Appelskea

Ut Wikipedy
Appelskea
Flagge fan Appelskea Wapen fan Appelskea
Flagge Wapen
Lokaasje fan Appelskea
Gemeente Eaststellingwerf
Ynwennertal (2011) 4.768↓
Webstee http://www.appelscha.nl
Aeckingersân

Appelskea (Nederlânsk: Appelscha; Stellingwerfsk: Appelsche) is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf. It leit oan de noardkant fan it Drintsk-Fryske Wâld. Appelskea hat 5.123 ynwenners (1 jannewaris 2009). Ta de himrik fan Appelskea heart ek Aakinga.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appelskea wurdt foar it earst yn 1247 as Appels fermelden yn de boeken fan it Aartsbisdom Utert. It bestie iuwenlang út in pear boerespultsjes om de Boerestreek (wat eartiids Heech-Appelskea hiet), en de buorskippen Aakinga, Terwisscha en De Bult. It esdoarp lei ynsluten tusken drûge sânige heide en wiet fean, doe noch de Appelskeaster- en Fochteler feanen neamd. Om 1450 waarden leidiken oanlein om it soere lekwetter út it fean by de ikkers te kearen. It âlde Appelskea hat in soad lêst hân it stowende sân út de dunen. Yn 1881 waard dêrom in begjin makke mei de oanlis fan de bosken.

Nei 1827 wreidet it doarp mei de komst fan tûzenen Fryske arbeiders foar de turfwinning út, en ûntstiet it hjoeddeiske doarp. De sosjale omstannichheden binne lykwols poermin., en tsjin de tiid dat turf folle minder opbringt as stienkoal brekt yn 1888 ûnder de feanarbeiders in grutte staking út. Dit is it begjin fan organisearre stakings yn Nederlân. Troch dizze grutte Fryske ymmigraasje yn de 19e iuw is Appelskea in Frysktalich doarp wurden yn in gemeente dêr't fierders Stellingwerfsk sprutsen wurdt.

Omjouwing en toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek de Opsterlânske Kompanjonsfeart (as ûnderdiel fan de Turfrûte), en de attraksjeparken Duinenzathe en Miniatuerpark Appelskea lûke yn de simmermoannen in soad minsken. Yn de omkriten fan Appelskea komme pingoruïnes foar.

Sanatoarium[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earder kamen in soad TBC-pasjinten nei de sûne bosken fan Appelskea. In soad minsken hawwe der noch herinneringen oan. Fan it eardere sanatoarium Beatrixoard is allinnich noch de röntgenôfdieling oer. Dizze is nu ynrjochte as it ienige tuberkuloazemuseum yn 'e wrâld.

Heksenoplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierders hat Appelskea foar sfier bekend de ienige heksenoplieding yn Nederlân. Heks Margarita fan Rongen fersoarget de oplieding. Yn septimber 2005 kaam dizze oplieding yn it nijs omdat de Belestingtsjinst de kosten foar de ienjierrige oplieding ôflûkber achtet. It hat lieden ta Keamerfragen.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokkestoel fan Appelskea

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Brêgeleane stiet Sosjaal Kultureel Sintrum Harambe. Der binne meardere buertferienings: De Compagnons, de Smidsleane, It Steegdenkertier en Rond de Draai.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Muzykgroep Ravenswâld
  • De Aovendpraoters - toaniel
  • Kr. Eaststellingwerfs Manljuskoar
  • Dûnsgroep Nea ûs Nocht
  • Wrâlddûnsgroep Harambe
  • Stichting Turffeartdagen Appelskea
  • Museum de Heksehoeve
  • Histoaryske feriening Appelskea

Iepenloftteater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iepenloftteater efter de Boskberch wie yn de fyftiger en sechtiger jierren in grutte attraksje. Hjir wienen eartiids Rudi Carel, Pipo de Clown, Swiebertje, Bueno de Mesquita en de doe krekt begjinnende André van Duin te sjen. Yn 1987 moast it teater ticht om de hege kosten. Sûnt 2003 hawwe frijwilligers en de Histoaryske feriening it teater renovearre. Der binne no mear as 500 sitplakken, in regykeamer en in gebou foar de catering.

Boerestreek

Berne yn Appelskea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Appelskea.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Line fan ferfierder Qbuzz:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
 
Plakken yn de gemeente Eaststellingwerf
Flagge fan de gemeente Eaststellingwerf
Haadplak: Easterwâlde
Doarpen en útbuorrens: AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen: AakingeaAlde Willem (foar in part) • BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • NanningaNije FeartPetersburch (foar in part) • PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd