Nedersaksysk

Ut Wikipedy
Nedersaksysk
algemien
oare namme(n) Saksysk
eigen namme Nedersassies
lânseigen yn Nederlân en Noard-Dútslân
tal sprekkers 1.616.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk
dialekten Hegelânsk, Westerkertiersk, Pompstersk, Grinzersk, Aldamtsk, Westerwâldsk, Feankoloniaalsk, Noarddrintsk, Middendrintsk, Súddrintsk, Stellingwerfsk, Urksk, Sallânsk, Skoanebeeksk, Twintsk, Twintsk-Efterhoeksk, Efterhoeksk, Noardfeluwsk, Eastfeluwsk, Westfeluwsk
taalstatus
offisjele status it Nedersaksysk genietet yn Nederlân erkenning as minderheidstaal
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 nds
ISO 639-3 nds

It Nedersaksysk is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen en sprutsen wurdt yn it noardlik diel fan Dútslân en noardeastlik Nederlân. Foarhinne waard it wol Saksysk of gewoan "Plat" neamd, mar ornaris brûke de sprekkers foar harren taal de namme fan har eigen dialekt (dus "Stellingwerfsk" of "Twintsk"), or oars ek wol Plat. De beneaming "Nedersaksysk" wie oant 'e jierren njoggentich fan 'e tweintichste iuw frijwol útslutend bekend ûnder taalkundigen, mar wurdt no algemiener brûkt.

It Nedersaksysk hat yn Nederlân erkenning as minderheidstaal en is yn 1996 troch it Nederlânske regear opjûn ûnder Diel II fan it Jeropeesk Ferdrach foar Streek- en Minderheidstalen. Nedersaksyske taalstriders stribje lykwols nei in hegere erkenning, ûnder Diel III, sa't it Frysk dy hat.

It Nedersaksyske Taalgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Taalgebiet yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nedersaksysk wurdt sprutsen yn hast de hiele noardeastlike helt fan Nederlân. It Nedersaksyske taalgebiet omfettet:

It Nedersaksysk-Nederdútske Taalkontinuum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dialekten fan it Nedersaksysk foarmje ien taalkontinuum mei de Nederdútske dialekten fan noardlik Dútslân. Dêrom wurde alle dialekten fan 'e Feluwe oant Lübeck grins beskôge as hearrend ta ien taal, ek al bestiet der gjin standerdisearre foarm fan. Yn Nederlân wurdt dy taal Nedersaksysk neamd en yn Dútslân Nederdútsk of Platdútsk.

Der bestiet lykwols in frij grut - en tsjintwurdich fluch groeiend - ferskil tusken it Nedersaksysk en it Nederdútsk, want wylst it Nedersaksysk ûnder druk fan it Nederlânsk stiet en hieltyd mear eigenskippen út dy taal oernimt, hat it Nederdútsk te krijen mei de sterke ynfloed fan it Dútsk, dy't it in oare kant útdriuwt. Sokke ferskillen binne benammen werom te finen as men sjocht nei de ûntliening fan nije wurden en nei de stavering - sa hat it Nederdútsk de saneamde Großschreibung (it skriuwen fan haadwurden mei haadletters) oernommen fan it Dútsk, wylst dat ferskynsel yn 'e stavering fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Nederlân nearne foarkomt.

It Nedersaksysk taalgebiet yn Nederlân.

Foarhinne waard it Nederdútsk ek sprutsen yn 'e noardlike Dútske gebieten fan wat no Poalen, de Russyske provinsje Kaliningrad en súdwestlik Litouwen binne, mar sûnt 'e ferdriuwing fan it meastepart fan 'e Dútske befolking dêrwei, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldkriich, wurdt it dêr net of frijwol net mear sprutsen.

Wat de sprekkers sels oangiet, hawwe de Nedersaksysktaligen yn Nederlân der oer it algemien gjin muoite mei om oan te nimmen dat yn noardlik Dútslân itselde soarte dialekten sprutsen wurdt. Oarsom wol it lykwols de measte Nederdútsers net oan dat harren taal trochrint op Nederlânsk grûngebiet. Yn dit ferbân moat fernijd wurde dat yn Jeropeesk ferbân sawol it Nedersaksysk (yn it Ingelsk Low Saxon) as it Nederdútsk (yn it Ingelsk Low German) erkenning as minderheidstaal genietet, mar sûnder dat se mei safolle wurden as ien taal erkend wurde.

Njonken it Nederdútsk is it Nedersaksysk ek nau besibbe oan it Minnistedútsk, dat him fan 'e sechstjinde iuw ôf ûnder Nederdútske kolonistemienskippen yn Poalen en letter Ruslân ûntjûn hat.


Sprekkerstal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske en it eardere Nedersaksysk-Nederdútske taalgebiet.

It tal sprekkers fan it Nedersaksysk (yn Nederlân) bedroech neffens in skatting út 1999 likernôch ien miljoen, mar dat liket wol in lyts bytsje foar sa'n grut taalgebiet. In telling út 2003 smiet in oantal fan 1.616.000 sprekkers op, ynklusyf 150.000 sprekkers om utens, yn 'e rest fan Nederlân (fral de Rânestêd) en yn it bûtenlân (Kanada, Austraalje, de Feriene Steaten, Nij-Seelân). De 1.466.000 sprekkers dy't yn it Nedersaksyske taalgebiet wenje, foarmje 9,1% fan 'e Nederlânske befolking en binne oer de ûnderskate regio's te ferdielen lykas oanjûn yn 'e ûndersteande tabel. Men moat al betinke dat it hjirby foar in bûtenproporsjoneel grut part om âlderen giet en dat it sprekkerstal dêrom fluch ôfnimt.

Nedersaksyske gebieten tal sprekkers persintaazje fan 'e befolking yn dat gebiet
Twinte 338.000 62%
Grinslân 258.000 46%
Drinte 248.000 53%
de Efterhoeke 216.000 60%
Sallân 172.000 35%
de Feluwe 172.000 30%
Stienwikerlân
(de Kop fan Oerisel)
20.000 48%
Urk 15.000 97%
Weststellingwerf 14.000 53%
Eaststellingwerf
(Haulerwyk en Waskemar net meirekkene)
7.000 30%
noardeastlik Utert 5.000 12%
eastlik Kollumerlân 1.000 50%


Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nedersaksysk is ûntstien út it Aldsaksysk. It is oerlevere fan 'e njoggende iuw ôf, útsein in doopûnthjit út 'e achtste iuw, dêr't de ôf te swarren heidenske goaden mei namme yn neamd wurde: "(...) end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuôden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint (...)" ("(...) en ik fersaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, Doanar en Woadan en Saksnot, en al dy duvels dy't harren genoaten binne (...)").

De wichtichste Aldsaksyske tekst is de Heliand ("Heilân"), in yn 'e midden fan 'e njoggende iuw skreaun epos oer it libben en de lear fan Jezus Kristus, dêr't 5.983 rigels yn stêfrym fan bewarre bleaun binne.

Tusken 1200 en 1600 ûntjoech it Nederdútsk him yn noardlik Dútslân en it Eastseegebiet ta in tige wichtige en ynfloedrike standertskriuw- en -sprektaal, mei troch de ynfloed fan de Hânze. Mar yn 'e Nederlannen kaam krekt yn dy tiid earst it Flaamsk-Brabânsk en letter it Hollânsk op as dominante taal en doe't de Hânze yn macht tebek rûn koe it Nedersaksysk him dêrtroch net langer op deselde manear ûnwikkelje. (It Flaamsk-Brabânsk as it Hollânsk - en letter ek it Standertnederlânsk - waarden yn dy tiid ek "Nederdútsk" neamd, tsjin it Heechdútsk oer, wat wat betizing jaan kin.) In hoart waard der yn 'e noardeastlike parten fan 'e Nederlannen in tuskenfoarm tusken it Nedersaksysk en it Flaamsk-Brabânsk propagearre ûnder de namme "Eastersk" (Oostersch), mar dy koe de konkurrinsje mei sawol it Flaamsk-Brabânsk as de eigen Nedersaksyske dialekten net oan.

Stavering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nedersaksysk hat gjin standerttaal en sil dy yn 'e neie takomst nei alle gedachten ek net krije; elts besykjen om ta in standerdisearre foarm te kommen, wurdt ôfwiisd as wêzensfrjemd troch it grutte ferskaat oan fral mûnling brûkte dialekten. Fierders hat it Nedersaksysk ek gjin ienheidsstavering; de ferskillende dialekten hawwe faak mear as ien stavering. De measte meitsje gebrûk fan letters mei diakrityske tekens, lykas "ü" (foar "ú") en "ö" of "ù"(lykas yn it Dútske "Köln"). Ek it brûken fan kombinaasjes fan lûden komt foar, bygelyks "ao" of "oa" foar de lûden dy't yn it Frysk stavere wurde as "â" of "ô".

Klanklear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nedersaksysk ûnderskiedt him fan it Nederlânsk ûnder mear troch it behâld fan 'e "l" yn 'e foarmen "-old" en "-olt", lykas yn "old" ("âld"), "kold" ("kâld") en "holt" ("hout"). Yn it Nederlânsk wurde dy diftongere ta "oud", "koud" en "hout". Ek is de "i" net ferbrede ta "ij"; ferlykje Nedersaksysk "kiken", Nederlânsk "kijken" ("sjen"). Fierders is de "r" oan 'e ein fan wurden of foar in "t" stom.

Allinne de Twintske tiidwurden hawwe noch de âlde meartalútgong op -t: "wiej haalt" ("wy helje"), "iej goat" ("jimme geane" of "jo geane") en "zee doot" ("sy dogge").

Opfallend is fierders dat de letters "z", "g" en "v" yn 'e midden fan wurden fuortfalle mei ferlangering fan it foargeande lûd. Dus "wezen" ("wêze") wurdt útsprutsen as "wên" en "wagen" ("wein") as "waang". Dit ferskynsel hat ek it ferkoartsjen fan 'e plaknamme "Deventer" ta "Dêmter" feroarsake (en sadwaande ta "Dimter" yn it Frysk laat).

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nedersaksyske dialektgroepen.

Der wurde yn Nederlân tweintich Nedersaksyske dialekten ûnderskieden. Dy dialekten binne yn te dielen yn fiif dialektgroepen: it Grinslânsk, dêr't ek it Noarddrintsk ta heart, it Kollumerlânsk, it Súddrintsk, it Middendrintsk, it Stellingwerfsk, it Geldersk-Oeriselsk, it Twintsk, Twintsk-Greefskipsk en it Feluwsk.

Yn it gruttere Nedersaksysk-Nederdútske ferbân slút it Nedersaksysk oan by de Westnederdútske dialekten; it Grinslânsk by de Noardsaksyske kloft dêrfan en de fjouwer oare Nedersaksyske dialektgroepen by de Westfaalske kloft. It ferskil tusken it Grinslânsk en de oare fjouwer dialektgroepen leit him fierhinne oan it bestean fan in Fryske substraattaal yn syn taalgebiet.

De folsleine dialektyndieling fan it Nedersaksysk is as folget:

It meast emansipearre fan al dizze dialekten is it Stellingwerfsk, mei't dat yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal (it Frysk) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplûkt. Stellingwerfsk wurdt - fanwegen de ynfloed fan it Frysk dy't it ûndergien hat - ek wolris yndield by de Grinslânske dialekgroep.

It fitaalste dialekt is it Urksk, dat op Urk troch hast elkenien sprutsen wurdt.

It meast ôfwikende dialekt wie foarhinne it isolearre Westerwâldsk, yn eastlik Grinslân, mar sûnt 'e drûchlizzing fan 'e feanmoerassen yn dy kontreien hat dat syn eigen, ôfwikende foarmen falle litten en minder ôfwikende foarmen oernaam út 'e oangrinzgjende dialekten, benammen út it Aldamtsk.

De no noch it meast fan it Nederlânsk ôfwikende Nedersaksyske dialekten binne it Grinslânsk yn syn heel en it Eastlik Twintsk.

Yn de Limers, yn súdeastlik Gelderlân, en yn 'e Gelderske Delling, yn eastlik Utert en westlik Gelderlân, wurde oergongsdialekten tusken it Nederlânsk en it Nedersaksysk sprutsen (it Limersk resp. it Eemlânsk). Dy beide farianten wurde lykwols beskôge as dialekten fan it Nederlânsk.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bloemhoff, H., Stellingwerfs, De Haach, 2002.
  • Crystal, D., The Penguin Dictionary of Language (second edition), Londen, 1999.
  • Feenstra, H., Duizend jaar Gronings taallandschap, Bedum, 1998.
  • Gorter, D., en Jonkman, R.J., Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen, Ljouwert, 1995.
  • Hofstra, T., Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Jansma, K., Friesland en zijn 44 gemeenten, Ljouwert, 1981.
  • Nieuwenhuijsen, P.M., Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995.
  • Reker, S., Gronings, De Haach, 2002.
  • Sijs, N. van der, ûnder redaksje fan, Taaltrots - Purisme in een Veertigtal Talen, Amsterdam/Antwerpen, 1999.