Grutte Brekken

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Grutte Brekken

De Grutte Brekken of Lemster Brekken is in mar yn de gemeente De Fryske Marren tusken De Lemmer en Spannenburch. It is in langhalige mar. De mar hjit Grutte Brekken omdat der earder ek in Lytse Brekken wie, mar dy is ynpoldere.

Troch it Prinses Margrietkanaal, dat troch de mar rint, stiet de Grutte Brekken yn ferbining mei de Iselmar ( mei in slûs). En yn it noarden ferbynt dit kanaal de Grutte Brekken mei de Kûfurd. Fierder stiet de mar troch de Follegeasleat yn ferbining mei de Tsjûkemar.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]