De Haule
De Haule | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 580 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 14,70 km², wêrfan: - lân: 14,69 - wetter: 0,01 km² | |
Befolkingsticht. | 40,50 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 02' N 6° 18' E | |
Himrik (grien) fan De Haule yn Eaststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
haule.nl | ||
Kaart | ||
De Haule is in lintdoarp yn it noardeasten fan de gemeente Eaststellingwerf. Yn it doarpsgebiet leit ek de buorskip Koudenburch.
De Haule hat 580 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haule komt neffens it Etymologysk Wurdboek fan J. de Vries fan it Fryske havela, dat "haad" betsjut. It soe betsjutte dat it stik lân heger leit as de omjouwing. Oan de noardlike en eastlike kant waard it doarpsgebiet eartiids begrinzge troch ûntagongklik fean en oan 'e súdlike kant troch it legerlizzende streamgebiet fan de Boppe-Kúnder.[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âlde streekdoarp De Haule is yn 'e lette midsiuwen ûntstien oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rêch yn it lân oan de noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Feanhuzen yn.
Yn 1328 wie De Haule al in selsstannich tsjerkedoarp. Yn 1408 wurdt it doarp De Haule en Die Hauwele neamd. Yn 1520 stiet it doarp bekend as Dumbroeckster Haule (Haule by Donkerbroek).
De rûge omjouwing fan De Haule wie foar ûnbekenden eartiids in nuodlik gebiet. Allinne yn hiele drûge simmers wie it gebiet tagonklik. Sa moasten yn de 16e iuw keizerlike troepen de efterfolging fan Grinslanners en Geldersken stake, mei't hja keard waarden troch it wiete fean. De plakken dêr't it feangebiet oerstutsen wurde koe waarden dêrom al gau yn 1593 beskerme troch de skâns Breeberch en de Swartedyksterskâns.
Nei de reformaasje kaam der in ein oan De Haule as in selsstannich parochydoarp. Mei Donkerbroek waard De Haule ien tsjerklike gemeente mei Easterwâlde. Dat feroare yn 1700, doe't De Haule en Donkerbroek ôfskuort waarden fan Easterwâlde en tenei tegearre ien tsjerklike gemeente foarmen en dat is noch altiten sa. Yn 1854 waard de âlde doarpstsjerke ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke.
Healwei de 18e iuw ûnstie der troch de ferfeaning in soad aktiviteit yn it noardlike doarpsgebiet. Drachtster kompanjons setten dêr sûnt 1756 útein mei it graven fan de Haulerwykster Feart. De delsetting oan dy wyk waard mei it fierder graven nei it easten al gau folle grutter as it memmedoarp. Yn 1880 waard dy delsetting in selsstannich doarp en dêrmei ferlear Haule op dat stuit yn ien kear 1653 ynwenners. It nije doarp Haulerwyk bestie út twa dielen: it diel dêr't de ôfgraving útein sette wie Beneden-Haulerwyk en it diel dêr't de ôfgraving einige Boppe-Haulerwyk. Yn 1952 waard Beneden-Haulerwyk in selsstannich doarp, it hjoeddeiske Waskemar.
It memmedoarp De Haule bleau sels in lange útstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 waard De Haule beskreaun as: De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen. De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lâns waard earst yn it lêst fan de 19e iuw tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing mei oan de noardkant fan de lânbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as de Blauwe Bosk, oanplante mei dêr tusken yn heidefjilden en in pear puollen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshûs hjit 'De Mande' en it doarp hat in feriening fan Pleatslik Belang. De bynamme fan de Haulsters is koalrapen of rapen.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan De Haule.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aldjiersploech 'HOP'
- Histoaryske Feriening Haule
- Iisferiening 'Nieuw Leven'
- Kuorbalferiening De Haule
- Muzykferiening 'Excelsior' (mei Donkerbroek)
- Toanielferiening 'opny Foriene'
Sjoch ek op de side fan Haulerwyk foar de aktuele list fan ferieningen
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1875* | 1865* | 1880 | 1900 | 2009** | 2015 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1996 | 1915 | 310 | 382 | 608 | 607 | 570 | 595 |
(*) Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, T.H. Oosterwijk, side 152
(**) Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
Oare sifers ôfkomstich fan Alle Cijfers
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albert Assies (1917–1981), fersetsman, politikus en boargemaster
- Bob de Vries (1984-), maratonrider en Nederlânsk kampioen klunen yn 2007
- Elma de Vries (1983-), reedrydster
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan beide kanten fan De Haule leit in natoergebiet. Tusken De Haule en Haulerwyk leit de Blauwe Bosk. Tusken Easterwâlde en De Haule leit de Haulerpolder. Lâns de skieding tusken De Haule en Haulerwyk, tusken it heidefjild en it heechfean, lei eartiids in smelle stripe sândunen, dêr't yn 1842 âlde Spaanske munten fûn binne. De sulveren munten binne yn de tiid fan Filips II slein.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe Bosk - neamd nei de kleur fan de nuddelbeammen.
- Claes Egbeswei - Claes Egbes wie ± 1500 stelling, bestjoerder oer de Stellingwerven en wenne yn De Haule.
- Doarpsstrjitte - de buorren fan De Haule.
- Feanpettenwei - de wei rint lâns ien fan de petgatten.
- Fennewei - De wei nei Easterwâlde gie nei de Haule-fenne. Troch dy fennen rûnen ûnder oare de Foksewyk en de Fennewyk.
- Ferlaatswei - yn de wei siet eartiids in slûs.
- Haulerdiek - dyk nei De Haule.
- Koumansburch - komt fan it buorskip Koudenburch.
- Krúswei -
- Lange Singel -
- Mandestrjitte - mande bestjut 'mienskiplik', of 'by inoar lizzend'.
- Polderwei - wei nei de polder, de ûntginde heide fan de weper. De wei is yn 1921 oanlein.
- Rendyk -
- Rolpeal - In rolpeal is in peal yn de grûn dêr't it kanaal in skerpe bocht makket. De peal wie der foar om it tou fan de trekskûte nei it hynder yn de bocht te lieden. Sa koe de skûte net tsjin de wâl rinne.
- Skiedingsreed -
- Swettewei - De Gearre Swette wie in wetterlossing. De gearswette wie in wetterlossing op de grins fan Donkerbroek en De Haule.
- Tonckenswei - de famylje Tonckens hie dêr besittings.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Eaststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Easterwâlde • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | ||
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd | ||
· · |