Jan Herder

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
foto: Jan Herder om 1937 hinne

Jan Herder (Appelskea, 16 novimber 1889 - It Hearrenfean, 7 maart 1978) wie in Fryske boer, timmerman en kommunist. Hy troude yn 1911 mei Antsje Zwart, hja krigen in dochter en trije soannen.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herder giet oan syn fjirtjinde jier nei skoalle. Jild om troch te learen is der net, hoewol't haadmaster dat wol woe. Hy giet yn'e lear by ferskate timmerlju. Mei syn broer begjint hy yn 1911 in timmerbedriuwke yn Haulerwyk, mei troch it jild fan syn frou. Twa jier letter begjint er foar himsels en slút him oan by it Timmerlju- en Patroansbûn. Yn 1918 ferkeapet hy de saak en wurdt boer mei in mingd bedriuw. De saken gean aardich goed en yn 1926 kin hy in nije pleats bouwe.

De wrâldekonomy spilet him lykwols parten: de prizen foar lânbouprodukten bliuwe mar sakjen. Soks joech ûnrêst ûnder de lytse boeren yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Se witte har net adekwaat fertsjintwurdige troch de besteande lânbou-organisaasjes en komme dêrom ûnôfhinklik dêrfan by inoar. Herder slút him oan en komt hieltyd mear op de foargrûn. Hy kin goed sprekke, en docht dat op hieltiten drokkere gearkomsten en by twongen iepenbiere ferkeapingen. Sosjale druk en ûnderlinge solidariteit ferhindert soms dat keapkesjagers al te maklik har slach slaan kinne. Yn 1932, it is dan folop krisis, ûntkomt ek Herder net oan in fallissemint.

Op oantrunen fan de Fryske kommunist Gerrit Roorda wie Herder ein tweintiger jierren lid wurden fan de doetiidske Kommunistyske Partij Hollân, de foarrinner fan de CPN. Fanwege syn eftergrûn en omstannichheden (boer, fjirtich jier, herfoarme) in opmerklike stap. Nei syn fallissemint bedarre Herder yn de wurkferskaffing. Hy late it boljeien tsjin de lege leanen en waard dêrfoar straft mei solitêre - dus net mear yn groepsferbân - arbeid.

Yn 1935 waard hy keazen yn de gemeenterie fan Eaststellingwerf As riedslid makke hy him sterk foar maatregels om de posysje fan earmelju, arbeiders, lytse boeren en middenstanners te ferbetterjen. Sawol yn praktyske sin (bg. troch him yn te setten foar betelbere wenten) as yn ideologyske sin (frij demonstraasjerjocht). Yn deselde perioade kaam hy yn it lanlike bestjoer fan de CPN en waard frijsteld foar de partij. As partijbestjoerder gie Herder it lân yn foar it Agrarysk Buro fan de partij, om boeren en gernierkers te organisearjen en te mobilisearjen tsjin in tekoartsjittend lân- en túnboubelied. Syn ideeën oer de needsaak fan dat wurk koe hy útiensette yn in taspraak foar de Komintern, by in twa moannen duorjend besyk oan de Sovjet-Uny yn de winter fan 1937-1938.

Nei de Dútske ynfal wurdt Herder aktyf yn it opsetten en fersprieden fan in parallelkrante fan De Waarheid yn de noardlike provinsjes: Het Noorderlicht. De groep om dit periodyk waard ein 1941 oprôle. De measte meiwurkers kamen om yn de konsintraasjekampen. Herder koe ûnderdûke yn de Haarlimmermar, mar waard begjin 1944 dochs noch arrestearre en ynternearre yn kamp Amersfoart. Mâle Tiisdei (5 septimber 1944) kaam er frij en dûkte fannijs ûnder. Oan de ein fan de oarloch ta wist hy út hannen fan de besetter te bliuwen.

Nei de oarloch werstelde Herder it kontakt mei de partijlieding. Yn de partij waard opposysje tsjin sintrale beslútfoarming net dulden, wat in oantal konflikten joech. Ek protesten fan Herder waarden net wurdearre, en hy waard as polityk siktaris fan de CPN yn Fryslân út it Amsterdamske machtssintrum Den Haach "fuortpromovearre". Neidat hy sels deilis rekke mei partijlieder Paul de Groot op in gearkomste yn Ljouwert 1946, naam Herder ôfskied fan de CPN.
Hy naam syn âlde berop fan timmerman wer op en bleau dat oant syn pensjoen. Hy waard net mear polityk aktyf, mar hold syn maatskiplike belangstelling. Hy waard lid fan it CNV. Thús stienen 'Das Kapital' en de bibel njonken inoar yn de boekekast.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De hand aan de ploeg (Amsterdam zj - 1937)
  • Landbouw en Maatschappij (Polityk en Kultuer 1937-3)
  • Boeren en arbeiders één in de strijd (redefieringen en besluten CPN-kongres 1938)
  • De Nederlandse landbouw in oorlogstijd (Polityk en Kultuer, 1940-6).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Herder 1899-1978, een Friese boer in de CPN, - Piter van den Berg en Roel Idema; (Ljouwert, SHF, 1982)
  • Ynterview mei Jan Herder yn de Ljouwerter Krante fan 26 septimber 1970
  • Het Noorderlicht, een kleine geschiedenis van een illegaal communistisch blad in Friesland tijdens de oorlogsjaren 1940-1941 - Piter van den Berg (Ljouwert 1982).