Springe nei ynhâld

Skries

Ut Wikipedy
skries
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiskriezen (Limosa)
soarte
Limosa limosa
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e snipfûgels yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes)..

De skries is ien fan 'e meast bekende greidefûgels. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op 'e hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn 'e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.

De skries wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as skrie of grito.

De skries is 37 oant 42 sm lang, hat in spanwiidte fan 63 oant 74 sm en weaget 280 oant 500 gram. Dêrmei is de soarte grutter as de besibbe heawylp, dy't by ús oerwinteret. Wyfkes binne likernôch 20% swierder as mantsjes. Trochstrings wurde skriezen 10 oant 15 jier âld, mei útsjitters oant wol 29 jier. De âldste skries waard yn april by Krommenie fûn. Troch de ring om 'e poat koe de âldens fan 'e fûgel fêststeld wurde op 29 jier, 9 moanne en 8 dagen.

Syn lange, rjochte snaffel is oranje by de basis en einiget yn in swarte punt. It folwoeksen mantsje is yn it briedkleed readbrún op 'e kop, nekke en it boarst. De boppekant is brúngriis en de ûnderkant is wyt mei donkere markearrings. It wyfke is wat bleker fan kleur. yn 'e flecht is in dúdlike wite wjukbân sichtber. De stút is wyt en de sturt is swart. Winterdeis oerhearskje brúngrize kleuren. Juvenilen ha in kanielbrune gloed oer it boarst

Ofbylden skries.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It briedgebiet fan 'e skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn 'e waadgebieten te sjen.

De soarte waard taksonomysk foar it earst beskreaun as Scolopax limosa troch Linnaeus yn 1758. De wittenskiplike namme stamt ôf fan it Latynske limus, wat "klaai" betsjut. Hjoed-de-dei wurdt de soarte yn it skaai Limosa yndield. De skries wurdt hjoed-de-dei meastentiids opdield yn fjouwer ûndersoarten:

Briedgebiet ûndersoarten.
  • Yslânske skries (L. l. islandica (C. L. Brehm, 1831)) – briedt op Yslân, de Shetlandeilannen, de Orkney-eilannen en by de Lofoten. De soarte briedt ek ûnregelmjittich op de Fêreu-eilannen. De fûgels dy't winterdeis yn Nederlân sjoen wurde (benammen yn Seelân) binne fan dizze ûndersoarte.
  • Jeropeeske skries (L. l. limosa) – de nominaatfoarm briedt yn Jeropa en westlik Aazje.
  • L. l. melanuroides (Gould, 1846) – briedt yn isolearre gebieten yn Sibearje beëasten de Jenisej, yn eastlik Mongoalje en yn noardeastlik Sina (populaasjes yn noardeastlik Sibearje binne nei alle gedachten bohaii); oerwinteret fan Yndia, Yndo-Sina, Taiwan en de Filipinen nei it suden ta oant Yndoneezje, Nij-Guineä, Melaneezje, Austraalje en wierskynlik Nij-Seelân.
  • L. l. bohaii (Zhu m.fl. 2020) – it krekte briedgebiet is ûndúdlik mar wierskynlik yn noardeastlik Sibearje; it ferspriedingsgebiet winterdeis is likemin folslein bekend, mar de soarte is waarnommen fan Hongkong en Fjetnam oant Tailân en Maleizje.
Skries op 'e hikke.

De fûgel komt yn 'e legere dielen fan ús lân foar. Bolwurken binne de fochtige, wiete klaai- en feangrûn mei konsintraasjes yn Fryslân, de Kop fan Oerisel, Noard-Hollân benoarden it Noardseekanaal en it Griene Hert. Op 'e hege grûnen is de soarte net algemien en oan 'e rivieren allinnich lokaal frij talryk. Om 1975 hinne waarden der noch 120.000 briedpearen yn Nederlân teld, al wie der doe ek al in tebekgong. Dy delgong hat trochset, wêrby't de fûgel út de hegere dielen fan Nederlân ferdwûn en de soarte him yn legere dielen allinnich noch mei in behearsoerienkomst hanthavenet. Alhoewol't ûntwikkelingen lykas it legere wetterpeil, ier meanen en de jacht lykas yn Frankryk in rol spilen by de delgong fan 'e fûgel, is ek predaasje in grutte bedriging. In grut tal piken ferdwynt yn 'e mage fan rôfdieren. In protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn 'e buert fan ljippen en tsjirken briede, sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.

Aai mei pykje.

As de fûgels yn maart fan 'e wintergebieten weromkomme, bliuwe se earste yn ûndjip wetter of wiet gerslân noch in skoft byinoar. De groep falt yn april út inoar en dan begjint it brieden. In lechsel bestiet trochstrings út fjouwer aaien. De fûgels briede om bar op 'e aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. Nei it útkommen fan 'e aaien passe de âlden noch sa'n fjouwer wike op 'e piken. Dit meie se graach dwaan troch op in hikkepealtsje de jongen te opstrewearjen.

De skries yt wjirms, ynsekten, larven. Yn 'e oerwinteringsgebieten ite se ek rys op rysfjilden.

De skries is de lêste tsien jier yn grutte parten fan Jeropa bot yn oantal ôfnommen. De Jeropeeske populaasje fan 'e nominaatfoarm L. l. limosa wurdt rûsd op 99.000–140.000 pear. Dêrfoaroer groeide de populaasje fan 'e ûndersoarte L. l. islandica sûnt de midden fan 'e jierren 1980 en hjoed-de-dei wurdt dy populaasje op 15.000 oant 25.000 pearen rûsd. Dochs nimt de wrâldpopulaasje ôf en in ûndersyk hat útwiisd dat de globale populaasje de lêste 15 jier mei 30% ôfnommen is. Fanwegen dy delgong wurdt de soarte op 'e Reade List fan 'e IUCN as kwetsber (VU) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt yn totaal rûsd op 450.000–585.000 folwoeksen yndividuen.