Mole

Ut Wikipedy
In wynmole yn West-Fryslân.

In mole (fral Klaaifrysk; útspr.: [ˈmoːlə], likernôch: "moo-luh"; meartal: molens of moles)[1] of mûne (benammen Wâldfrysk; útspr.: [ˈmunə], [ˈmuːnə] of [ˈmoːnə], likernôch: "-nuh", resp. "mûû-nuh" of "moo-nuh"; meartal: mûnen)[1], ek moune (ferâldere stavering) of mounle (argaysk), is in wurktúch mei in draaiend meganisme en in oandriuwing, dat tsjinje kin foar it meallen, parsjen of stampen fan nôt, pigminten foar de produksje fan ferve en oare grûnstoffen, it seagjen fan hout, it pompen fan wetter, it takeljen fan in lêst of it opwekjen fan elektrisiteit. Immen dy't in mole betsjinnet, is in moolner (ek moolder, mealder, mûner of mûnder). Molens kinne kinne op ferskate manearen oandreaun wurde:

  • hânmole of hânmûne: oandreaun mei de hân;
  • trêdmole of trêdmûne: oandreaun troch in rinnende minske of in rinnend bist;
  • wettermole of wettermûne: oandreaun troch streamend wetter, lykas in rivier of beek;
    • tijmole of tijmûne: oandreaun troch wetterstreaming dy't it gefolch is fan 'e wikseling fan it tij;
  • wynmole of wynmûne: oandreaun troch de wyn;
  • wetterflechtmole of wetterflechtmûne: tarist om oandreaun te wurden troch streamend wetter of troch de wyn.
In wettermole by Haaksbergen.

De meast foarkommende soarten molens binne de wynmole en de wettermole. Yn Nederlân komme hast inkeld wynmolens foar, om't it lân sa flak is dat der te min reliëf is om mei wetterstreaming in mole oan te driuwen. Boppedat makket deselde flakkens fan it lân dat it hast altyd wol waait, sadat it mei wynmolens skoan takin.

Molens besteane al sûnt de Aldheid. Tsjin 'e ein fan it Romeinske Ryk rekke de wettermole ferspraat oer hiel Jeropa. As der oan 'e kust net genôch ferfal wie en it rivierwetter dêrom net hurd genôch streamde om in wettermole oan te driuwen, loste men dat op troch in tijmole te bouwen, dy't gebrûk makke fan it ynkommend en útgeand tij. Yn flakke gebieten dy't net oan 'e kust leine, hie men itselde probleem, mar koe net gebrûk makke wurde fan it tij. It wie yn dy gebieten, spesifyk yn noardlik Frankryk, Flaanderen en súdlik Ingelân, dêr't om it jier 1000 hinne de earste wynmoles boud waarden. Yn 't earstoan wiene dat wettermolens wêrby't it wetterrêd ferfongen wie troch wjukken. Letter ûntjoech him in mear spesjalisearre bou.

Troch de yntroduksje fan 'e elektrisiteit yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waarden molens oerstallich. Se waarden ferfongen troch elektryske gemalen. Tsjintwurdich binne yn Nederlân de measte molens sadwaande yn it besit fan gemeenten of stiftings foar it behâld fan kultureel erfgoed. Yn Fryslân fersoarget it Gild Fryske Mounders in oplieding ta moolner. As in mole iepensteld is foar belangstellenden, hat de moolner in spesjale blauwe molewimpel úthongen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1208..

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.