Springe nei ynhâld

Skylge

Ut Wikipedy
Skylge

De haven fan West-Skylge mei rjochts de Brandaris.
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
HaadplakWest-Skylge
Oerflak673,99 km²
    dêrfan lân86,16 km²
    dêrfan wetter587,83 km²
Ynwennertal4.900 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens57 ynw./km²
BoargemasterCaroline van de Pol (VVD)
Oprjochte1813
Oant 1942part fan Noard-Hollân
Netnûmer(s)0562
Postkoade(s)0881-8897
www.terschelling.nl
Haven fan Skylge, 1888 (fan Heinrich Petersen-Angeln

Skylge (Nederlânsk en offisjeel:Terschelling), yn de lokale Fryske dialekten Schylge, is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente mei 4.900 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Op Skylge stiet de Brandaris, de âldste fjoertoer fan Nederlân.

De gemeente beslacht 674 km² (wêrfan 587,83 km² wetter), mei in kustline fan 89 km. Noard fan Skylge leit de Noardsee; east it Borndjip; súd leit de Waadsee en west foarby in sânplaat it Fly. Ta de gemeente Skylge heart net allinnich it eilân Skylge sels, mar ek It Gryn, sa'n 12,5 km súd fan West.

Op Skylge lizze 15 offisjele plakken. It haadplak fan it eilân is West-Skylge.

Offisjele plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Midslân oan See

De 15 offisjele plakken (doarpen) op it eilân binne:

Ferdwûne delsettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skylge is ûntstien as sânwâl op de râne fan de Noardsee. Oant 1287 hie dy noch ferbining mei de Fryske wal, mar sûnt dy tiid is it in Frysk eilân. De slingen dy't it eilân nei west en nei east beheinden ,binne yn de rin fan de tiid fersâne, dat Skylge is yn beide rjochtingen grutter wurden.

Skylge hat in strategysk plak by de Flystream, dat it is yn de measte oarloggen yn Nederlân wol oanfallen wurden, somtiden fan beide kanten. It hearde dan ek de iene kear by Hollân, en de oare kear wer by Fryslân. Yn 1814 waard Skylge as in gemeente (sûnt 1813) opnommen yn 'e Provinsje Hollân (nei 1840 fan 'e Noard-Hollân).

Under de Twadde Wrâldoarloch waard it yn 1942 troch de Dútsers by Fryslân yndield, en dat is nei de oarloch sa bleaun. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wenne der ek in lytse Joadske mienskip op Skylge, dy't him dêrhinne ferspraat hie fan Harns út. Tsjin 1900 hiene de measten Joaden it eilân wer ferlitten. De famylje Pais, de lêst oerbleaune Joadske húshâlding op Skylge, waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Holokaust fermoarde.

Ferdieling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Skylge bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:

partij ferkiezings 2018[1] ferkiezings 2022[2]
% sitten % sitten
PVDA 32,6 4 17,6 2
VVD 25,6 3 23,1 3
PLAATSELIJK BELANG 18,7 2 27,0 3
CDA 12,9 1 13,0 1
SAMEN 10,2 1 19,3 2
opkomst/totaal sitten 67,2% 11 64,7% 11

Skylge hat twa Fryske dialekten: it Westersk (Schyllingers), sprutsen oan de westkant fan it eilân, en it Aastersk (Aasters), dat sprutsen wurdt yn de eastlike doarpen. Beide dialekten wike frijwat ôf fan de fêstewaldialekten, mar binne foar oare Westerlauwerske Friezen goed nei te kommen. Tusken dizze twa dialektgebieten leit in gebiet, Midslân en omkriten, dêr't Midslânsk (Meslânzers) sprutsen wurdt, in dialekt dat fergelykber is mei it Stedsk.

West-Skylge

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022
  2. Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen It Amelân Dantumadiel Eaststellingwerf Flylân De Fryske Marren Harns It Hearrenfean Ljouwert Noardeast-Fryslân Opsterlân Skiermûntseach Skylge Smellingerlân Súdwest-Fryslân Tytsjerksteradiel De Waadhoeke Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) Baarderadiel (1851–1984) Barradiel (1851–1984) It Bilt (1851–2018) Boalsert (1455–2011) Boarnsterhim (1984–2014) Doanjewerstâl (1851–1984) Dokkum (1298–1984) Dongeradiel (1984–2019) Drylts (1268–1984) East-Dongeradiel (1851–1984) Ferwerderadiel (1851–2019) Frjentsjer (1374–1984) (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) Gaasterlân (1851–1984) Gaasterlân-Sleat (1984–2014) Haskerlân (1851–1984) Hylpen (1372–1984) Himmelumer Aldefurd (1851–1984) Hinnaarderadiel (1851–1984) Idaerderadiel (1851–1984) Kollumerlân (1851–2019) Lemsterlân (1851–2014) Littenseradiel (1984–2018) Ljouwerteradiel (1851–2018) Menameradiel (1851–2018) Nijefurd (1984–2011) Raerderhim (1851–1984) Skarsterlân (1984–2014) Skoatterlân (1851–1934) Sleat (1426–1984) Snits (1292–2011) Starum (1061–1984) Utingeradiel (1851–1984) Warkum (1399–1984) West-Dongeradiel (1851–1984) (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje
Skylge
Doarpen en Utbuorrens:
AastereinBaaidunenFormearumHeeHoarnKaardKinumLanderumLiesMidslânStrypWest-Skylge
Buorskippen:
DellewâlHealweiHorpMidslân-NoardMidslân oan SeeWest oan See
· · Berjocht bewurkje