliuwt de tekst derefter hingjen, sadat je dan boppe-oan yn it artikel, fuort njonken de ynfoboks, in hiel grut blanko flak krije (sjoch bgl. wat ik feroare haw oan Prosser (Washington)).
- As jo in kategory oanmeitsje, lykas jo dien hawwe mei Kategory:Plak yn Benton County, dan hoege jo dêr net yn te setten hoefolle siden deryn sitte; dat docht it systeem automatysk wol. Folle better kinne jo dêr in kategory yn sette; de Kategory:Plak yn Benton County heart bgl. thús yn 'e Kategory:Plak yn Washington, dy't sels wer ûnderbrocht is yn 'e kategoryen Washington en Plak yn de Feriene Steaten. Sa bouwe je in moai systeem fan kategoryen op.
- Ik haw jo Kategory:Plak yn Benton County feroare yn Kategory:Plak yn Benton County (Washington), want der blike 9 ferskillende Benton Countys yn 'e Feriene Steaten te wêzen. It is miskien wol sa handich as jo gewoan standert de steat der even tusken heakjes efter sette, want better mei ferlegen as om ferlegen.
- En as jo sokke kategorysiden ek eefkes oan Wikidata fêstheakje kinne (sa't jo ek mei de artikelsiden dien hawwe) dan soe it hielendal moai wêze. In kategory as Plak yn Benton County (Washington) heart bgl. by Category:Populated places in Benton County, Washington. Mar faak is it makliker om 'e link te finen fia de korrespondearjende kategoryside op 'e Ingelske Wikipedia.
En no mar hoopje dat ik jo net fuortjage haw mei myn geseur. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 21 nov 2013, 16.12 (CET)
- Dat is moai om te hearren, Kneppelfreed. En it wiene net sasear foutsjes, mar mear handichheidsjes. Hjir is noch ien: as jo in opmerking op in oerlisside ûndertekenje, dan kinne jo dat ienfâldichwei dwaan troch fjouwer tildes efterinoar te typen (in tilde is de ~, it weachje, sis mar, dat op it toetseboerd op 'e knop links fan 'e 1 sit). Troch dat te dwaan wurdt net inkeld jo meidochnamme automatysk tafoege, mar ek in link nei jo eigen oerlisside en de datum en tiid dat jo de opmerking makke hawwe. Lykas hjirre dus: Ieneach fan 'e Esk (talk) 22 nov 2013, 15.44 (CET)
Ynfoboks County[boarne bewurkje]
Goeie K. Ik soe jo wol helpe wolle, mar haw soks en noch nea by de ein hân. Jo soene Ieneach freegje kinne. Drewes (talk) 23 des 2013, 16.13 (CET)
- Ja, mei dy ynfoboksen haw ik earst ek in hiel hoart ompield, en soms krij ik it noch net hielendal nei 't sin. Ik tink dat it it fluchste giet as ik der even ien foar jo oanmeitsje, want om it sa fia skreaune tekst út te lizzen, dat wurdt in hiele toer. Ik kom der letter (hjoed of uterlik moarn) even op werom. Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 des 2013, 12.33 (CET)
- No, ik haw in ynfoboks foar Amerikaanske countys (en oare gebieten) makke. De ynfoboks stiet hjir: Berjocht:Universele ynfoboks gebiet. Mar ik moast him fansels ek even prebearje om te sjen oft er goed wurke, dat it is foar jo it maklikst om 'e ynfoboks fan 'e side Yakima County (Washington) oer te nimmen en oan te passen foar oare siden. Ik haw der mei sin noch twa ekstra mooglike bestjoerslagen yn oanbrocht; miskien ha wy dy nea nedich, mar ús mem sei altyd: "Better dermei ferlegen as derom ferlegen." Foar Amerikaanske countys kinne jo dat spul (bestjoerlike ienheid 2, namme bestjoerlike ienheid 2, bestjoerlike ienheid 3, namme bestjoerlike ienheid 3) gewoan iepenlitte, en om't it in universele ynfoboks is, lit it systeem se dan "op 'e foarkant" (sil ik it mar neame) net sjen.
- Sa. Ik hoopje dat jo hjir earst wer mei fierder kinne. Dizze ynfoboks kinne jo trouwens in flagge en/of wapen fan in county net yn kwyt, mar de meast Amerikaanske countys lykje gjin flaggen/wapens te hawwen, of alteast, se steane net op 'e siden yn 'e Ingelske Wikipedy fermeld. As jo ien tsjinkomme wêrby't al in flagge en/of wapen beskikber is, lykas en:Los Angeles County, California, dan sjogge wy dan wol wer. Noflike krystdagen en goed útein! Ieneach fan 'e Esk (talk) 24 des 2013, 22.31 (CET)
Olympyske en Paralympyske Winterspullen 2014[boarne bewurkje]
Goeiemiddei Kneppelfreed,
De Siden foar de Olympyske Winterspullen 2014 en Paralympyske Winterspullen 2014 steane klear (hjir en dêr moat de stavering noch hifke wurde), no mar hoopje op moaie prestaasjes fan de Fryske en Nederlânske sporters. As jo tidens de spullen in útslach tsjikomme dy't noch net ynfolle is fyl jo frij om it yn te foljen.
Wikiice (talk) 5 feb 2014, 16.41 (CET)
De mar[boarne bewurkje]
Hoi Kneppelfreed, ik wol net fan de taalplysje wêze, mar se hawwe my bybrocht dat it is "de mar" en net "it mar". Fierders gjin opmerkings, de leverst goeie bydragen. Gr. --Geoffrey (talk) 23 feb 2014, 21.53 (CET)
omstavere 2015[boarne bewurkje]
Bêste Kneppelfreed,
Troch de staveringsoanpassing fan de Steatestavering feroarje in tal wurden - sjoch list omstavere wurden - fan skriuwwize. Soene jo jo dêr ek efkes yn ferdjipje - kategory:stavering 2015 - en wêr't jo sokke wurden tsjinkomme dy omstaverje wolle?Yn 'e Wâlden (talk) 12 jan 2015, 10.47 (CET)
- Dei Kneppelfreed, Yn desimber hawwe de Steaten it beslút naam, mar om't wy hjir wol de helte fan de siden bydel moatte, sille wy dêr wêr't each derop falt de saken "ferbetterje" moatte. As wy dan om 2017 hinne de saken nochris neiswylje, dan tink ik dat wy de Wikipedy wer by de tiid hawwe. Oan de ferskate dialektfoarmen feroaret der neat. Trije begripen dy't derút springe, binne de ieu -> iuw, droech -> drûch (mar net it ûnregelmjittige tiidwurd drage, dy tiidwurden bliuwe gelyk), de tusken 'v' fan televyzje -> telefyzje krekt as dy by ynvalide -> ynfalide (om't fyzje en falide ek selsstannich foarkomme kinne). Under de side Oanpaste Steatestavering stiet in keppeling nei de beskiuwing op de Akademy-side. Ik wurkje sels oan de jiersiden fan 2015 ôf en dan tebek (op dit stuit bin ik by 1771). It is gjin ramp dat der eat sitten bliuwt, mar alles wat by de tiid is, is meinaam.Yn 'e Wâlden (talk) 13 jan 2015, 10.04 (CET)
Keppelings oare talen[boarne bewurkje]
Jawis, wit ik hoe't dat moat, Kneppelfreed. Jo geane nei Wikidata (hjirre) (ik ried jo oan om dizze side op te slaan by jo favoriten, want hjir moatte jo hieltyd hinne), dan type jo krekt as by Wikipedia rjochtsboppe de side yn dy't jo hawwe moatte (yn it Ingelsk, dat wol), en dan krije jo (by in breed skerm) oan 'e rjochterkant de Wikipedia-keppelings yn oare talen te sjen. As jo in smel skerm brûke, dan steane se in ein nei ûnderen ta. Pas op, want op dizze siden steane ek keppelings fan oare Wikiprojekten, lykas Wikinews en Wikivoyage. Jo moatte de Wikipedia-keppelings hawwe, dat binne altyd de boppesten. Ik haw Mariûpol sels al even dien om te sjen oft der wat oan 'e hân wie, mar dat wie net sa. Ik sil no as foarbyld de Wikidata-side fan Mariûpol der even by nimme. Dy hjit fansels "Mariupol". Dan stiet der: "Wikipedia 98 entries", mei dêrnjonken in edit-knop. Dêr klikke jo op, en dan foegje jo ûnderoan de rige jo keppeling ta, dat wol sizze yn it earste fakje "fy" (foar de Fryske Wikipedy) en yn it twadde fakje de namme fan jo side. Dêrnei klikke jo op "save", rjochts fan de "edit"-knop. Rjochts fan de "save"-knop stiet de "cancel"-knop, foar as jo jo betinke. "Save" en "cancel" ferskine pas as jo op "edit" klikt hawwe. Tusken de earste fakjes (mei de taalkoade -- fy, nl, en, ensfh.) en de fakjes mei de sidenamme yn stiet in ikoantsje dat in jiskefet foarsteld. As jo in foute keppeling makke hawwe, kinne jo op "edit" klikke en dan op it jiskefetsje fan dy keppeling, en dan wurdt dy keppeling fuortsmiten.
Soms is it sa dat der op Wikidata wat omslachtige nammen brûkt wurde, dy't foar ien dy't fan hûs út net Ingelsktalich is, dreech te finen binne. In oplossing is dan om nei in korrespondearjende side te gean yn in oare Wikipedy (de Ingelske of de Nederlânske), dy't jo wol fine kinne. Dan stiet der yn 'e loftermarzje ûnder "helpmiddels" (Ing. tools, Ned. hulpmiddelen) in link dy't "Wikidata item" hjit. As jo dêrop klikke, komme jo by de Wikidata-side dy't jo hawwe moatte. De lêste tiid hat Wikidata in hiel yrritant probleem ûntwikkele, dat as je al in hoartsje op dy site sitte en je wolle in keppeling tafoegje, dat it spul dan fêstrint en jo de melding "invalid token" krije. Dan moatte jo in nije brows-sesje begjinne (klik yn jo browser op Bestand, dan op Nieuwe Sessie), dan wer nei Wikidata ta, op 'e nij ynlogge (as jo teminsten ûnder jo meidoggersnamme wurkje wolle), wer nei de side ta dy't jo hawwe moatte, en dan docht alles it wer. No, dat wie it wol, leau ik. Sa't ik sei, ik haw Mariûpol al dien, dat ik soe sizze, besykje it sels nochris mei de oare siden. Krije jo it net foarelkoar, dan hear ik it wol. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 30 jan 2015, 12.48 (CET)
Alfabetisearring[boarne bewurkje]
Goeie, Kneppelfreed. Kreaze side oer Richard von Weizsäcker, en ik sjoch dat jo no gjin problemen mear hawwe mei it artikel oan Wikidata te keppeljen. Ien ding noch: as jo persoanen dogge, moatte jo dy eins even alfabetisearje op 'e efternamme. Dat dogge jo troch foarôfgeande oan de kategoryen: { {DEFAULTSORT:Weizsacker, Richard von} } te setten, mar dan fansels sûnder de spaasje tusken de akkolades (as ik dy spaasjes der hjir net tusken set, dan alfabetisearje ik jo oerlisside). By dizze sortearring moatte jo gjin diakrityske tekens skriuwe (â, ä, á, à, ê, ô, ö, û, ú, ü ensfh.), want it systeem alfabetisearret sokke letters oan 'e ein fan it alfabet, nei de z. Dan krije je nuvere dingen dat bygelyks Wâldsein nei Wurdum yn 'e kategoryen komt te stean. Dus ek by siden dy't net oer persoanen geane, mar dy't foaroan yn it wurdt sa'n diakritysk teken hawwe, is it de baas om even in "defaultsort" ta te foegjen. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (talk) 4 feb 2015, 11.32 (CET)
- Dit jildt foar eltse side dy't jo alfabetisearje wolle op in oare letter as de earste letter fan 'e namme. Yn 'e praktyk fral persoanen, ja, mar sa't ik sei is it mei diakrityske tekens (dêr't it Frysk der nochal wat fan hat) ek de baas om dit te dwaan, fral as dy fuort oan it begjin fan it wurd foarkomme. Dus bygelyks Wûns alfabetisearje op "Wuns" en Wâldsein op "Waldsein". As jo bygelyks Earnewâld hawwe, is it minder wichtich, om't it net foar de hân leit dat der yn 'e kategoryen dêr't jo dat yn yndiele noch in artikel is dat mei "Earnew-" begjint. Wat jo berskriuwe mei dy koades, dat komt my net bekend foar, of it moat wêze... Jo moatte ris nei Wikidata ta gean en nei in willekeurich item (Mariupol, bygelyks). Dan mei de rjochtermûsknop op de edit-knop klikke, en dan "Openen in nieuw venster" dwaan. Dan krije je der in soartemint formulier foar, dêr't je ek Wikipedialinks mei tafoegje kinne. Dit ding wol der oars ek noch wolris út himsels foar komme as se op Wikidata mei it systeem oan it ompielen binne. By "site id" "fywiki" ynfolje, by "site link" de namme fan 'e side op 'e Fryske Wikipedy dy't jo oan it Wikidata item keppelje wolle. "Badges" kinne jo oerslaan, en dan gewoan op "Set the site link" klikke om it spul definityf te meitsjen. Is dit dy side dêr't jo it oer hinenen dêr't jo koades ynfolje moasten? It is nammers it iennige dat ik dêrby betinke kin. Ieneach fan 'e Esk (talk) 5 feb 2015, 11.39 (CET)
- Graach dien. Ieneach fan 'e Esk (talk) 10 feb 2015, 15.46 (CET)
Sjoerdco[boarne bewurkje]
Goeie Kn. Tank foar jo reäksje. At jo gelyk hawwe dat syn boarne dy fan ûnderwizer Steenstra, as oare 19e iuwske boarnen, is soe my dat gjin dwaan fanwege it romantysk halte. Ik hie ek al sjoen dat er wiere stikken yn syn ferhalen sitte, mar helje dy der mar is út mei ferwizing nei boarnen. Ik haw dêr gjin nocht oan en mei Sjoerd is it dreech kommunisearjen. It stik sa't er der no leit kin yn elts gefal net. Gr. Drewes (oerlis) 6 mrt 2015, 17.23 (CET)
Foarstel 'oe'/'û'-kwestje[boarne bewurkje]
Goeie, Kneppelfreed. Ik haw op 'e Oerlisside in foarstel dien om foar iens en foar altyd de strideraasje oer de 'oe'/'û'-stavering yn lannenammen út 'e wei te romjen. Ik soe graach wolle dat jo hjirre ris nei seagen en in stim útbrochten sadat de mearderheid fan 'e Wikipedy-mienskip oer dizze saak beslisse kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2016, 21.58 (CEST)
Staveringsgedoente[boarne bewurkje]
Goeie Kneppelfreed. Ik kin my wol in bytsje yntinke dat jo juster efkes it mier hiene oan myn aksje. Mar it wie net persoanlik bedoeld, it is net sa dat ik jo op de hûd sitte wol wat stavering oanbelanget. At ik flaters yn in stikje sjoch en der net fuortendaliks nocht oan om dy te ferbetterjen, set ik dêr it berjocht 'stavering' boppe, as in soarte fan reminder. Mear is't net. Groetnis. Drewes (oerlis) 14 sep 2020, 20.11 (CEST)
Goeie @Drewes: tige tank foar jo útlis en it is fierders allegear goed. Ja ik hie it mier al even juster en utere myn frustraasje op de oerlisside fan de oanmakke side mar dy hie ik njonkelytsen der al wer ôf helle. Ik begryp fierders jo punt wol want we wolle fansels sa min mooglik flaters yn de wiki hawwe. It falt somtiden net altyd ta om de júste wurden te finen om't de sprektaal ek wol wat ôfwykt fan de skriuwtaal en yn myn deistich wurk brûk in soad Ingelsk fandêr myn Fringelsk der hjir en dêr. Mar de Fryske taal giet my tige oan it hert en troch oan de wikipedy by te dragen, dêr't ik fierders in soad wille oan ha, besykje ik it te stypjen en bliuw ik ek mei it heitelân ferbûn. Kneppelfreed (oerlis) 15 sep 2020, 19.43 (CEST)
- No Kneppelsma, de swierrichheden dy't jo ha mei it skriuwen fan geef Frysk binne mines ek. It sprutsen Frysk is hjir by in soad minsken ferjûn fan it Hollânsk. Ik fernim it oan mysels ek. As ik geef Frysk prate soe (en koe), begripe de minsken it mar heal, hawwe der argewaasje fan en tinke (faak)s: wat is dat foar in healwize fanatike figuer? Goed Frysk ûnderrjocht op de basisskoalle soe moatte, mar dan noch tink ik dat it proses fan taalfersleaukjen net te kearen is yn in maatskippij dy't oerhearske wurdt fan it Ingelsk en Nederlânsk. It kin de measte minsken gewoan gjin sprút skille. Wat jo Fringelsk oanbelanget: net oer yn sitte, wy meitsje de Wikipedy meielkoar. Gr. Drewes (oerlis) 16 sep 2020, 17.52 (CEST)
- @Drewes: tige tank foar jo oanmoedigjende wurden. Gr.Kneppelfreed (oerlis) 18 sep 2020, 05.44 (CEST)
We sent you an e-mail[boarne bewurkje]
Hello Kneppelfreed,
Really sorry for the inconvenience. This is a gentle note to request that you check your email. We sent you a message titled "The Community Insights survey is coming!". If you have questions, email surveys@wikimedia.org.
You can see my explanation here.
MediaWiki message delivery (oerlis) 25 sep 2020, 20.50 (CEST)
Oeps...[boarne bewurkje]
Goeie, Kneppelfreed. Sorry foar myn nuvere flater fan juster. It wie let en ik hie it stik net goed lêzen om't ik al miende te witten wat it wie. Us âlde mem soe wol sizze: "Miene is broekskite." Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 apr 2021, 18.23 (CEST)
- Goeie, @Ieneach fan 'e Esk:, neat te rêden, hear. It kin barre. Doch ik sels ek faak genôch.:-) --Kneppelfreed (oerlis) 27 apr 2021, 04.09 (CEST)
Wynroas[boarne bewurkje]
Hoi Kneppelfreed, ik sjoch dat jo it berjocht wynroas hjir ek brûke wolle. Ik tink dat jo de ferzje fan nl as foarbyld brûkt hawwe. It probleem sit him yn dat jo dy extra ynformaasje mei foarbyld ensa net tusken dy \<noinclude\> tags setten haw (wit net hoe at ik "tags" yn it frysk sizze moat). Dat lêste part wurdt dan weilitten at it berjocht brûkt wurdt. Derom wurd by jo foarbyld it berjocht sjen litten, mar ek wer dy ekstra ynformaasje oan it ein, mei it foarbyld.. Fandear dat it nei 2 kear ek ôfkapt wurdt mei in foutmelding. Oars soe it in ûneindig trochgean. Theun (oerlis) 20 jun 2021, 10.35 (CEST)
- Ik haw no oan myn kaartsjes probearsel, wêr at ik wat yn hingje blean ek in foarbyld taheakke tusken dy noinclude tags. Theun (oerlis) 20 jun 2021, 11.08 (CEST)
- @Theun:, ja it is slagge. Tige tank foar jo help :-) --Kneppelfreed (oerlis) 20 jun 2021, 16.37 (CEST)
Symfony[boarne bewurkje]
Tank foar jo ferbetterings. Ik hie sels it wurdsje 'wa' ferjitten (?), kinne je neigean hoe roastich myn Frysk wurden is... No ja, it sil ek it stuit fan 'e "dei" wol wêze... Steinbach (oerlis) 3 jul 2021, 09.31 (CEST)
- @Steinbach: Graach dien en gjin probleem hear. We meitsje allegear, mysels ynbegrepen, flaters. Tank foar it oanmeitsjen fan de side :-) --Kneppelfreed (oerlis) 3 jul 2021, 15.56 (CEST)
Utnûging[boarne bewurkje]
Goeie. Sa't by de diskusje oer it funksjonearjen fan 'e Wikipedy wer oan it ljocht kommen is, binne der op it stuit mar twa struktureel aktive behearders. Drewes en ik soene graach wat fersterking hawwe wolle en it ek goed brûke kinne. Dêrom woene wy jo freegje oft jo ek behearder wurde wolle. Dat moat fansels net tsjin 't sin. Wy wolle jo net ûnder druk sette. As jo it beslist net wolle, dan kinne jo dat gewoan sizze en dat binne we like goeie freonen. De ôfrûne tiid is mei de diskusje oer it funksjonearjen fan 'e Wikipedy, tink ik, folslein dúdlik wurden wêr't jo yn stappe as jo beslute it te dwaan. Ik soe jo dêrom oanriede wolle der goed oer nei te tinken en ek nochris it stikje op Wikipedy:Behearders te lêzen foar't jo ús jo antwurd jouwe. Groetnis Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 jul 2021, 18.39 (CEST), Drewes (oerlis) 27 jul 2021, 19.11 (CEST)
Goeie @Ieneach fan 'e Esk en Drewes:. Tige tanke foar de útnûging om behearder te wurden. Ik hie it al even yn my omgean litten nei de diskusje oer it funksjonearjen fan de wikipedy en ik tocht dat der in kâns wie dat ik frege wurde soe. Dus myn andert is: ja ik wol wol behearder wurde. Fr. gr. Kneppelfreed (oerlis) 27 jul 2021, 21.53 (CEST)
- Goejûn. Dêr bin ik hiel bliid mei, en dat sil perfoarst ek jilde foar Drewes. Ik sil in foaroankundiging op 'e Oerlisside sette. Dan hat in elk in wike de tiid om der wat oer te sizzen, en as dêr al net wat tige ûnferwachts út komt, sil Drewes of ik jo behearder meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 jul 2021, 22.40 (CEST)
Bêst genôch 👍 Kneppelfreed (oerlis) 28 jul 2021, 20.52 (CEST)
- Lokwinske, Kneppelfreed. Jo binne no in behearder fan 'e Fryske Wikipedy. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 aug 2021, 23.15 (CEST)
Tige by tige. Ik bin bliid dat ik in part fan de Fryske wikipedy wêze kin en dat we it mei-inoar ta in moai projekt meitsje kinne. Fr. gr. Kneppelfreed (oerlis) 4 aug 2021, 23.38 (CEST)
Haha tankewol. :-) Kneppelfreed (oerlis) 5 aug 2021, 19.21 (CEST)
Grutte Easten / Grand Est - Opper-Frankryk / Hauts-de-France[boarne bewurkje]
Ik seach dat jo yn in pear artikels oer Frânske regio's in Fryske namme jûn ha. Grand Est is sa it Grutte Easten woarn en Hauts-de-France Opper-Frankryk. Wy hawwe in skoft lyn de nammen fan bûtenlânske plakken fêstlein. Wy hawwe it dêrby fierder leau'k net hân oer de regio's fan Frankryk, mar de nammen 'Grutte Easten' en 'Opper-Frankryk' binne tink net bot ynboargere en ik miende dat wy doe ôfpraat hawwe dat wy yn sokke gefallen de offisjele nammen oanhâlde soene. Hawwe jo der in beswier tsjin dat ik de titels fan jo bydragen feroarje yn de offisjele namme en dan yn de tekst fierder de Fryske namme derby set?--RomkeHoekstra (oerlis) 8 sep 2021, 19.28 (CEST)
- @RomkeHoekstra: Nim my net kwea-ôf dat ik hjir even ynbrek. Spitich dat dizze diskusje nei't it skynt by jo lâns gien is, Romke. Ik wol fierders graach even sizze dat de diskusje oer ferfrysking fan bûtenlânske toponimen, dêr't jo nei ferwize, útslutend oer plaknammen gie, en net oer geografyske nammen fan gruttere gebieten, lykas streken, provinsjes en bestjoerlike regio's. Persoanlik sjoch ik dêr in grut ferskil tusken. Wat plaknammen oangiet, bin ik yn prinsipe net foar ferfrysking fan toponimen dy't net al ynboargere binne. Wat gruttere geografyske gebieten oangiet, leit dat neffens my lykwols oars, yn it foarste plak al fanwegen de grutte fan it gebiet. Dêr komt noch by dat sokke nammen (oars as de measte plaknammen) faak yn it Frysk ferbûgd wurde moatte kinne. Om by de Frânske regio's te bliuwen, soene je bgl. sizze kinne dat Opper-Frankryk ferbûgd wurde kin ta Opperfrânsk en Grutte Easten ta Gruteastlik. Ik moat tajaan dat je mei guon fan dy healwize nammen dy't se dêr yn Frankryk betocht hawwe, ek nei ferfrysking net folle kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 sep 2021, 23.17 (CEST) --Kneppelfreed (oerlis) 9 sep 2021, 18.42 (CEST)
- Ja dat is al wat spitich mar it is net oars en dan litte wy it mar sa.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 sep 2021, 15.44 (CEST)
Myn djipste ekskuzes[boarne bewurkje]
Kneppelfreed. Ik wit eins suver net iens wat ik sizze moat. Myn djipste ekskuzes foar sa'n stomme fout. Ik kin mysels wol wat dwaan. Ik waard der niis kâld fan doe't ik jo berjocht lies. Ik snap noch net hoe't dit sa stom hân haw. Der wie juster in fandaal mei IP-adres 194.27.35.87, dy't om 13.28 en 13.55 twa kear in side fandalisearre, sis eins mar wiske hat. Ik seach dat justerjûn, doe haw ik dêr even oer neitocht en úteinlik besletten dat dy mar in aardich skoft op 'e strafbank moast. Doe bin ik op Koartlyn feroare wer omleech scrolld op 'e siik nei 194.27.35.87 en doe moat ik, sa begryp ik no, by fersin jo útsluting fan dyselde fandaal om 19.05 nommen hawwe, dêr't dat IP-adres ek by neamd wurdt. En doe haw ik blykber jo útsletten. Oars soe ik teminsten net witte hoe't dit kin.
Dit is my wol slim yn 'e wei. En krekt op in dei dat ik de hiele dei oars besteld wie, jûns foar de tillefyzje siet en pas oan 'e ein fan 'e jûn de kompjûter noch even oansette om hjirre noch eefkes te sjen. Tanksij yngripen fan Drewes hawwe jo gelokkich net in hiele dei ferlern, mar oars hie dat wol sa west. Ik bin bliid dat jo der yn elts gefal neat efter sykje en daliks ynseagen dat ik dit noait wollen hie. No ja, wat kin ik der fierder noch fan sizze. Ik sil it mar foar in learmomint hâlde. Tenei trije kear checke mei útsluten. Nochris sorry en ik hoopje dat jo it my net oanrekkenje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 okt 2021, 00.14 (CEST)
- Bêste @Ieneach fan 'e Esk:. Sit der mar net oer yn hear. Wy binne like goede freonen. Wy kinne allegear troch fersin op in ferkearde toets drukke. Haw ik ek faak genôch dien. Ik wist fuortendaliks wol dat jo my net mei sin útslute woene. En jo hawwe gelyk dat dy fandaal in langere straf nedich hie. Ik hie him/har foar seis moanne útsletten, mar dat mocht wol wat langer. Tige tanke foar jo reaksje :-) Groetnis--Kneppelfreed (oerlis) 30 okt 2021, 03.30 (CEST)
- Tige tank foar jo begryp. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 okt 2021, 15.48 (CEST)
Oldendorp[boarne bewurkje]
Fergeemje, dêr wiene jo my foar, it tafal wol dat ik ek al mei Oldendorp oan de slach wie. Mar om't ik justermiddei en -jûn wurkje moast en it noch net hielendal ôf wie, soe'k it hjoed ôfmeitsje. En no seach ik dat jo der ek al mei oan de slach west hiene. Binne jo fan doel mear plakken te beskriuwen yn dy krite? Dan wol ik jo fierder net yn't farwetter sitte en dan kin ik my better earne oars dwaande hâlde.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 nov 2021, 11.51 (CET)
- Goeie @RomkeHoekstra: Ja ik wie fan doel in tiidsje mei Eastfryske plakken yn de lânkring Lier, en miskien fierder, oan de gong te gean. Ik haw de plakken yn de gemeente Moormerland ôfmakke, en bin no dwaande mei de gemeente Jemgum. De tsjerken yn dy plakken haw ik net dien. As jo dy tenminsten dwaan wolle, sil ik my mei de plakken en bytsje oer de skiednis dwaande hâlde. Yn elts gefal tige tank dat jo my even witte litten hawwe, dan rinne we inoar net yn paad ;-) --Kneppelfreed (oerlis) 9 nov 2021, 15.29 (CET)
- Bêst genôch. Ik sil wol mei de tsjerkjes oan 'e gong. RomkeHoekstra (oerlis) 9 nov 2021, 19.44 (CET)
Folle lok en seine[boarne bewurkje]
Ik wol alle meidoggers in goed útein en in noflik en sûn nijjier tawinskje. Hooplik bringt it nije jier ús allegear wat better as de lêste twa jier.--Kneppelfreed (oerlis) 31 des 2021, 19.08 (CET)
- @Kneppelfreed Foar jo net minder, dat it mar in moai jier wurde mei. FreyaSport (oerlis) 1 jan 2022, 15.17 (CET)
- Jo ek de bêste winsken, Kneppelfreed, en ik slút my fan herten oan by jo hope dat we fan 't jier einlings út 'e krisis komme sille. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jan 2022, 19.38 (CET)
How we will see unregistered users[boarne bewurkje]
Hi!
You get this message because you are an admin on a Wikimedia wiki.
When someone edits a Wikimedia wiki without being logged in today, we show their IP address. As you may already know, we will not be able to do this in the future. This is a decision by the Wikimedia Foundation Legal department, because norms and regulations for privacy online have changed.
Instead of the IP we will show a masked identity. You as an admin will still be able to access the IP. There will also be a new user right for those who need to see the full IPs of unregistered users to fight vandalism, harassment and spam without being admins. Patrollers will also see part of the IP even without this user right. We are also working on better tools to help.
If you have not seen it before, you can read more on Meta. If you want to make sure you don’t miss technical changes on the Wikimedia wikis, you can subscribe to the weekly technical newsletter.
We have two suggested ways this identity could work. We would appreciate your feedback on which way you think would work best for you and your wiki, now and in the future. You can let us know on the talk page. You can write in your language. The suggestions were posted in October and we will decide after 17 January.
Thank you. /Johan (WMF)
4 jan 2022, 19.15 (CET)
Dei Kneppelfreed, ik seach niiskrekt dat jo dit stikje oanfold hawwe mei tekst út it Hollânske lemma nl:IJslumburen. Wat dat oanbelanget is it tige wichtich te witten dat op nl:wiki hast alle stikjes oer toponimen fan lytse plakjes yn Fryslân ferknoeid binne troch "Dagdeel" (no "Dagneygirl"), immen dy't it net op it Frysk stean hat en dy't al jierren ûnder ferskate nammen warber is om dêr "Hollânske" nammen foar op te tinken, ek as dy nea brûkt binne. Elk wurd dat dizze meidogger dêroer skreaun hat moat goed neisjoen wurde en kin perfoarst net samar oernommen wurde. Sjoch foar in foarbyld nl:Talk:Swarte Beien. Sa't dizze meidogger yn dat artikel te wurk gien is, is eksemplarysk. Groetenis, Wutsje 20 mrt 2022, 05.41 (CET)
- Dei @Wutsje:, tige tank dat jo my dêr even op wiisd ha. Ik sil dêr tenei wol even op lette. Ja it falt my yndie wol gauris op dat der guon binne op nlwiki dy't wat in anty-fryske hâlding oanhâlde. Se besykje safolle mooglik Fryske nammen te mijen en betinke mar wat ûnnoazele Hollânske nammen, fan bygelyks de gemeentenammen. Ek it oerlis op de side nl:Friezen haw ik ris folge, dêr waard ik net goed fan dy iene meidogger Vlaemink, dy't besocht hat de skiednis folslein op 'e nij te skriuwen.--Kneppelfreed (oerlis) 20 mrt 2022, 06.19 (CET)
Projekt WikiWomen[boarne bewurkje]
Rju achte Kneppelfreed,
Resintlik is der in nij Europeesk projekt fan start gien mei de namme WikiWomen: in gearwurking tusken Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân oan de Fryske kant, dêrneist mei Wikimediaorganisaasjes en middelbere skoallen yn Ierlân yn Baskelân. De ynhâld fan it projekt is yn it koart dat der lesmateriaal ûntwikkele wurdt foar middelbere skoallen dêr’t skoalbern better troch skriuwen leare yn de doeltaal troch Wikipediasiden te skriuwen yn de doeltaal, spesifyk oer bekende froulju. It projekt hat in soad ferskate doelstellings: mear kennis fan de minderheidstaal ûnder de sprekkers; mear Wikipediasiden yn de minderheidstaal; mear Wikipediasiden oer froulju; kennis ûnder de skoalbern oer wêr’t ynformaasje op it ynternet weikomt, hoe’t Wikipedia wurket en hoe’t je kritysk sjogge nei de boarne fan ynformaasje op it ynternet.
In tiid lyn hat myn kollega Mirjam Vellinga in berjochtsje pleatst op de Fryske Wikipedia om te oriïntearjen en om in breder byld te krijen fan de Fryske kant fan Wikipedia. Doe hat sy koart telefoanysk kontakt hân mei ien fan jimme. Underwilens is it projekt offisjeel fan start gien. By dizze de fraach oan jo oft wy mei jo (en de rest fan de behearders, oan wa’t itselde berjocht stjoerd wurdt) yn kontakt komme kinne om it oer it projekt te hawwen en it reitsflak mei de Fryske kant fan Wikipedia. Faaks hawwe we wat oan inoar!
Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo sjen op: https://afuk.frl/nl/tige-slagge-earste-partnerbyienkomst-wikiwomen-yn-ljouwert/ , https://www.fryske-akademy.nl/en/news-and-events/news-item/news/detail/mear-frysk-en-mear-froulju-op-wikipedia-troch-europeesk-projekt/
Graach hear ik fan jo,
Mei freonlike groetnis,
Welmoed Sjoerdstra Stazjêre Afûk Projekt WikiWomen
Stimme?[boarne bewurkje]
Dear friends,
when I asked for adminship on the Saterfrisian Wikipedia, I unfortunately did not ask also for interface adminship. That means, at the moment there is no user on the Saterfrisian Wikipedia with the permission to change or install e.g. Javascript files or edit CSS. See also: w:stq:Spezial:Statistik.
That's why I'm bothering you again with a voting: w:stq:Wikipedia:Weerskup#Interface_admin
Thanks again for your assistance Murma174 (oerlis) 14 jul 2022, 15.07 (CEST) Drewes (oerlis) 14 jul 2022, 16.42 (CEST) Drewes (oerlis) 14 jul 2022, 16.42 (CEST)
- Dien! Kneppelfreed (oerlis) 14 jul 2022, 17.10 (CEST)
Hi. Sorry to bother you. I noticed 115.178.249.251 is creating articles like 2666 and 3003 which are basically blank. They don't look useful to the Wikipedia. Should they be deleted? Also, I reverted some of the IP's edits. Would you check my actions and see if I had done anything wrong? Thanks. --魔琴 (oerlis) 21 jul 2022, 11.54 (CEST)
- Dear @魔琴:, thank you for your alertness in this matter. I don't know what this person was trying to accomplish by making empty sites about random years. I deleted those pages already, and checked your reverts on the edits this person made. Again thank you for your help. Sincerely, --Kneppelfreed (oerlis) 21 jul 2022, 18.37 (CEST)
Ynterview[boarne bewurkje]
Goeie. Ik wit net oft it noch wat wurdt mei dat ynterview, mar yn elts gefal wol ik dit eefkes mei jo diele. Sa't ik op 'e algemiene oerlisside al sein hie, haw ik oer dizze kwestje fia de e-mail kontakt hân mei Wikimedia Nederlân, dêr't ik (blykber) noch altyd yn it bestân sit. Se hawwe my no dizze hânlieding tastjoerd oer it jaan fan in ynterview. In grut diel dêrfan docht yn dit gefal net ta de saak, mar likegoed is it miskien ynteressant foar jo. (Ik haw fan Wikimedia Nederlân eksplisyt tastimming krigen om dit dokumint op jo oerlisside te setten, wat úteinlik fansels delkomt op publikaasje.)
Tips voor omgaan met de pers
1. De meeste Wikipedianen die worden geïnterviewd vinden het een leuke ervaring. Het is een kans om te praten over een onderwerp dat ze nauw aan het hart ligt en om hun deskundigheid te delen.
2. Veel journalisten staan sympathiek ten opzichte van Wikipedia maar hun uiteindelijk doel is toch een goed verhaal. Een goed verhaal kan zijn een ‘human interest’ profiel van de mensen achter Wikipedia, een zeer feitelijk inhoudelijk tech-verhaal over hoe Wikipedia werkt, maar ook een ‘onthulling’ over conflicten of vermeende misstanden achter de schermen. De meeste journalisten zijn echt niet per definitie op zoek naar schandalen, en zijn er niet op uit om de persoon die ze spreken belachelijk te maken. Maar: een journalist is uiteindelijk niet verplicht om positief te schrijven over Wikipedia of over jou.
3. Als een journalist je benadert voor een interview, vraag dan voor welk medium/programma het is en wat de insteek van het item zal zijn. Is er een concrete aanleiding? Worden er nog meer mensen geïnterviewd? Noteer vooral naam en contactgegevens. Als je benaderd wordt door de producent van een radio- of tv-programma vraag dan ook door wie je uiteindelijk wordt geïnterviewd.
4. Je kunt gerust zeggen dat je even over het interviewverzoek wilt nadenken. Probeer voordat je toezegt wat meer te weten te komen over de journalist/interviewer, en het medium. Wat is de stijl, waar liggen de interesses, wat is het beoogde publiek? Ga je je daar prettig bij voelen? Heb je er vertrouwen in? Overleg eventueel met Wikimedia Nederland.
5. Bepaal waar je grenzen liggen wat betreft privacy en maak dat van te voren duidelijk.
a. Is het OK dat je volledige naam wordt genoemd? Het bronnenbeleid van sommige serieuze media laat niet toe dat mensen anoniem of onder pseudoniem (gebruikersnaam!) worden geciteerd. Overleg van te voren wat voor jou én de journalist acceptabel is. (Ter geruststelling: journalisten mogen alleen als er een groot maatschappelijk belang in het geding is zonder toestemming van betrokkene diens identiteit onthullen).
b. Wil je in beeld komen? Dit speelt niet alleen bij tv maar ook bij schrijvende pers (foto’s!).
c. Als de journalist (voor radio of tv eventueel vergezeld van een of meer technici) bij jou thuis komt voor een interview, bedenk dan van te voren hoeveel van je privé-omgeving je wilt delen met de wereld. Wat je ook afspreekt, controleer of er in de kamer waar je met de journalist spreekt geen dingen te zien zijn die je liever privé houdt. Dan gaat het niet alleen om foto's van partner of kinderen, maar b.v. ook om het blad van de politieke partij waarvan je lid bent. (Knappe journalist die de verleiding kan weerstaan om daar aandacht aan te besteden.....) Overigens ben je natuurlijk absoluut niet verplicht om een journalist/cameraploeg thuis te ontvangen!
6. Zeker bij (live) interviews: informeer met welke concrete vragen de interviewer zal komen. Bereid je voor. Zorg dat je relevante feiten en cijfers bij de hand hebt, en pakkende voorbeelden. Bedenk voor live interviews eventueel een paar ‘soundbites’: zinnen die je graag gezegd wilt hebben. Oefen die zinnen zodat ze makkelijk van je tong rollen.
7. Voor live-interviews via de telefoon: zorg voor een goede verbinding, een opgeladen mobiel en een rustige ruimte om het gesprek te voeren. Doe desnoods een briefje ‘niet storen’ op de deur van je kamer. Bij interviews voor (zeer) vroege radioprogramma’s: sta ruim van te voren op en doe wat stemoefeningen zodat je niet ‘net wakker’ klinkt.
8. Houd er wel rekening mee dat een journalist vaak net iets meer, of net iets anders, wil weten dan jij van plan was te vertellen..... Probeer je grenzen te bewaken en laat je niet meeslepen! Behalve bij een live-interview voor radio of tv kun je altijd even om een pauze vragen als je je gedachten op een rijtje wilt zetten.
9. Als je het antwoord op een vraag niet weet is het beter om dat direct te zeggen dan om te gaan gissen. Bij schrijvende pers (en soms ook bij opnames) kun je eventueel aanbieden om het op te zoeken en later door te geven. Bij live interviews kan dat niet, dus dan gewoon zeggen: “Goede vraag, maar dat weet ik helaas niet.” (Dan hadden ze de vraag maar van tevoren moeten doorgeven.....)
10. Bij opnames voor radio en tv: schroom niet om te zeggen dat je een antwoord opnieuw wilt geven als je niet tevreden bent over de eerste poging. Het kan altijd gewoon over.
11. Stel dat je tijdens een interview iets hebt gezegd en je komt er nog vóór publicatie of uitzending achter dat het niet klopt. Als het om een belangrijk punt gaat, kun je dat het beste zo snel mogelijk melden bij de journalist. Bij zaken die wel kloppen maar waarvan je bij nader inzien denkt ‘dat had ik beter niet kunnen zeggen’ is dat wat lastiger. Een goede journalist zal zeker proberen je tegemoet te komen, maar niet als dat ten koste gaat van het verhaal. Je hebt het tenslotte gezegd en het is waar... Bedenk wel dat je door te melden dat je iets beter niet had kunnen zeggen daar juist de aandacht op vestigt.
12. Behalve bij een live interview wordt er altijd een selectie gemaakt uit wat jij zegt. Soms blijven er van een gesprek van een uur maar een paar regels tekst of een minuut uitzending over. Bij geschreven media kun je afspreken dat je het verhaal van te voren mag inzien, of in ieder geval de delen van het verhaal waarin jij aan het woord komt. Maar: een journalist hoeft alleen iets met je commentaar te doen als je echt verkeerd bent geciteerd of er echt aantoonbaar grote inhoudelijke fouten in de tekst staan. Bij radio- of tv-items kom je er vaak pas bij de uitzending achter wat het geworden is.
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 sep 2022, 23.01 (CEST)
- Tige tanke foar de ynformaasje. Ja dat ynterview mei de Ljouwerter sil wol neat mear wurde. Kneppelfreed (oerlis) 6 sep 2022, 08.11 (CEST)
Bydragen fan Qoqjan[boarne bewurkje]
@Kneppelfreed en Drewes: Goeie. Pfoe, wat in rommel. Wat moatte wy mei al dy bydragen fan Qoqjan? Ik stel in mass delete foar (alles yn ien kear fuort). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 sep 2022, 02.49 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, ja ik tink dat we alles mar fuortsmite moatte. Ik haw der yn elts gefal gjin nocht oan om al dy siden te ferbetterjen, want der sit in bealch wol wurk yn. Ek de ynfoboksen sitte grôtfol flaters. Kneppelfreed (oerlis) 27 sep 2022, 03.09 (CEST)
- Mei iens. Drewes (oerlis) 27 sep 2022, 10.41 (CEST)
- @Kneppelfreed en Drewes: Fuort is 't. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 sep 2022, 00.21 (CEST)
- Mei iens. Drewes (oerlis) 27 sep 2022, 10.41 (CEST)
De Swettedyk dêr't de Swette troch groeven waard.[boarne bewurkje]
Presys kin ik net lêze, mar op Dillesyl is de keppeling oer de dyk de Swette, no feroare yn it wetter, as de trekfeart, de Swette. By dy Swette, no in wetter, wurdt de Swette bylâns groeven. Ik haw it idee dat it net goed út de ferve kaam is. Mysha (oerlis) 30 jan 2023, 11.33 (CET)
- @Mysha, ik miende dat it om De Swette gie. De Swette (wetter) is in trochferwizing dêrhinne. Jo mei it wer weromdraaie ta hoe't it neffens jo wêze moat. Kneppelfreed (oerlis) 31 jan 2023, 03.47 (CET)
Bartlehiem[boarne bewurkje]
Jo woenen witte wêrom ik by Evaristus in ferdúdliking hawwe woe op Bethlehem. It grappige is dat it risseltaat fan jo weromsetten dúdlik seit wêr't it om gong: de wiki seit nei ôfrin:"Lebels: Weromsetting Keppelings betsjuttingssiden". Ik soe sizze: Jo soenen de keppeling nei Bethlehem ris folgje moatte, dan is it daalks dúdlik. Aliter (oerlis) 30 jan 2023, 18.32 (CET)
- @Aliter, syn heit kaam eins út Bethlehem yn Judeä, net út Berthlehem (Galilea). Ik hie it nei Bethlehem wizige, net wittende dat dat in betsjuttingsside is. Dat maot even feroare wurde. Bethlehem moat hjir dus even in trochferwizing wurde, want wy hawwe de side Betlehim. Kneppelfreed (oerlis) 31 jan 2023, 03.52 (CET)
UOzurumba (WMF)[boarne bewurkje]
Ja, ik wit likernôch wat it idee is. Mar lykas sein: it is in dom idee om hjir om help te freegjen. At hja help wolle, freegje dy dan oan de 139 brûkers, net oan ús. Ja, ik kin mear myn bêst dwaan, mar ik wol net. Ik wol dat de histoarje sa gau as mûglik ôfbrutsen wurdt, om't soks allinnich tiid nimt. Ik nim oan dat ik net streekrjocht sizze mei: "Tank foar jo berjocht; wy hawwe der allegearre in protte tiid mei fergriemd; no miter op." Dat, ik sis it net rjocht-út, mar allinnich wat koart troch de bocht. Dat betsjut dat oaren sizze moatte dat it ferhaal net winske is. Aliter (oerlis) 10 feb 2023, 21.40 (CET)
- @Aliter, it iennige dat UOzurumba frege wie help mei it oersetten fan it berjocht dy't hja op de Wikipedy:Oerlisside sette. Hja woe ús in helpmiddel oanbiede dy't it neffens har sizzen makliker meitsje soe om seksjes oer te setten út oare wikipedys wei. Ik haw har oanjûn dat we alle help wurdearje, mar dat dy helpmiddel ús op dit stuit net in soad helpe sil. Ik sil jo net sizze wat jo sizze meie as net, dochs ik wiisde jo der allinnich even op dat jo andert ek in bytsje oars koe. We moatte dochs in bytsje respektfol meiïnoar omgean op 'e wikipedy. Kneppelfreed (oerlis) 11 feb 2023, 07.31 (CET)
- Wat UOzurumba frege, kin lêzen wurde as allinnich oerset-help. Mar THEM wolle graach dat ynhold-oersetten beskikber komt op fy:, om't it sa't it no is sekse-oersetten behindert. Ik ferwachtsje eins net dat it oersetten by ús dien wurdt; dy 139 oersetters nei Fy: ta, dêr soe ik fan oannimme dat hja it wurk yn harren eigen taal dogge. Wat by ús dien wurde moat, is nim ik oan foar de 20 persoanen dy't yn it Frysk skriuwe. At dy harren wurk graach yn in oare taal hawwe wolle ... Hoefolle binne dat? 0, 1?
- Nee, ik haw de UOzurumba fraach net oersetten, om't dat al in protte tekst wie, en it fuortsmiten tiid wie. At immen it wier nedich fynt, dan doch ik it, mar it komt der op del dat de idee efter dat oersetten út giet fan safolle oersetters dy't der ienfâldich net binne. It hat gjin doel om hjir in oerset-tsjinst te hawwen, om't der de oersetters ek net foar binne. Grif is it allegearre krekt wat oars, mar ik hie al sein dat hja mei ien komme moatte dy't fersteanber is. Immen waans Ingelsk mar amper tarikt, is net genôch. Aliter (oerlis) 11 feb 2023, 21.15 (CET)