Rotstergaast
Rotstergaast | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Skoatterlân |
Stimmen | 9 |
Ynwenners (2018) | 190↓ |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 54' NB, 5° 53' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8462 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Rotstergaast, earder ek Lytse Gaast, is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente De Fryske Marren. It doarp hat likernôch 215 ynwenners yn 2004 en 190 yn 2018.
Yn de namme ferwiist gaast nei "hichte" en ferwiist Rotster nei Rottum. Yn de midsiuwen waard it Rutnergast neamd. It westlike diel hiet eartiids Westergaast. Tusken Rotstergaast en Nijskoat lei Heechhout.
Yn 1315 hie Rotstergaast twa kapellen, ien dêrfan waaard parochytsjerke. It tsjerkhôf mei ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân leit op in hichte efter it tsjerkje. Dat tsjerkje wurdt ek as doarpshûs brûkt.
It hat gjin skoalle mear, de bern geane yn Sint Jansgea nei skoalle. Yn de âlde skoalle fan Rotstergaast wennet keunstner Allard Elout. Earder waard dit agraryske gebiet bewenne troch fiskers dy't De Tsjonger befearen.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kapel fan Rotstergaast. Sûnt 1986 bûten gebrûk. It tsjerklike oansjen fan it gebou bleau bewarre. Tsjintwurdige funksje: doarpshûs.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Biskopswei - neamd nei pleats De Biskop.
- Gaasterwei - foarmet de ferbining mei De Pôle yn Rotsterhaule.
- Skoatterwei - de dyk nei Aldskoat en Nijskoat.
- Snakkerbuorren - de buorskip Rotstergaast waard yn 1852 sa neamd troch master M.F. Koksma. Soe betsjutte kinne dat der in soad snakt of praten waard.
- Tsjerkepaad - paad nei it tsjerkje fan Aldskoat mei in draai oer de Engelenfeart mei klaphikjes.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |