Tsjonger

Ut Wikipedy
Rin fan de Tsjonger
Slúske yn it Tsjongerkanaal
Tsjongermole by Mildaam
De Tsjonger by Hoarnstersweach

De Tsjonger (Stellingwerfsk en offisjeel: Kuunder; Nederlânsk: Tjonger) is in rivier yn Fryslân dy't fan súdeast nei it suden fan Fryslân rint. Earder mûne de Tsjonger út yn de Sudersee by de Kúnder yn Oerisel, mar troch de oanlis fan de Ofslútdyk en Noardeastpolder is de mûning blokkearre. It wetter út de Tsjonger wurdt sûnttiid fia de Fryske boezem ôffierd.

Ein 19e iuw is de Tsjonger kanalisearre foar de skipfeart en ûntwettering. Dêrom wurdt tsjintwurdich faak sein fan it Tsjongerkanaal.

De Tsjonger wie eartiids ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny.

De rin fan de Tsjonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsjonger begjint by de Drintske grins, tusken De Haule yn de gemeente Eaststellingwerf en Feanhuzen yn de gemeente Noardenfjild yn Drinte. De rin gong likernôch dêr't it Hauler Diep leit. Fan dêr rint de rivier as de Boppe Tsjonger nei it westen en dan tusken Donkerbroek en Easterwâlde troch nei it suden.

Nei it krusen fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart rint de rivier nei it westen en súdwesten, ûnder de namme Tsjongerkanaal, om't de rivier hjir kanalisearre is, by Aldeberkeap del. Dêr lizze út en troch noch eardere meänders by de rivier, dêr't de grutste fan súdlik fan it Ketliker Skar lizze: de Tsjongerdellen. Foarby de Tsjonger-dellen rint de rivier nei it noardwesten, nei Mildaam, mar rint dan wer nei it súdwesten, oant de Engelenfeart.

Fan dêr ôf hjit de rivier gewoan De Tsjonger, en giet hieltyd noch kanalisearre fierder nei it súdwesten, oant de omkriten fan Rotstergaast ta. Dêr foarby giet de mear natuerlike rin fan de rivier fral nei it suden, troch It Wiid, foarby De Langelille, nei Skoattersyl.

Foarby Skoattersyl giet De Tsjonger troch de Tuskenlinde fierder nei Slikenboarch, dêr't eartiids de Linde der by kaam. De Linde brûkt no de âlde rin fan De Tsjonger, wylst De Tsjonger dêr nêst nei it suden rint troch it Nije kanaal. Sa komt de Tsjonger út by de Kúnder, dêr't De Tsjonger earder yn de Sudersee útmûne. Under de namme Alde Tsjonger leit eastliker noch in part fan in âldere rin, dy't wat westliker as Slikenboarch begûn en wat eastliker as de Kúnder yn see rûn.

Doe't yn 1998 bliken die, dat by ekstreem heech wetter it wetter net hurd genôch fuortkomme koe, binne oan de westkant fan de Tsjonger dielen fan de kaai ferlein en is dêr in stripe fan sompe en reidlân kaam. Ek is de kaai ferhege.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it teien fan de iisbedekking yn de tiid fan it Saalien (150.000-120.000 jaar lyn) bleau dêr in grut klaailiemplato efter yn Noard-Nederlân. Op it heger lizzend gebiet, it Frysk-Drintsk balstienliemplato, ûntstie in wetterstelsel dat it wetter nei de see brocht. De Tsjonger dy't doe ûntstie, is hjir in foarbyld fan. Yn de rin fan de tiid hat de Tsjonger in delling útsliten yn de balstienliem. Yn perioaden fan kjeld yn foaral de lêste iistiid (Weichselien) is troch de wyn boppe-op it liem deksân ôfset. Sûnt de lêste faze fan it Weichselien en it Holoseen dêroan ûntstie yn de Tsjongerdelling fean, foaral op legere dielen en oan de oeren.

Taalgrins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsjonger is in grinsrivier. It is de grins tusken de Stellingwerven en Frysktalich Fryslân, en dêrmei tusken Eaststellingwerf en Weststellingwerf oan de súdkant en It Hearrenfean en Skarsterlân oan de noardkant. Súdlik fan de Fjouwerhúster Feart wurdt it dan de grins tusken Weststellingwerf en Lemsterlân. En as lêste foarmet de Tuskenlinde de grins mei Oerisel.