Formearum

Ut Wikipedy
Formearum

Formearum (Midslânsk: Femearum) is in doarp op it eilân Skylge. Formearum leit eastlik fan Midslân oan de dyk nei Hoarn. Formearum is boud op in âlde strânwâl dy't yn de iere midsiuwen ûntstien is. Op 1 jannewaris 2005 hie Formearum 228 ynwenners.

It doarp hat in iepen struktuer fan ferspraat steande pleatsen, dêr't inkele fan ta de âldste fan Skylge hearre.

Mole[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opfallend is de yn it doarp steande nôtmole. It is de ienige fan Skylge. Oarspronklik stie de mole op Dellewal by West-Skylge, mar yn 1875 is dy troch de mûnder fan Formearum opkocht en nei Formearum fersetten. De âlde mole fan Formearum, noch út de 16e iuw, is yn 1888 ôfbrutsen. De hjoeddeiske nôtmole stiet der moai by, mar mealt net mear. Der sit no in kofjerestaurant yn.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Formearum is fan oarsprong in boeredoarp. Feehâlderij wie de wichtichste ynkomsteboarne. Tsjintwurdich binne der net folle boeren mear yn Formearum, en wurdt it measte ynkommen út it toerisme helle. Benoarden Formearum steane in soad simmerhuzen byinoar: Formearum-Noard. By de strânoergong nei see stean twa hotels, mar ien stiet al jierren leech. Formearum hat in supermerk, twa restaurants en in kroech. Ek stiet dêr de cranberry-fabryk fan it Skylger cranberrybedriuw Van Urk. Fierders is yn Formearum de grutste jeugdkemping fan de Waadeilannen: kemping Appelhof.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Formearum gou yn de Midsiuwen as it grutste en belangrykste doarp fan East-Skylge. It doarp wurdt yn midsiuwske geskriften faak oantsjutten as Viveporten, Fiifpoarte. De namme skynt benammen te wizen op in kleaster dat hjir earder stien hat. Yn de âldste tsjerkelist fan Westergoa om 1270 hinne, wurdt ek de tsjerke fan Formearum neamd, wijd oan Sint Piter. Formearum hie yn dy tiid in eigen parochy en in eigen pastoar. Omdat Formearum om 1400 yn belangrykheid foarby stribbe waard troch de doarpen Midslân en Hoarn, wurdt fan 1440 ôf gjin nije pastoar oansteld, mar wurdt de parochy út Midslân wei bestjoerd.

De tsjerke fan Formearum bestie noch yn 1570, mar liket net lang dêrnei ferdwûn te wêzen. Wierskynlik is de tsjerke slim ferwaarleaze en nei de reformaasje en ôfbrutsen. Formearum is it berteplak fan Willem Barents, de ferneamde ûntdekkingsreizger dy't besocht troch in rûte benoarden Sibearje yn East-Aazje te kommen. Willem Barents hat yn de winter fan 1596-1597 yn it fan wrakhout makke "behouden huijs" op Nova Sembla oerwintere. Ien fan de karakteristike Skylger buorkerijen, it Spylske Huus, is yn 1759 boud en is in beskerme monumint. De pleats hat in lange trochrinnende daknaald mei in behoarlike seech (kromming). De pleats stiet oan de súdkant fan Formearum.

Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besuden Formearum leit de Formearumerpolder, in ûnderdiel fan de polder fan Skylge. De polder bestiet út greide mei stikken lân dy't noch slinkepatroanen hawwe út de tiid fan foar de oanlis fan de waaddyk. Yn de polder sitte in soad briedfûgels, lykas ljip, skries, tsjirk, strânljip, giele wipsturt en ljurk. Yn de Formearumerpolder leit de Formearumer einekoai, in koai yn partikuliere hannen, dy't net mear brûkt wurdt.

It Formearumerwiel by de waaddyk is in oerbliuwsel fan in dyktrochbraak. Benoarden Formearum leit de Formearumerbosk, in mingd bosk oanplante yn de dunen troch Steatsboskbehear tusken 1920 en 1930. It dúngebiet noardlik en eastlik fan de Formearumerbosk is it weardefolle natuerreservaat de Koegelwieck.