Ballingboer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ballingboer, ek wol Ballingbuer is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren. De leit besuden Goaiïngaryp oan de Lykfeart en de Skiensleat. Mear westlik leit it Anjewiel en mear súdlik it Skarrewiel. Dat binne wielen dy't oerbliuwsels binne dfan dyktrochbrekken. Ballingboer leit ek by de Goaiïngarypster Puollen.

Hy leit noardwest fan De Broek en oan de súdkant fan Goaiïngaryp, dêr 't it ûnder falt. De bewenning fan de buorkip leit oan de Ballingboer en de Swettepoelsterdyk dêr't oarspronklik de Lykfeart en de Noardbroeksterfeart gearrûnen. De bewenning fan de noardlike punt fan de buorskip is opgien yn de beboude kom fan Goaiïngarijp en wurdt net altyd mar ta de buorskip rekkene.

Yn 18e iuw waard de buorskip fermelde as Balling Buir. Dy namme wiist nei alle gedachten op in 'pleats fan Balling'. Foar de gemeentlike weryndielingen yn 1984 lei Ballingboer yn de gemeente Doanjewerstâl, en fan 1984 oant 2014 lei it yn de gemeente Skarsterlân.

Yn dy buorskip sit ek It Skyldhûs, in opfangsintrum foar skyldpodden. It wol de omstannichheden foar skyldpodden by partikulieren ferbetterje en wol foarkomme dat de bistkes "dumpt" wurde.