Follegea

Ut Wikipedy
Follegea
Klokkenstoel Follega 05w.JPG
Sifers
Ynwennertal 180 (2021) [1]
Polityk
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente De Friese Meren vlag.svg De Fryske Marren
Oar
Postkoade 8535
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 53' N 5° 44' E

Follegea is in doarp yn it noarden fan de gemeente De Fryske Marren, earder Lemsterlân, oan de Follegeasleat. It doarp leit oan de Strjitwei, eartiids Ryksstrjitwei. De namme komt wierskynlik fan Folle (manljusnamme) + gea(lân).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch yn 1683 hie Follegea-Jistergeain eigen tsjerke, letter waard it ien gemeente mei De Lemmer. De tsjerke moast ek foar de skoalle soargje: it traktemint fan de master en it ûnderhâld fan it gebou.

De Follegeaster brêge oer de Follegeasleat jout útsjoch op de Tsjûkemar. De brêge stie al op de alderâldste kaarten oanjûn. Oan de brêge stie earder in herberch, dêr't oant 1900 tol betelle wurde moast troch dejingen dy't oer de brêge gienen of der ûndertroch. De tsjerke hie de plicht om yn Follegea de brêge te ûnderhâlden, teminsten foar de helte, de oare helte wie foar de grytman. Sa sil it ek wol west hawwe mei it toljild. Om sa'n tol te pachtsjen moast men alle jierren ynskriuwe, en it gie dan nei de heechste bieder.

Op 2 oktober 1799 woe in Ingelsk ynvaazjelegerke stellingen opsmite. It slagge in ploech wapene boargers dy't ûnderweis wiene nei De Lemmer om yn twa oanfallen de batterijen yn te nimmen. Dêrby waarden trije stik geskut, wêrûnder in achttjinpûner ferovere.

By de wetterfloed fan 1825 stie it hiele gea ûnder wetter, sadat de tolopbringsten ek minder waarden.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Feriening foar Doarpsbelang dielt Follegea mei Jistergea

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oranjeferiening, organisearre yn 2007 ek it "Spikerbroekhingjen"
  • Winterwille- iisklup

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2006 2021
Ynwenners 401 375 367 211 202 ± 200 153 180

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokkestoel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it begraafplak stiet ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. De klokkestoel waard al yn de 18e iuw neamd, is makke fan bilingahout en grien fan kleur mei in wite kape. De kap is in helmdak mei in hoanne en der lizze potdeksele pannen op. De klok mei in trochsneed fan 78 sm. is getten troch Peter van den Ghein, en waacht sawat 320 kilo.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Follegea Mûne is in yn 1857 boude spinnekop. De mûne wie in boufal yn 1968 en is nei ôfbraak yn Laag-Keppel opboud en restaurearre, dêr't de mûne noch jimmeroan stiet.
  • Der is in ferske skreaun oer in âld-ynwenner fan Follegea: De Stampers - De boeretryn (1976)
  • It ynstekhaventsje hjit De Jister.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Lytse Brekken, Dunegeawei, Strjitwei, Tramdyk.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldeouwerAldehaskeAldegeaAldemardumBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDolsterhuzenDikenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
  1. Alle Cijfers