Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk
Foar âlder spul, sjoch: Argyf1 (oant en mei maaie 2015); Argyf2 (juny 2015 – des. 2020); Argyf3 (jann. 2021 – des. 2024).
Net fuortdwaan:
Industrymole
[boarne bewurkje]Middei: Wat docht dy: DEFAULTSORT:Industrymole? Mysha (oerlis) 6 jan 2025, 12.34 (CET)
- @Mysha: Goeie. Dat is om 'e alfabetisearring yn 'e kategoryen goed te krijen. De y wurdt yn 'e Fryske stavering beskôge as in foarm fan 'e i, en "yndustry" sille jo dan yn it Frysk wurdboek ek net ûnder de Y oan 'e ein fan it alfabet fine, mar by de i, nei bygelyks "ilestyk" en foar bygelyks "iverich". Mei DEFAULTSORT kinne jo de alfabetisearring fan in artikel yn 'e kategoryen oanpasse, dus yn dit gefal wol ik dat it alfabetisearre wurdt as stie der "industrymole". Itselde systeem brûke we ek foar fokalen mei diakrityske tekens, want letters as â, ê, ô, û en ú wurde troch it systeem fan dizze webside standert nei de Z alfabetisearre. Dus yn in kategory lykas Pleatslik wapen yn Fryslân soe it wapen fan Wâldsein dan nei it wapen fan bgl. Wiuwert alfabetisearre wurde. As jo it mei DEFAULTSORT dan alfabetisearje as stie der "Wapen fan Waldsein", dus sûnder kapke op 'e a, komt it op it korrekte plak yn 'e alfabetyske list te stean.
- "DEFAULTSORT" betsjut "standert" (DEFAULT) "sortearje" (SORT). Dus as jo dat brûke, wurdt it yn alle kategoryen op de oanjûne manier alfabetisearre. Jo kinne ek yn ien of mear kategoryen in artikel op in ôfwikende manier alfabetisearje, bgl. Tsjerke fan Holwert. Yn 'e measte kategoryen kin dat sa sûnder mear opnommen wurde, mar yn in kategory as Tsjerke yn Fryslân kin it dan better ûnder Holwert as ûnder Tsjerke alfabetisearre wurde. Dat dogge jo dan sa: [Kategory:Tsjerke yn Fryslân|Holwert]. Dit wurket ek as jo foar de oare kategoryen DEFAULTSORT brûke. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 jan 2025, 15.54 (CET)
- Tank. It wie de earste dei nei de fakânsje, en ik wie nocht net wekker. Mysha (oerlis) 7 jan 2025, 13.32 (CET)
Goe ...
[boarne bewurkje]"Goedei" wie ek wol goed, hear. Mar "Goendei" is ek aardich. It is in stikje út in gedicht, tocht it, mar ik wit net at dat wer oerset is. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 16 jan 2025, 10.25 (CET)
- O, Sorry. Ik prebearje oer it algemien om kwa wurdgebrûk en stavering allinnich dingen te ferbetterjen dy't echt fout binne. Ik hâld der sels ek net fan as minsken myn wurdgebrûk 'ferbetterje' wylst der gjin flaters yn sitte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jan 2025, 21.09 (CET)
Spulmakker
[boarne bewurkje]Wolfgang Kramer had mear as 25 spulen makke dêr't yn alle gefallen 5 by binne dy't Spiel des Jahres wienen. Wat makket de Kategory:Spultsje fan Wolfgang Kramer sa ûnwichtich? Mysha (oerlis) 22 jan 2025, 09.48 (CET)
- @Mysha: Tsja, dat is in kwestje fan persoanlike foarkar, tink ik. Ik haw noch nea fan de man heard en sowieso seit it idee fan 'e betinker fan in spultsje my neat. As jo dy kategory beslist hawwe wolle, dan is dat my fierders ek bêst. Jo meie sels trouwens ek gewoan de kategoryen oanmeitsje foar de troch jo skreaune artikels. Dat dogge alle oare meidoggers ek. As jo de boel as reade (net-oanmakke) keppelings stean litte, noegje jo út ta it fuortredigearjen fan sokke kategoryen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jan 2025, 21.11 (CET)
- @Mysha: Nee, dêr binne gjin bots foar. Dat soe wol noflik wêze, mar nee. Drewes en ik hawwe hieltyd de kategoryen fan 'e troch jo oanmakke artikels berêden. No is dat oer it algemien net sa'n grutte muoite, mar as der ferskil fan ynsjoch is, kin dat liede ta in sitewaasje lykas juster, wêrby't ik in reade kategorykeppeling fuorthelje dêr't ik fan tink dat it net folle doel tsjinnet, wylst jo der hiel oars yn steane. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 20.35 (CET)
Wurk
[boarne bewurkje]@Ieneach fan 'e Esk: Goeie, soene jo tenei eefkes wachtsje wolle mei it bewurkjen oant ik "wurk" ferwidere ha? Der wurdt boppe it artikel útdruklik frege om gjin bewurkings út te fieren oant de side klear is, mar ik ha it al ferskillende kearen hân dat der nettsjinsteande dy warskôging dochs bewurkingen útfierd wurde. Ik hie it artikel oer de liuw mei sin noch iepen stean om 't ik der noch wat dinkjes oan dwaan moast. De korreksjes en feroaringen binne no by it opslaan ferlern gien om 't jo der al mei oan 'e gong west ha.--RomkeHoekstra (oerlis) 22 jan 2025, 22.21 (CET)
- @RomkeHoekstra: Goeie. Dat is hiel ferfelend, Romke, it spyt my. Ik hie allinnich de kategoryen even neirûn en wie net yn 'e rinnende tekst oan it redigearjen west. Ik tocht dat dat wol koe. Net dus.
- Mar hoe kinne dy feroarings ferlern gien wêze by it opslaan? Dat snap ik net. Want as jo wat opslane en der hat ien tuskentroch wat opslein, dan krije jo in melding fan in editkonflikt en wurdt jo ferzje net opslein, dat is sa, mar dan wurdt ûnderoan op 'e side mei de melding fan it editkonflikt likegoed jo eigen ferzje noch werjûn yn in bewurkingsfinster. Dus dêrwei kinne jo dat gewoan wer kopiëarje. It is dêrnei fansels mear wurk om de tuskenlizzende edits mei te nimmen yn jo folgjende edit, mar der giet yn prinsipe gjin wurk ferlern. Ik krij de yndruk dat jo dat ûnderste bewurkingsfinster noch nea sjoen hawwe, dus fandêr dat ik jo derop wiis.
- No haw ik sels noch even wat, want krekt as jo hie ik fan 'e jûn in flinke tebeksetter. Ik wie net sa bliid om te sjen dat jo mei de liuw oan 'e gong wiene, om't ik sels ek al in pear dagen oan in artikel oer de liuw wurkje. Dat koenen jo net witte fansels en ik hoopje dat it net liket as rekkenje ik jo wat oan, want dat is net sa. It is hjirre op 'e Wikipedy yn prinsipe "wa't it earst komt, dy't it earst mealt". Mar jo sille begripe dat ik flink siet te balen. Ik haw soks yn al dy jierren dat ik hjir aktyf bin ien kear earder hân, mei it artikel oer Afro-Amerikanen. Dat heucht my noch goed, want it is gewoan flink kloate.
- Ik wit net hoe't jo artikels foar de Wikipedy meitsje, mar ik krij de yndruk dat jo dy hjir fan begjin oant ein op 'e Wikipedy yn it bewurkingsfinster skriuwe. Dêr kin ik my dus net mei rêde, dat ik skriuw myn spul hast altyd yn Word. As it ôf is, moat it fansels noch neilêzen en opladen wurde, mar dêr kom ik meastal net daliks oan ta. Dus, foltôge artikels komme by my op 'e kompjûter yn in mapke te stean oant ik tiid fyn om se op te laden nei de Wikipedy. Ik fertel dit allegearre by wize fan útlis foar myn folgjende fersyk. Soene jo de hoaleliuw en de Amerikaanske (hoale)liuw gewurde litte wolle as jo dy al net skreaun hawwe? Want dêr haw ik al artikels oer skreaun. Ik hoopje dat ik moarn tiid haw om teminsten ien fan beiden op te laden, mar dat is noch even de fraach, mei it wurk yn 'e echte wrâld en it berêden fan 'e húshâlding en it behearderswurk hjir op 'e Wikipedy. Ik hie it fan 'e jûn ek dwaan kinnen, wat tiid oangie, mar de kop stie my der net mear nei. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 02.43 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik skriuw yndied fuortendaliks yn it bewurkingsfinster. Doe't ik juster letter noch wat korreksjes en wat feroarings oanbrocht hie en it opsloech krige ik de melding dat se net opslein wurde koene om 't de tekst yntusken al troch in oare meiwurker bewurke wie. Op dat stuit wurdt it skerm by my blanko. Faaks stiet der bûten it skerm noch wat, mar dan soe ik de balke rjochts nei ûnder lûke moatte en dat ha'k yndied net dien. Hawar, it like my yn alle gefallen goed om eefkes by jo oan 'e belle te lûken om't it my al in pear kear earder barde. It is fansels sneu as jo oan 'e artikel wurkje en ik wie krekt wat earder mei itselde ûnderwerp. Soks treft min, mar ik lit de hoaleliuw en de Amerikaanske hoaleliuw gewurde. Ik tink dat ik noch oan 'e gong gean mei de Barbarijske liuw, mar ik moat noch earne in boek ha oer útstoarne bisten dêr't er yn stiet en kin dat net fine. Dus dêr moat ik eefkes tsjin oan rinne.--RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2025, 08.23 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ja, sa is it krekt: der is in twadde bewurkingsfinster mei de troch jo skreaune tekst hielendal ûnderoan de side mei de melding fan it editkonflikt. Dat twadde bewurkingsfinster stiet yndie bûten it byldskerm as de melding ferskynt. As soks wer bart, moatte jo dus hielendal nei ûnderen scrolle oant jo net fierder kinne. Ik fyn it ek wol in ûnhandich systeem, want jo binne net de earste dy't soks oer de holle sjocht. Underwilens sil ik my tenei bedimje om net wer daliks de kategoryen nei te sjen op siden dêr't noch in wurkberjocht stiet. Ik bin bliid dat jo der even wat fan sizze, want ik wie my earlik sein fan gjin kwea bewust, dat ik wie moai trochgien mei dizze wurkwize.
- Oer de liuw: ja, dat is yndie sneu en frustrearjend foar my, mar nochris: dêr moatte jo jo net beswierd oer fiele. Ik stie earst ek yn bestân om my stil te hâlden, mar ik haw my letter betocht yn ferbân mei it koördinearjen fan 'e oare artikels. Ik lit de Barbarijske liuw gewurde. Binne jo noch fan doel om artikels oer oare kateftigen te skriuwen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2025, 20.55 (CET)
- It makket my fierder neat, jo kinne gerêst fierder mei de kateftigen gean. Der is foar my noch wurk by de rûs mei de fûgels. En it kin sa wer wêze dat ik wer aardichheid oan wat oars krij.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 jan 2025, 11.01 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ja, der binne omtrint 10.000 fûgelsoarten, dat dêr kinne jo foarearst wol mei ta, mar oan 'e oare kant verandering van spijs doet eten. Ik wol ek wolris in stikje oer in fûgel skriuwe, dat ik kin my foarstelle dat jo ek wolris in sûchdier behannelje wolle. Dat kin en wol ik jo net ûntsizze, allinnich, wat der earjuster barde, dat wol ik ek net wer. No ja, we moatte mar ris sjen hoe't it rint. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2025, 20.58 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Dit wie echt tafal en ticht te spikerjen is dat net. Om it risiko sa lyts mooglik te hâlden dat in oar jo foar is, soene jo dêrom it bêste jo wurk alfêst op wikipedy sette kinne mei de meidieling dat der noch oan wurke wurdt. By in aktueel barren is it risiko folle grutter dat meardere minsken mei itselde oan 'e slach geane en as it wurk dan noch in pear dagen op de kompjûter bliuwt stean, nimt it risiko mei de tiid ta dat in oar jo foar is mei it artikel.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2025, 10.17 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ja, dat hie ik ek al tocht, oars moat it sa mar sa't jo seine. It probleem dêrmei is fansels dat as je sa'n wurkberjocht pleatse, der ek binnen ôfsjenbere tiid in artikel opladen wurde moat. En dêr knelt de skoech wat, want ik haw juster ris even sjoen, mar ik haw dus noch in pear artikels oer films yn myn "wachtkeamermapke" stean dy't ik ferline jier al yn maaie skreaun haw. Dat komt sa: ik fyn it skriuwen fan in artikel folle leuker as it neilêzen en opladen. Dêr sjoch ik faak tsjinoan en dan sko ik it foar my út. Ik haw dat mapke alris hielendal leechmakke troch alle diene wurk op te laden en doe wie it de bedoeling dat ik tenei alles altyd daliks oplade soe, mar dat hat fjirtjin dagen duorre en doe stiene de earste artikels alwer yn 'e wacht. No ja, ik moat mar ris sjen hoe't ik it yn it ferfolch hawwe sil. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 25 jan 2025, 20.38 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Dit wie echt tafal en ticht te spikerjen is dat net. Om it risiko sa lyts mooglik te hâlden dat in oar jo foar is, soene jo dêrom it bêste jo wurk alfêst op wikipedy sette kinne mei de meidieling dat der noch oan wurke wurdt. By in aktueel barren is it risiko folle grutter dat meardere minsken mei itselde oan 'e slach geane en as it wurk dan noch in pear dagen op de kompjûter bliuwt stean, nimt it risiko mei de tiid ta dat in oar jo foar is mei it artikel.--RomkeHoekstra (oerlis) 25 jan 2025, 10.17 (CET)
- @RomkeHoekstra: Ja, der binne omtrint 10.000 fûgelsoarten, dat dêr kinne jo foarearst wol mei ta, mar oan 'e oare kant verandering van spijs doet eten. Ik wol ek wolris in stikje oer in fûgel skriuwe, dat ik kin my foarstelle dat jo ek wolris in sûchdier behannelje wolle. Dat kin en wol ik jo net ûntsizze, allinnich, wat der earjuster barde, dat wol ik ek net wer. No ja, we moatte mar ris sjen hoe't it rint. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2025, 20.58 (CET)
- It makket my fierder neat, jo kinne gerêst fierder mei de kateftigen gean. Der is foar my noch wurk by de rûs mei de fûgels. En it kin sa wer wêze dat ik wer aardichheid oan wat oars krij.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 jan 2025, 11.01 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk: Ik skriuw yndied fuortendaliks yn it bewurkingsfinster. Doe't ik juster letter noch wat korreksjes en wat feroarings oanbrocht hie en it opsloech krige ik de melding dat se net opslein wurde koene om 't de tekst yntusken al troch in oare meiwurker bewurke wie. Op dat stuit wurdt it skerm by my blanko. Faaks stiet der bûten it skerm noch wat, mar dan soe ik de balke rjochts nei ûnder lûke moatte en dat ha'k yndied net dien. Hawar, it like my yn alle gefallen goed om eefkes by jo oan 'e belle te lûken om't it my al in pear kear earder barde. It is fansels sneu as jo oan 'e artikel wurkje en ik wie krekt wat earder mei itselde ûnderwerp. Soks treft min, mar ik lit de hoaleliuw en de Amerikaanske hoaleliuw gewurde. Ik tink dat ik noch oan 'e gong gean mei de Barbarijske liuw, mar ik moat noch earne in boek ha oer útstoarne bisten dêr't er yn stiet en kin dat net fine. Dus dêr moat ik eefkes tsjin oan rinne.--RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2025, 08.23 (CET)
Thank you for being a medical contributors!
[boarne bewurkje]![]() |
The 2024 Cure Award |
In 2024 you were one of the top medical editors in your language. Thank you from Wiki Project Med for helping bring free, complete, accurate, up-to-date health information to the public. We really appreciate you and the vital work you do!
Wiki Project Med Foundation is a thematic organization whose mission is to improve our health content. Consider joining for 2025, there are no associated costs. Additionally one of our primary efforts revolves around translating health content. We invite you to try our new workflow if you have not already. Our dashboard automatically collects statistics of your efforts and we are working on tools to automatically improve formating. |
Thanks again :-) -- Doc James along with the rest of the team at Wiki Project Med Foundation 26 jan 2025, 07.24 (CET)