Springe nei ynhâld

Haaksbergen

Ut Wikipedy
Haaksbergen
Herfoarme tsjerke (2007)
Herfoarme tsjerke (2007)
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Haaksbergen
Sifers
Ynwennertal 17.280 (2023) [1]
Oerflak 6,36 km²
Befolkingsticht. 2.717 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N347
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 9' NB, 6° 44' EL
Kaart
Haaksbergen (Oerisel)
Haaksbergen
Dizze side giet oer it doarp Haaksbergen. Foar de gemeente Haaksbergen, sjoch: Haaksbergen (gemeente).

Haaksbergen (Nedersaksysk Hoksebarge of Wakkesbaaign) is in doarp yn Twinte yn de gemeente Haaksbergen, provinsje Oerisel. Haaksbergen hat 17.280 ynwenners (2023).

It doarp Haaksbergen ûntstie om en de by 800 nei Kr., as agraryske delsetting oan de Buurserbeek. Der binne oerbliuwsels fûn fan in houten tsjerkje fan om it jier 1000 hinne, foarrinner fan de hjoeddeistige katolike Sint-Pancratiustsjerke. De earste fermelding fan Haaksbergen datearret út 1188. Yn in 12 e-iuwsk goederenregister neamde greve Hendrik van Dale, dy 't ek Diepenheim en Ahaus hie, guod yn de parochy Hockesberghe.

Om 1400 hinne waard de Buurserbeek, dy't oant dan ta troch it doarp streamde, ferlein en súdlik fan Haaksbergen oansletten op de Schipbeek. Hjirtroch ûntstie in ferbining oer it wetter mei de Isel en koene hja fia it wetter de Hânzestêden Dimter, Swol en Sutfen berikt wurde. Yn de 18e iuw waard in nôtmûne boud, neamd De Korenbloem.

Fan de midden fan de 19e iuw ôf wie de tekstyl yndustry fan grut belang. It fabryk fan D. Jordaan & Zonen soarge foar in protte wurkgelegenheid. Op it hichtepunt wie 80% fan de beropsbefolking fan Haaksbergen wurksum yn de tekstylsektor. Begjin 1970-er jierren stoarte de tekstyl yndustry yn, ek yn Haaksbergen gie it fabryk ticht.

Yn 1884 waard it Spoar fan Doetinchem nei Hengelo oanlein troch de Geldersch-Overijsselsche Lokaalspoorweg-Maatschappij koartwei de (GOLS), Haaksbergen krige in stasjon oan dit spoar. Yn 1937 waard it persoaneferfier staakt, en yn 1972 waard ek it frachtferfier definityf stopset. It part tusken stasjon Haaksbergen en stasjon Boekelo by Ynskedee, is sûnt 1970 yn gebrûk as museumspoarline.

Yn septimber 2017 hier der by in auto en motor evenemint in slim ûngelok plak werby't 3 besikers fan it evenemint om it libben kamen en meardere minksen ferwûne rekken.

Haaksbergen leit yn it suden fan Twinte, benoarden fan Haaksbergen leit de stêd Delden, en noardeastlik de stêden Hengelo en Ynskedee. Súdeastlik leit de Dútske stêd Ahaus en súdlik fan Haaksbergen de stêd Vreden. Om yn it westen by de stêd Lochem út te kommen. De N347 ferbynt Haaksbergen mei de N18 (Zevenaar - Ynskedee).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Haaksbergen
Doarpen:
BuurseHaaksbergenSt. Isidorushoeve
Buorskippen:
BoekeloBrammeloDen BraamEppenzolderHarmöleHolthuizenHoneschLangeloStepelo
Wetter:
BolscherbeekDrekkersstrangFluttersbeekSchipbeekUsselerstroom
· · Berjocht bewurkje