Follegeasleat

Ut Wikipedy

De Follegeasleat is in feart tusken de Tsjûkemar en de Grutte Brekken (ek wol Lemster Brekken neamd). It is in ûnderdiel fan de farrûte Oerisel - Driewegsluis - Prinses Margrietkanaal. Oan de Follegeasleat is in camping. Der wurdt nije wiete natuer oanlein om in ekologyske ferbiningssône bylâns de Follegeasleat te krijen. By de Follegea-brêge oer de Follegeasleat stiene eartiids (1850) in tolhûs en in Roomske tsjerke.