Koegelwieck (natoergebiet)
Koegelwieck | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Formearum, Lies en Hoarn | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 400 ha | |
behear | Steatsboskbehear |
Koegelwieck is in dúngebiet en troch Steatsboskbehear beskerme natoergebiet op it waadeilân Skylge benoarden de doarpen Formearum, Lies en Hoarn. It dúngebiet is mear as 400 hektare grut en rint fan in Noardseestrân oant de binnendúnrâne. Koegelwieck wurdt beheard troch Steatsboskbehear.
In grut part fan it gebiet bestiet út drûge dunen mei in fegetaasje fan binten en skieppegers (Festuca filiformis). It noardlike diel fan it gebiet bestiet út in grutte lege delling mei planten as cranberry (Oxycoccus macrocarpos), knopspyts (Schoenus nigricans) en ferskate soarten wylde orchideeën.
In delling yn it súdeasten stiet bekend ûnder de namme Hoarnermiede en waard brûkt troch bewenners foar it weidzjen fan fee. Yn de delling is in grutte fegetaasje fan skieppeklokjes (Gentiana pneumonanthe). In delling yn it súdwesten stiet dy’t bekend is as de Liesingerplak (nei it doarp Lies), wurdt winterdeis brûkt as iisbaan en hat in grut groeiplak fan feanskerm (Apium inundatum). Ek groeie dêr bizesoarten.
It komôf fan de namme Koegelwieck is ûnbekend. Der waard wol miend dat de namme kaam út de tiid fan de Frânske besettingstiid om 1800 hinne.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- In hotel yn Hoarn (Skylge) hat de namme fan it natoergebiet.
- De yn Noarwegen boude katamaran Koegelwieck is nei dit gebiet neamd.